Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Oct 12, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
#216: Reijnen net benaud foar twa kapiteins op it Cambuur-skip: "Geen onwerkbare situatie" 12.06.2023 54:13
Der leit nochal wat op syn buordsje: it segryn fuortspiele fan foarich seizoen, it gearstallen fan in nije seleksje en it oplossen fan de kwestje fan de twa haadtrainers. De nije technysk direkteur Etiënne Reijnen fan SC Cambuur wol der noch net safolle oer kwyt.
#215: Sydney van Hooijdonk: "Je kunt niet zeggen dat het seizoen geslaagd is" 05.06.2023 56:20
Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk sjocht mei mingde gefoelens werom op syn tiid by sportklup Hearrenfean. Yn de Sportcast fertelt hy oer syn eigen ûntwikkeling, oer it famyljegefoel by de klup en oer it ôfrûne seizoen. "We zijn nooit echt stabiel geweest."
#214: Michel Vlap: "Wij klappen erop en gaan gewoon van Heerenveen winnen" 30.05.2023 48:24
As it oan Michel Vlap leit, sit it aventoer fan sc Hearrenfean yn de play-offs der nei ien ronde op. Vlap spilet by FC Twente en dat is de tsjinstanner yn de earste ronde fan de neikompetysje.
#213: 'Masterscout' Hans Anker: "Hearrenfean moat Sander van de Streek helje" 22.05.2023 55:04
Der moat op it middenfjild fan sc Hearrenfean in spiler by dy't in doelpunt meitsje kin. Ambassadeur fan Hearrenfean Hans Anker hat wol in suggestje: âld-Cambuurspiler Sander van de Streek.
#212: Hûnderttûzen fans huldigje Sipke Hulshoff en Feyenoord: "Echt grandioas om mei te meitsjen" 15.05.2023 57:44
It is it hichtepunt fan syn karriêre: Sipke Hulshoff waard snein as assistint-trainer fan Feyenoord kampioen fan de earedivyzje. Moandei waard de ploech huldige op de Coolsingel yn Rotterdam.
#211: Cambuur-direkteur Ard de Graaf timperet ferwachtings: "Met dit budget ongeveer vijfde club van de eerste divisie" 08.05.2023 58:07
SC Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol net al te hege ferwachtings sketse foar folgjend seizoen yn de earste divyzje. Neffens De Graaf hat Cambuur ûngefear it fyfde budzjet. "Dan kan ik wel gaan roepen dat we kampioen worden, maar dan ga ik een verwachting wekken, wat niet realistisch is."
#210: Maarten de Jong yrritearre oer bekerfinale: "Met mij had Tadic in vak vier gehangen" 01.05.2023 51:44
Alve giele kaarten. Nea earder waarden der safolle kaarten útdield yn in bekerfinale. De fuotbalwrâld sprekt skande fan it gedrach fan de Ajax- en PSV-spilers en dy frustraasje dielt ek âld-fuotballer Maarten de Jong yn de Sportcast.
#209: Bosschaart nimt mei pine yn it hert ôfskie by Cambuur: "Tuurlijk doet het me wat" 24.04.2023 53:46
Pascal Bosschaart moat SC Cambuur nei fjouwer jier ferlitte, jierren wêr't er suksessen yn belibbe mei de klup. It beslút op himsels kin er akseptearje, mar de wize wêr't de direksje dat op fertelde net.
#208: "Ik haw leaver Uldrikis as Van Hooijdonk" 17.04.2023 58:04
Der binne mar twa spilers yn Nederlân dy't mear kompetysjedoelpunten makken as Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk. Dochs sjocht Geert Jelle de Vries leaver Roberts Uldrikis fan Cambuur yn de spits.
#207: Cees Roozemond: "Het waren vier pittige jaren" 11.04.2023 52:14
Cees Roozemond hâldt der nei fjouwer jier as direkteur by sc Hearrenfean mei op. It wienen pittige jierren, wêryn't hy ek de nedige ûnsympatike besluten nimme moast. Dochs sjocht Roozemond posityf nei de takomst fan de klup.
#206: Alex Bangura wol noch sân wedstriden fjochtsje foar Cambuur: "En dan in de zomer vertrekken" 03.04.2023 54:18
De kâns is grut dat oanfierder Alex Bangura dwaande is oan syn lêste seizoen by SC Cambuur. Hy hat in ôfspraak mei de klup dat er kommende simmer fuort mei.
#205: Gertjan Verbeek oer Virgil van Dijk: "Een slapjanus eerste klas" 27.03.2023 1:04:56
Gertjan Verbeek is net te sprekken oer de oanfierder fan it Nederlânsk âlvetal Virgil van Dijk. Verbeek soe him syn oanfierdersbân ôfnimme. "Dat is een slapjanus eerste klas."
