Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 378 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Jun 1, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

#181: Andries Noppert nei de nederlaach tsjin PSV: "Ik kin my absolút net fine yn dy krityk" 10.10.2022

Keeper Andries Noppert kin him net fine yn de krityk dy't der is op it spul fan sc Hearrenfean. "Wy witte sels ek wol dat we oanfallend mear bringe moatte. Mar we toane ús wol ree om alles te jaan. Soks hat ek tiid nedich."

#180: Cambuur skriuwt histoarje: "Dizze komt yn myn top trije" 03.10.2022

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen rint al jierrenlang om yn it Cambuur Stadion, mar sa'n wedstriid as ôfrûne sneon hat er noch net faak meimakke. Foar it earst yn de histoarje wûn SC Cambuur thús fan PSV.

#179: Mear eigen jeugd yn it earste fan Cambuur? "De kans wordt groter" 26.09.2022

Dat fuotballers as Jhondly van der Meer, Milan Smit en Floris Smand trochbrekke yn it earste fan SC Cambuur is in logysk gefolch fan de ynfestearrings yn de jeugdoplieding. Dat seit it haad dêrfan, Fedrik Houtstra, yn de SportCast.

#178: Harm Zeinstra oer Oranje-oprop Noppert: "Kin gjin oare reden betinke as foar de penalty's" Video 19.09.2022

Keepersanalist Harm Zeinstra tinkt dat Andries Noppert oproppen is foar it Nederlânsk alvetal fanwege it kearen fan strafskoppen. Dat fertelt de âld-keeper moandei yn de SportCast.

#177: Johnny Jansen slút rentree út: “Voorlopig even geen Heerenveen” 12.09.2022

Johnny Jansen komt foarearst net werom yn in offisjele funksje by sc Hearrenfean. De âld-trainer hat al wol wer yn it stadion west, mar in weromkear sjocht er trijekwart jier nei syn ûntslach noch net sitten.

#176: Foeke Booy oer syn takomst by Cambuur: "Er zit enorm veel twijfel" 05.09.2022

Foeke Booy wit net oft er kommend seizoen noch technysk manager is by SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en hy wit net goed oft er wol by de klup bliuwe wol, fertelt er yn de SportCast.

#175: Ferry de Haan: "Vertrek Amin Sarr onwaarschijnlijk" 29.08.2022

Noch twa nachtjes sliepe en dan witte we hoe't de seleksjes fan Hearrenfean en Cambuur der út sjogge. Technysk manager Ferry de Haan skoot oan en ferwachtet dat der neat mear fuortgiet.

#174: Heit Pierre easket goals fan soan Sydney: "Als spits moet je in de dubbele cijfers komen" 22.08.2022

Sydney van Hooijdonk moat dit seizoen minimaal tsien doelpunten meitsje foar sc Hearrenfean. Dat fertelt syn heit Pierre moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

#173: "Andries Noppert kin it boechbyld fan sc Hearrenfean wurde" 15.08.2022

Lykas tsjin Sparta Rotterdam, spile sc Hearrenfean mei 0-0 lyk tsjin Feyenoord. De man dy't útgroeide ta held fan Hearrenfean is doelman Andries Noppert. De Jouster bliuwt sels tige nuchter ûnder syn optreden.

#172: "As je thús fan Excelsior ferlieze, moatte je je grutte soargen meitsje" 08.08.2022

It wie in grutte tebeksetter: de 2-0 nederlaach fan SC Cambuur tsjin promovendus. Der wiene al soargen oer de Ljouwerters en dy binne noch allinnich noch mar grutter wurden, is te hearren yn de SportCast.

PC Kafee 2022 #3 - Foarútsjen mei feteranen en debutanten 02.08.2022

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 3, mei omtinken foar de fan PC 2012 en foar de debutanten fan dit jier.

#171: Cambuur moat fiif spilers ynpasse: "Dat kin in probleem wurde" 01.08.2022

By sc Hearrenfean rint hast alles op roltsjes, sa krekt foar de start fan it earedivyzjeseizoen. Tritich kilometer fierderop yn Ljouwert is dat oars, wat yn de SportCast liedt ta twivels oer SC Cambuur.

