Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Oct 19, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
PC Kafee 2022 #1 - Min keatse en dochs winne, it kin 30.07.2022 53:26
Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 1, mei omtinken foar de PC's fan 1922, 1992 en 2002.
#170: Ferry de Haan oer komst Van Hooijdonk: “Het ging zeker niet zo gemakkelijk” 24.07.2022 48:43
Wite reek boppe it Abe Lensta Stadion. Sydney van Hooijdonk komt wer nei Sportklup Hearrenfean. Technysk manager Ferry de Haan praat der oer yn de Sportcast. En moat Cambuur him soargen meitsje nei de nederlaach yn de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle?
#169: Foeke Booy: "We leggen de lat hoog. We maken het ons zelf extra moeilijk" 18.07.2022 51:56
Lewis Fiorini kaam net by SC Hearrenfean, omdat hy op it allerlêste momint keas foar Blackpool. En ek Cambuur seach in transfer op it lêste momint net troch gean. Technysk managers Foeke Booy en Ferry de Haan oer de transfer-simmer fan Cambuur en SC Hearrenfean.
#168: Silvester van der Water: "Ik kom binnen als een leider" 11.07.2022 1:06:23
De djoerste oankeap ea fan SC Cambuur Silvester van der Water hat hege ferwachtings. Fan himsels en fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de sportcast en we belje mei Gerald van den Belt.
SportCast #167: Kees van Wonderen: "Ik ben geen tovenaar" 04.07.2022 1:01:08
It sil tiid kostje foardat Kees van Wonderen sc Hearrenfean nei syn hân set hat. Dat fertelt de nije trainer fan de klup yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #166: Riemer van der Velde: "Ik ha in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen" 27.06.2022 1:05:44
Earefoarsitter Riemer van der Velde hat in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen. Sneon stie de nije trainer fan sc Hearrenfean foar it earst op it trainingsfjild by de Feansters.
SportCast #165: Henk de Jong werom by Cambuur: "Sin om wer as in wervelwind troch it stadion te gean" 20.06.2022 1:08:50
Henk de Jong is nei in rêstperioade fan in lyts healjier werom by SC Cambuur. De lêste wiken is hy op de eftergrûn al drok dwaande en woansdei stiet er foar it earst wer op it fjild.
SportCast #164: Jan Dolstra: "Maradona kaam net nei my ta, sa fan: Hey Jan, do hjir ek" 13.06.2022 31:31
Mei syn 70 jier hat Jan Dolstra ferline wike ôfskie naam fan it KNVB. Dolstra wie yn de jierren 80 en 90 ien fan de beste assistint-skiedsrjochters fan Nederlân. Yn de Sportcaat ferteld hy oer syn belevenissen, wêrûnder in wedstriid mei Diego Armando Maradona.
SportCast #163: Mark Diemers werom nei SC Cambuur? "Ze hebben me gebeld" 06.06.2022 48:43
SC Cambuur hat fia Henk de Jong frege oft Mark Diemers derfoar iepen stiet om werom te kommen. Dat fertelt de 28-jierrige middenfjilder yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #162: Fryske assistint-skiedsrjochter bekûgele: "Soks ha ik noch noait meimakke" 30.05.2022 32:19
Assistint-skiedsrjochter Jan de Vries fan Gytsjerk is noch altyd oan it bekommen. Snein waard er by de wedstriid tusken ADO Den Haag en Excelsior bekûgele mei muntsjes, oanstekkers en sels in lyts fleske drank.
SportCast #161: Pander nei 22 jier fuort by sc Hearrenfean: "Dat docht hartstikke sear" 23.05.2022 55:13
Ronnie Pander hat noch altyd sliepeleaze nachten fan syn fuortgean by sc Hearrenfean. Nei 22 jier komt der in ein oan de gearwurking en dat docht 'hartstikke sear', seit Pander yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #160: Weromsjen op it seizoen fan Cambuur: "Het was een rollercoaster" 20.05.2022 1:03:05
Hege sportive piken en djippe persoanlike dalen. Sa kin it seizoen fan SC Cambuur it beste gearfette wurde. Yn in ekstra SportCast wurdt werom sjoen op it jier fan de Ljouwerters mei fjouwer haadpersoanen.
SportCast #159: Dream komt út foar Noppert: "Kâns moatte je mei twa hannen pakke" 16.05.2022 1:00:05
Der komt in dream út foar Andries Noppert mei it ûndertekenjen fan syn kontrakt by sc Hearrenfean. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân fertelt er wêrom.
