Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 389 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 12, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

#240: "Michael Breij giet dizze transferperioade net fuort by Cambuur" 15.01.2024

Der wurdt dizze winterske transferperioade gjin fjoerwurk ferwachte by SC Cambuur. Dat is tritich kilometer fierderop by sc Hearrenfean hiel oars. En yn de Sportcast is beslach lein op it 'polletje' fan Andries Noppert.

#239: Jan de Jonge oer sc Hearrenfean: "Het fundament van de club is achteruitgegaan" 08.01.2024

Jan de Jonge is krekt werom út Libanon en wol wer oan de slach yn de fuotbalwrâld yn Nederlân. In amateurklup of by syn âlde leafde Hearrenfean. De Jonge is beskikber, sa fertelt hy yn de Sportcast.

Sportkafee Bakker en De Vries 30.12.2023

Reedrydcoach Jillert Anema hat sneon de oeuvrepriis fan Sport Fryslân krigen. 'It orakel fan Bontebok' wurdt priizge foar hoe't er it bêste út syn riders krije kin, mei syn soms ûnkonvinsjonele oanpak. De priis waard útrikt yn 'Sportkafee Bakker en De Vries'. Jillert Annema wie tegearre te gast mei Cambuur-trainer Henk de Jong. Yn de podcast seagen sy mei oare gasten werom op in tal sportive hicht...

#238: Dé fjouwer fuotbalmominten fan 2023 yn de eagen fan de Sportcast Video 25.12.2023

It is de tiid fan weromsjen, foarútsjen en it meitsjen fan goeie foarnimmens. We sjogge yn de Sportcast werom op it fuotbaljier 2023 yn in spesjale krystôflevering.

#237: Foppe de Haan foar kontraktferlinging Van Wonderen: "Mar wol ûnder betingst" 18.12.2023

Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe it ferlinge, mar hat noch wol in tal opmerkings. Dat seit er yn de Sportcast.

#236: Henk de Jong wol ôfrinnend kontrakt ferlingje: "As Cambuur wol, dan komme we derút" 11.12.2023

Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#235: Neist entûsjasme oer swingend Hearrenfean ek soargen oer finânsjen: "It is in sinkend skip" 04.12.2023

Sportklup Hearrenfean swingde freedtejûn. It stadion genoat, it fuotbal wie moai en Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Almere City. Dochs binne der neffens âld-fuotballer Geert Jelle de Vries ek soargen. Foaral finansjeel.

#234: "It is skandalich dat Etiënne Reijnen Cambuur no alwer ferlit" 27.11.2023

Dat technysk direkteur Etiënne Reijnen al nei in healjier fuort giet by SC Cambuur, is eksimplarysk foar it gebrek oan loyaliteit yn de fuotbalwrâld. Dat sizze de sportferslachjouwers yn de Sportcast.

#233: Van Amersfoort bliid dat hy fan de nul ôf is: "Het vrat aan me" 20.11.2023

It is noch krekt gjin nasjonale diskusje: wa moat der yn de spits by sc Hearrenfean? Is dat Daniel Karlsbakk? Moat dat Ion Nicolaescu wurde? Of moat Pelle van Amersfoort der yn? Dy lêste is te gast yn de Sportcast en skoarde de lêste kompetysjewedstriid syn earste goal fan dit seizoen. "Het vrat aan me."

#232: "Nicolaescu moat yn de basis by de kommende wedstriid fan Hearrenfean" 13.11.2023

It giet hieltyd better mei sportklup Hearrenfean. De ploech spilet better en is opklommen nei it tsiende plak. Mar oft dêrmei it lek folslein boppe is, oft trainer Kees van Wonderen wis is fan syn plak op de bank en oft de play-offs dit seizoen wol helle wurde, is noch mar de fraach.

#231: Sandor van der Heide: "Cambuur speelt onder Henk de Jong beter voetbal" 06.11.2023

De wikseling fan trainer by SC Cambuur hat in positive wurking hân. Neist dat der ûnder trainer Henk de Jong no twa kear wûn waard, sjocht it fuotbal der ek better út. Dat fynt âld-fuotballer Sandor van der Heide.

#230: "Henk de Jong en Cambuur spylje in spultsje rûnom Silvester van der Water" 30.10.2023

SC Cambuur stekt de wierheid fan it konflikt tusken trainer Henk de Jong en Silvester van der Water mei opset sin yn 'e dôfpot. Dat sizze de beide Cambuurferslachjouwers fan Omrop Fryslân yn de Sportcast.

