Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jun 1, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
#254: Ferry de Haan ûntkent 'ûntbleating' Hélène Hendriks: "Dit was fake news ja" 22.04.2024 54:58
Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#253: Is Van Persie en Hearrenfean wol in match? "Ik wit net oft hy in middenmoater manage kin" 15.04.2024 49:48
Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Âld-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.
#252: Cambuuroanfierder Van Kaam leaut noch yn heljen play-offs: "Een grote kans" 08.04.2024 54:34
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#251: Moat Cambuur ta de beurs foar Lambooij? "Ik fyn in ton wol in soad jild" 01.04.2024 44:38
De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearje sil as nije technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.
#250: Van der Heide sjocht yn Hulshoff nije Hearrenfeantrainer: "Hij kan het stadion weer vol krijgen" 25.03.2024 1:03:58
Sipke Hulshoff is de dreamde kandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskie nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#249: "Henk de Jong giet net nei Liverpool" 18.03.2024 51:21
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnoege om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yn giet.
#248: Van Wonderen oer ôfskied Hearrenfean: "Er waren een paar heikele punten" 11.03.2024 1:03:04
Kees van Wonderen hâldt nei dit jier op by SC Hearrenfean. Yn de Sportcast sjogge de oanwêzigen mei de trainer werom op syn tiid yn Fryslân. Ek rjochtsje se de blik nei de takomst. Wat sil er nei de simmer dwaan, en wa moat it stokje fan him oernimme?
#247: Fraachtekens by kar Van Wonderen om Tahiri te wikseljen: "In fernedering" 04.03.2024 56:44
Hie trainer Kees van Wonderen de sitewaasje rûn de wiksel fan Anas Tahiri oars oanpakke moatten? Yn de Sportcast binne de mienings ferdield.
#246: Johnny Jansen hopet oait werom te kommen by Hearrenfean: "Ik sta daar wel open voor in de toekomst" 26.02.2024 53:07
Trainer Johnny Jansen is sûnt in heal jier haadtrainer by PEC Zwolle. Snein komt hy wer werom nei it Abe Lenstra Stadion foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Oait tinkt hy der ek wol oan om noch werom te kommen by Hearrenfean.
#245: Hearrenfean is hillich foar Riemer van der Velde, mar: "Somtiden is it wol selskastijing" 19.02.2024 57:24
Der is eins gjin thúswedstriid fan Sportklup Hearrenfean dy't earefoarsitter Riemer van der Velde oerslacht. Mar alle kearen nei it Abe Lenstra Stadion is dit seizoen net altyd like maklik, sa jout de 83-jierrige âld-bestjoerder ta yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#244: Ard de Graaf wol ôfrekkenje mei 'bekertraumaatje': "Voor mij is thuis spelen een 10" 12.02.2024 55:41
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#243: Verbeek fynt dat Hearrenfean Van Wonderen bongelje lit: "Zo laat je weten dat je twijfels hebt" 05.02.2024 53:50
It is in teken fan swakte dat Kees van Wonderen noch net wit oft sc Hearrenfean syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wol. Dat fynt âld-trainer Gertjan Verbeek.
#242: Rekket Andries Noppert syn basisplak kwyt? "It is net allinnich mar pech, it is in tendins" 29.01.2024 51:43
It is foarearst klear mei Andries Noppert op 'e goal by sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen moat Mickey van der Hart de foarkar jaan, falt te hearren yn de Sportcast.
#241: Martijn Barto: "Ik wil ooit hoofdtrainer bij Cambuur worden" 22.01.2024 53:09
Martijn Barto is no noch assistint-trainer fan SC Cambuur, mar op termyn hopet er sels de einferantwurdlikheid te hawwen. Dat seit de âld-fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#240: "Michael Breij giet dizze transferperioade net fuort by Cambuur" 15.01.2024 48:47
Der wurdt dizze winterske transferperioade gjin fjoerwurk ferwachte by SC Cambuur. Dat is tritich kilometer fierderop by sc Hearrenfean hiel oars. En yn de Sportcast is beslach lein op it 'polletje' fan Andries Noppert.