#204: Doemsenario driget nei debakel yn Rotterdam: "It wie Cambuur-ûnweardich" 20.03.2023 47:15
Noch acht wedstriden hat SC Cambuur om degradaasje foar te kommen, mar nei de nederlaach tsjin Excelsior (4-1) sjocht it der min út. De Ljouwerters lieten harren yn Rotterdam fan de minste kant sjen.
#203: Excelsior-trainer Marinus Dijkhuizen hat min nijs foar Cambuur-fans 13.03.2023 45:06
Mei de degradaasjekreaker tusken Excelsior en SC Cambuur yn it fersjit, hat Marinus Dijkhuizen yn de Sportcast in min boadskip foar de Ljouwerter fans.
#202: "Hearrenfean spilet it leukste fuotbal fan Nederlân" 06.03.2023 49:55
Hokker earedivyzjeploech spilet der fuotbal dat fermaakliker is om nei te sjen as dat fan sc Hearrenfean? De beide Omrop-klupfolgers fan Hearrenfean binne der wol oer út: gjinien.
#201: Degradaasjespûk yn Noard-Nederlân, mar: "Excelsior is het slechtste team" 27.02.2023 54:24
Excelsior hat de grutste kâns om út de earedivyzje te degradearjen en dus net hikkesluter SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de degradaasjesoargen fan de trije klups út Noard-Nederlân bepraat.
#200: Sahraoui blinkt út yn Fryske derby: "Smaakmakker wêrfoar je nei it stadion komme" 20.02.2023 43:48
Osame Sahraoui makket yndruk yn syn earste wiken by sc Hearrenfean. Yn de Sportcast wurdt de rol fan de Noar yn de Fryske derby prize.
#199: Tahiri skoarde twa kear yn de Fryske derby: "Dat blijft je je hele leven bij" 13.02.2023 52:55
It winnende doelpunt fan Anas Tahiri yn de lêste Fryske derby hat safolle yndruk makke op de middenfjilder, dat er dat noait ferjitte sil. Snein giet Tahiri mei Hearrenfean op besite by Cambuur.
#198: Oanwinst Mimoun Mahi wol Cambuur rêde: "Ik maak er minimaal vijf" 06.02.2023 44:27
SC Cambuur hie tsjin Ajax hielendal neat yn te bringen en hat it lêste plak wer oernaam fan FC Grins. Mar mei noch fjirtjin finales te gean bliuwt Mimoun Mahi posityf en giet hy derfan út dat de Ljouwerters de play-offs ûntrinne: "Wij blijven erin!"
#197: Bruorren Anker ha fjouwer spitsen foar Hearrenfean: "We willen meebetalen" 30.01.2023 54:20
No't Amin Sarr ferkocht wurdt troch sc Hearrenfean, moat der in nije spits komme. Wim Anker is ambassadeur fan de Feansters en hat wol in oantal suggestjes foar technysk manager Ferry de Haan.
#196: "Kin Van Hooijdonk net nei Cambuur?" 23.01.2023 53:38
Sydney van Hooijdonk wol miskien fuort by sc Hearrenfean. De buorman yn Ljouwert siket noch in spits. Ien en ien is twa, neffens de Omrop-ferslachjouwers yn de nije Sportcast.
#195: Cambuuroanfierder Léon Bergsma wol faker mei de fûst op tafel slaan 16.01.2023 58:31
Yn dizze Sportcast prate we mei Léon Bergsma fan SC Cambuur. Oer syn rol yn it alvetal en oer de kânsen fan Cambuur om degradaasje te ûntrinnen.
Hynstesportcast: Jurre 495 is de absolute topfavoryt 11.01.2023 50:11
Jurre 495 kin sneon foar de fiifde kear útroppen wurde ta algemien kampioen. In unikum. "Ik hoop dat Jurre kampioen wurdt, want takom jier wurdt hy it net", seit fokker Age Okkema fan Sigerswâld.
#194: By Cambuur is it in kwestje fan degradearje of ynvestearje 09.01.2023 44:10
Nei de dramatyske nederlaach tsjin FC Volendam is foar Cambuur no der op of der ûnder. Oftewol: spilers helje of degradearje.
#193: Sandor van der Heide benaud foar degradaasje Cambuur: "Dat is mijn gevoel" 02.01.2023 1:02:04
As SC Cambuur dizze transferperioade gjin nije spilers hellet, degradearret it nei de earste divyzje. Dat is wêr't klupikoan Sandor van der Heide benaud foar is.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.