#229: Earefoarsitter Ype Smid hie Ultee al yn de simmer ferfong: "Had Grim voor de groep gezet" 23.10.2023

As it oan earefoarsitter Ype Smid fan SC Cambuur lein hie, dan hie trainer Sjors Ultee ôfrûne simmer dien krigen. Yn de Sportcast leit Smid út dat hy Fred Grim in bettere kandidaat fûn.

#228: Hearrenfeanspiler Luuk Brouwers: "Ik scoor dit seizoen minimaal vijf goals" 16.10.2023

Luuk Brouwers is troch sc Hearrenfean fan FC Utrecht oernaam en sa is hy wer werom by trainer Kees van Wonderen. Yn de Sportcast praat hy oer syn bân mei de trainer, oer syn tiid by FC Utrecht en de krityk op Van Wonderen.

#227: "It sentimint rûn Henk de Jong wie net tsjinoan te wrotten troch Sjors Ultee" 09.10.2023

Dat Sjors Ultee dien krigen hat by SC Cambuur, kin net los sjoen wurde fan de beskikberheid fan Henk de Jong. Dat is de lêzing yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#226: "Noch ien ketser fan Noppert en dan moat Van der Hart deryn" 02.10.2023

De malêze dêr't sc Hearrenfean op dit stuit yn sit, komt mei trochdat Andries Noppert syn nivo net hellet. It geduld fan sportferslachjouwer Roelof de Vries mei Noppert rekket op, sa seit er yn de Sportcast.

#225: "De fans fan Hearrenfean moatte har skamje" 25.09.2023

De sprekkoaren oan it adres fan trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean binne net terjochte. Dat seit sportferslachjouwer Roelof de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân..

#224: Michael Breij: "Tuurlijk kunnen we met deze ploeg kampioen worden" 18.09.2023

SC Cambuur kin kampioen wurde fan de earste divyzje. Dat tinkt Michael Breij. Al moat de ploech dan wol folwoeksenheid toane as it yn in mindere faze sit, sa seit Breij yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#223: Geert Jelle de Vries: "Van Wonderen hellet de kryst, mar..." 11.09.2023

Trainer Kees van Wonderen moat ferdigenjender spyljen gean mei sc Hearrenfean. Dat fynt âld-fuotballer Geert Jelle de Vries yn de Sportcast.

#222: Ferry de Haan ferwachtet basisplak foar Noppert yn Oranje: "Ik zet m'n geld op Andries" 04.09.2023

It is wer safier: ús lân hat wer in nasjonale keepersdiskusje. Wa moat by it Nederlânsk alvetal op 'e goal stean no't Justin Bijlow blessearre is? As direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean de bûnscoach wie, dan hie er foar Andries Noppert keazen.

#221: Ynvestearder Van den Brink bliuwt by Cambuur: "Woerts is een sprookjesverteller" 28.08.2023

Ynvestearder Bert van den Brink sit noch gewoan yn it stiftingsbestjoer fan SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de geroften tsjinsprutsen dy't marketeer Chris Woerts ferline wike de wrâld yn holp yn it programma Vandaag Inside.

#220: "Andries Noppert moat nei in topklup om yn byld te bliuwen by Oranje" Video 21.08.2023

De doelman is mei syn klup sc Hearrenfean yn petear oer kontraktferlinging, mar neffens de analisten fan Omrop Fryslân kin hy better de stap nei in oare klup meitsje.

#219: Van der Heide herkent wol wat yn Nicolaescu: "Hij is een beetje de nieuwe Camataru" Video 14.08.2023

Ald-fuotballer Sandor van der Heide stekt syn bewûndering foar Wiebe Kooistra en Ion Nicolaescu net ûnder stuollen of banken. Beide manlju skoarden by harren debút. De ien rêde foar SC Cambuur in punt tsjin FC Emmen en de oar makke de hege ferwachtings wier mei de iepeningstreffer foar sc Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk.

#218: De Sportcast is werom: "Mar we meitsje ús wol soargen" Video 07.08.2023

De Sportcast is nei de simmerstop wer werom. Eltse moandei binne we der wer en beprate we alles rûn sportklup Hearerenfean en SC Cambuur. Hoe komt it dit seizoen?

#217: Henk de Jong hopet op rentree as trainer yn septimber 19.06.2023

As alles neffens plan ferrint, kin Henk de Jong yn septimber wer oan it wurk. De fuotbaltrainer is no noch herstellende fan de operaasje oan syn holle. Dêr by is in grut part fan in kyste fuorthelle.

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.