PC Kafee 2022 #2 - Suksessen en fersteurde persoanlike ferhâldingen 31.07.2022

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 2, mei omtinken foar de PC's fan 1972 en 1982.  

PC Kafee 2022 #1 - Min keatse en dochs winne, it kin 30.07.2022

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 1, mei omtinken foar de PC's fan 1922, 1992 en 2002.

#170: Ferry de Haan oer komst Van Hooijdonk: “Het ging zeker niet zo gemakkelijk” 24.07.2022

Wite reek boppe it Abe Lensta Stadion. Sydney van Hooijdonk komt wer nei Sportklup Hearrenfean. Technysk manager Ferry de Haan praat der oer yn de Sportcast. En moat Cambuur him soargen meitsje nei de nederlaach yn de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle?

#169: Foeke Booy: "We leggen de lat hoog. We maken het ons zelf extra moeilijk" 18.07.2022

Lewis Fiorini kaam net by SC Hearrenfean, omdat hy op it allerlêste momint keas foar Blackpool. En ek Cambuur seach in transfer op it lêste momint net troch gean. Technysk managers Foeke Booy en Ferry de Haan oer de transfer-simmer fan Cambuur en SC Hearrenfean.

#168: Silvester van der Water: "Ik kom binnen als een leider" 11.07.2022

De djoerste oankeap ea fan SC Cambuur Silvester van der Water hat hege ferwachtings. Fan himsels en fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de sportcast en we belje mei Gerald van den Belt.

SportCast #167: Kees van Wonderen: "Ik ben geen tovenaar" 04.07.2022

It sil tiid kostje foardat Kees van Wonderen sc Hearrenfean nei syn hân set hat. Dat fertelt de nije trainer fan de klup yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #166: Riemer van der Velde: "Ik ha in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen" 27.06.2022

Earefoarsitter Riemer van der Velde hat in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen. Sneon stie de nije trainer fan sc Hearrenfean foar it earst op it trainingsfjild by de Feansters.

SportCast #165: Henk de Jong werom by Cambuur: "Sin om wer as in wervelwind troch it stadion te gean" 20.06.2022

Henk de Jong is nei in rêstperioade fan in lyts healjier werom by SC Cambuur. De lêste wiken is hy op de eftergrûn al drok dwaande en woansdei stiet er foar it earst wer op it fjild.

SportCast #164: Jan Dolstra: "Maradona kaam net nei my ta, sa fan: Hey Jan, do hjir ek" 13.06.2022

Mei syn 70 jier hat Jan Dolstra ferline wike ôfskie naam fan it KNVB. Dolstra wie yn de jierren 80 en 90 ien fan de beste assistint-skiedsrjochters fan Nederlân. Yn de Sportcaat ferteld hy oer syn belevenissen, wêrûnder in wedstriid mei Diego Armando Maradona.

SportCast #163: Mark Diemers werom nei SC Cambuur? "Ze hebben me gebeld" 06.06.2022

SC Cambuur hat fia Henk de Jong frege oft Mark Diemers derfoar iepen stiet om werom te kommen. Dat fertelt de 28-jierrige middenfjilder yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #162: Fryske assistint-skiedsrjochter bekûgele: "Soks ha ik noch noait meimakke" 30.05.2022

Assistint-skiedsrjochter Jan de Vries fan Gytsjerk is noch altyd oan it bekommen. Snein waard er by de wedstriid tusken ADO Den Haag en Excelsior bekûgele mei muntsjes, oanstekkers en sels in lyts fleske drank.

SportCast #161: Pander nei 22 jier fuort by sc Hearrenfean: "Dat docht hartstikke sear" 23.05.2022

Ronnie Pander hat noch altyd sliepeleaze nachten fan syn fuortgean by sc Hearrenfean. Nei 22 jier komt der in ein oan de gearwurking en dat docht 'hartstikke sear', seit Pander yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #160: Weromsjen op it seizoen fan Cambuur: "Het was een rollercoaster" 20.05.2022

Hege sportive piken en djippe persoanlike dalen. Sa kin it seizoen fan SC Cambuur it beste gearfette wurde. Yn in ekstra SportCast wurdt werom sjoen op it jier fan de Ljouwerters mei fjouwer haadpersoanen.

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.