SportCast #158: "Hearrenfean moat de Conference League net helje wolle" 09.05.2022 45:10
Yn Rotterdam rinne se de polonêze troch it finaleplak fan Feyenoord yn de Conference League. sc Hearrenfean soe dat toernoai fia de play-offs ek helje kinne, mar neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer moat it dat net wolle.
SportCast #157: Johnny Jansen sjocht knetterjende Fryske derby net fanút stadion: "Te pijnlijk" 02.05.2022 59:10
Ald-trainer Johnny Jansen fan sc Hearrenfean hat snein de Fryske derby tusken syn âld-klup en SC Cambuur fanôf syn eigen bank sjoen. Hy koe it noch net oer syn hert ferkrije om nei it Abe Lenstra Stadion te gean.
SportCast #156: "It is foar it earst dat Hearrenfean en Cambuur sa tichtby inoar sitte" 25.04.2022 57:37
Ien punt sit der tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur op de ranglist fan de earedivyzje. It makket de spanning allinnich mar grutter foar de Fryske derby fan oankommende snein.
SportCast #155: "Kees van Wonderen wordt een absolute toptrainer" 18.04.2022 41:08
Sc Hearrenfean moat bliid wêze mei it binnenheljen fan Kees van Wonderen. Dat seit Voetbal International-sjoernalist Marco Timmer yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #154: Sonny Stevens wol by Cambuur bliuwe, mar: "Ze weten ook dat ik geen haast heb" 11.04.2022 54:51
Sonny Stevens wol by SC Cambuur bliuwe, mar dan moat de klup him wol in bettere oanbieding dwaan. It kontrakt fan de keeper rint nei dit seizoen ôf.
SportCast #153: "Als je een scheve schaats rijdt, krijg je zo een blok hout in je nek" 04.04.2022 48:02
Spilers en trainers dy't oerstapten fan sc Hearrenfean nei FC Grins en oarsom. Ald-direkteur Hans Nijland fan FC Grins hat der neat mei, fertelt er yn de SportCast. Snein spylje beide ploegen tsjininoar yn de Derby van het Noorden.
SportCast #152: "Schwung by Cambuur is derút, der moat gau in nije trainer komme" 28.03.2022 41:04
SC Cambuur is yn petear mei in ynterim-trainer dy't Pascal Bosschaart en Martijn Barto bystean kin de rest fan it seizoen. De Ljouwerters spylje noch sân wedstriden.
SportCast #151: Ferry de Haan: "Kees van Wonderen was onze eerste keus" 21.03.2022 42:31
Kees van Wonderen stie boppe-oan it listje fan technysk manager Ferry de Haan om de nije trainer te wurden fan sc Hearrenfean. Dat fertelt De Haan yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #150: Ald-Hearrenfeantrainer Jan Everse: "Ik denk dat ze het gaan redden" 14.03.2022 47:21
It wie ôfrûne sneon njoggentich minuten ôfsjen foar âld-Hearrenfeantrainer Jan Everse. Mar hy seach de wedstriid tsjin RKC Waalwijk hielendal út en tinkt dat syn âld-wurkjouwer him hanthavenet.
SportCast #149: Aad de Mos mist karakter by Hearrenfean: "Het zijn veel zaalvoetballers" 07.03.2022 43:23
It punt by Willem ll waard fierd as in oerwinning, mar feit is dat sc Hearrenfean noch altyd net út de degradaasjesoargen is. Dat sjocht ek âld-fuotbaltrainer Aad de Mos yn de SportCast.
SportCast #148: Cambuur-held hat wer rjochte noas: "We zijn bezig met een goed masker" 28.02.2022 43:20
Doke Schmidt hopet snein gewoan meispylje te kinnen yn de wedstriid tsjin FC Twente. De ferdigener fan SC Cambuur hat moandei nei it sikehûs west, dêr't syn brutsen noas rjochtset is.
SportCast #147: Wim de Ron oer keeperswiksel Hearrenfean: "Totaal geen logische keuze" 21.02.2022 41:44
It is foar âld-keeper Wim de Ron ûnbegryplik dat Erwin Mulder de nije earste doelman is fan sc Hearrenfean. Mulder krijt de foarkar boppe Xavier Mous, dy't passearre is troch trainer Ole Tobiasen.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.