#239: Jan de Jonge oer sc Hearrenfean: "Het fundament van de club is achteruitgegaan" 08.01.2024 54:04
Jan de Jonge is krekt werom út Libanon en wol wer oan de slach yn de fuotbalwrâld yn Nederlân. In amateurklup of by syn âlde leafde Hearrenfean. De Jonge is beskikber, sa fertelt hy yn de Sportcast.
Sportkafee Bakker en De Vries 30.12.2023 1:58:34
Reedrydcoach Jillert Anema hat sneon de oeuvrepriis fan Sport Fryslân krigen. 'It orakel fan Bontebok' wurdt priizge foar hoe't er it bêste út syn riders krije kin, mei syn soms ûnkonvinsjonele oanpak. De priis waard útrikt yn 'Sportkafee Bakker en De Vries'. Jillert Annema wie tegearre te gast mei Cambuur-trainer Henk de Jong. Yn de podcast seagen sy mei oare gasten werom op in tal sportive hicht...
#238: Dé fjouwer fuotbalmominten fan 2023 yn de eagen fan de Sportcast Video 25.12.2023 52:49
It is de tiid fan weromsjen, foarútsjen en it meitsjen fan goeie foarnimmens. We sjogge yn de Sportcast werom op it fuotbaljier 2023 yn in spesjale krystôflevering.
#237: Foppe de Haan foar kontraktferlinging Van Wonderen: "Mar wol ûnder betingst" 18.12.2023 1:02:19
Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe it ferlinge, mar hat noch wol in tal opmerkings. Dat seit er yn de Sportcast.
#236: Henk de Jong wol ôfrinnend kontrakt ferlingje: "As Cambuur wol, dan komme we derút" 11.12.2023 56:02
Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#235: Neist entûsjasme oer swingend Hearrenfean ek soargen oer finânsjen: "It is in sinkend skip" 04.12.2023 51:18
Sportklup Hearrenfean swingde freedtejûn. It stadion genoat, it fuotbal wie moai en Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Almere City. Dochs binne der neffens âld-fuotballer Geert Jelle de Vries ek soargen. Foaral finansjeel.
#234: "It is skandalich dat Etiënne Reijnen Cambuur no alwer ferlit" 27.11.2023 39:58
Dat technysk direkteur Etiënne Reijnen al nei in healjier fuort giet by SC Cambuur, is eksimplarysk foar it gebrek oan loyaliteit yn de fuotbalwrâld. Dat sizze de sportferslachjouwers yn de Sportcast.
#233: Van Amersfoort bliid dat hy fan de nul ôf is: "Het vrat aan me" 20.11.2023 52:20
It is noch krekt gjin nasjonale diskusje: wa moat der yn de spits by sc Hearrenfean? Is dat Daniel Karlsbakk? Moat dat Ion Nicolaescu wurde? Of moat Pelle van Amersfoort der yn? Dy lêste is te gast yn de Sportcast en skoarde de lêste kompetysjewedstriid syn earste goal fan dit seizoen. "Het vrat aan me."
#232: "Nicolaescu moat yn de basis by de kommende wedstriid fan Hearrenfean" 13.11.2023 54:49
It giet hieltyd better mei sportklup Hearrenfean. De ploech spilet better en is opklommen nei it tsiende plak. Mar oft dêrmei it lek folslein boppe is, oft trainer Kees van Wonderen wis is fan syn plak op de bank en oft de play-offs dit seizoen wol helle wurde, is noch mar de fraach.
#231: Sandor van der Heide: "Cambuur speelt onder Henk de Jong beter voetbal" 06.11.2023 58:42
De wikseling fan trainer by SC Cambuur hat in positive wurking hân. Neist dat der ûnder trainer Henk de Jong no twa kear wûn waard, sjocht it fuotbal der ek better út. Dat fynt âld-fuotballer Sandor van der Heide.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.