Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 389 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 12, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

#285: Tieme Klompe fergeliket Van Persie mei Van Basten: "Ik weet niet of Van Persie dat heeft" 27.01.2025

Is Robin van Persie wol kritysk genôch? Kin er wolris fan syn eigen ideeën ôfstappe? Of folget er allinnich mar syn eigen fisy? Tieme Klompe is âld-fuotballer en âld-trainer fan ûnder oare sportklup Hearrenfean. Hy is no sjoernalist en analysearret yn de Sportcast sc Hearrenfean. Hy sjocht ek nei Van Persie.

#284: "Ein fan dizze wike leit der in kontrakt foar Henk de Jong" 20.01.2025

De kâns is grut dat it kontrakt fan Henk de Jong ferlingd wurdt. Dat is de konkluzje yn de Sportcast fan Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Te gast is eare-foarsitter fan SC Cambuur Ype Smid.

#283: Moat Cambuur op syk nei in nije trainer? "Henk de Jong is dwaande mei syn lêste moannen" 13.01.2025

It is net sjyk hoe't de direksje fan SC Cambuur omgiet mei it ôfrinnende kontrakt fan trainer Henk de Jong. Dat is de opiny yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#282: Hans Anker hellet út nei KNVB en ropt op ta boykot: "Hâld op mei dy flauwekul" 06.01.2025

Sportklup Hearrenfean moat der alles oan dwaan om de thúswedstriid tsjin Almere City op in oar momint te spyljen. Dat seit Feanfan Hans Anker yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It duel tusken Hearrenfean en Almere wurdt spile op 5 maaie, de dei dat ús lân tachtich jier befrijing fiert.

#281: It jier 2024 lâns de mjitlatte: meagere foldwaande foar sawol Hearrenfean as Cambuur 30.12.2024

In foldwaande, mar dêr is ek alles mei sein. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sjogge de ferslachjouwers werom op it jier fan sc Hearrenfean en SC Cambuur.

Einsprint: in weromblik fan it sportjier 2024 28.12.2024

Marit Bouwmeester hat sneon de Fryske sportoeuvrepriis fan 2024 krigen. Bouwmeester wurdt priizge foar har tige suksesfolle jier, wêryn't se olympysk goud behelle en troch de ynternasjonale sylfederaasje útroppen waard ta bêste sylster fan de wrâld. Yn dizze Sportcast sjogge we mei ferskate sporters werom op it jier 2024. Mei bygelyks Marrit Steenbergen, Ymkje Clevering of Jan van der Bij.

#280: Henk de Jong wol by Cambuur bliuwe: "Soe wol foar de fjirde kear kampioen wurde wolle" 23.12.2024

As it oan Henk de Jong leit, bliuwt er ek de kommende jierren trainer fan SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Petearen oer de takomst hawwe der noch net west, fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#279: Hearrenfean oerrompelet PSV én Sportcast: "Ik tocht: alles ûnder de tsien is meinaam" 16.12.2024

Der wiene net in soad minsken dy't de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op PSV (1-0) oankommen seagen. Oan de basis fan de oerwinning stiene yn de eagen fan de Sportcast Levi Smans, Dimitris Rallis en Alireza Jahanbakhsh.

#278: Is dit it minste Hearrenfean fan de lêste jierren? Neffens Luuk Brouwers net: "Was Van Hecke nou zo fantastisch?" 09.12.2024

Oanfierder Luuk Brouwers tinkt dat der meardere spilers fan sc Hearrenfean binne, dy't harren plafond noch net berikt hawwe. In dei nei syn winnende goal yn de wedstriid tsjin Willem ll skoot de oanfierder oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#277: It ideale Cambuurmiddenfjild fan Van der Weij: "Diepgang, voetballend vermogen en iemand die op de winkel past" 02.12.2024

Hoe sjocht it ideale middenfjild fan SC Cambuur derút? It is in fraach dy't de ôfrûne wiken hieltyd mear nei foarren komt. Yn de Sportcast leit âld-fuotballer René van der Weij út hoe't it der yn syn optyk útsjen moat.

#276: Der is noed oer it spul fan Hearrenfean: "It is gewoan betonfuotbal" 25.11.2024

De soargen oer Sportklup Hearrenfean groeie nei de sânde útnederlaach op in rige. Ferlieze fan Feyenoord kin, mar de wize wêrop makket dat der noed is oer trainer Robin van Persie en syn spilers.

#275: Van der Heide hat oplossing foar pineholledossier Afolabi: "In de winter terug naar België" 18.11.2024

SC Cambuur moat yn de winterstop ôfskie nimme fan Jonathan Afolabi. Dat seit âld-spiler Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#274: Robin van Persie oer fertrouwen jaan, syn moeting mei Maradona en fuotbalheit Arsène Wenger 11.11.2024

Robin van Persie stiet noch altyd efter syn kar om in soad te wikseljen yn syn opstelling. De trainer fan Sportklup Hearrenfean leit yn de Sportcast fan Omrop Fryslân út hoe't syn spilers syn fertrouwen fertsjinje moatte. Fierder fertelt Van Persie ûnder oaren oer de moeting mei syn idoal Maradona en syn bân mei 'fuotbalheit' Arsène Wenger.

#273: "Hearrenfean straalt gjin plezier út" 04.11.2024

Neist in gebrek oan punten, ûntbrekt it neffens Geert Jelle de Vries ek oan plezier by sportklup Hearrenfean. De ploech fan Robin van Persie ferlear dit wykein fan Fortuna Sittard, wie kânsleas en neffens de âld-fuotballer mei der wol wat mear plezier yn komme.

#272: Sterke pynstillers wiene deistige kost tidens karriêre Joost van Aken: "Dat was niet altijd verantwoord" 28.10.2024

Ald-Hearrenfeanspiler Joost van Aken hat jierrenlang swiere pynstillers slikt om fuotbalje te kinnen. Dat fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#271: "Andries Noppert wol in bytsje leafde" 21.10.2024

"Volgens mij is het niet mijn rol om elke dag een half uur met de spelers te kletsen over het weer." Sa reagearret Robin van Persie op de wurden fan keeper Andries Noppert. Yn de Sportcast is de konklúzje dúdlik: Noppert hat wat mear leafde nedich.

#270: Mark Diemers steurt him oan krityk: "Ik vind dat echt heel grote bullshit" 14.10.2024

Oft it no trainer Henk de Jong wie of syn assistinten Jeroen Burghout en Rik Reinsma, de technyske stêf fan SC Cambuur krige in soad krityk de ôfrûne wiken troch de minne prestaasjes. Oanfierder Mark Diemers fertelt yn de Sportcast dat it him steurt.

#269: Komt Sandor van der Heide werom by Cambuur? "Dan is het lek boven" 07.10.2024

Der is in 'reële kâns' dat Sandor van der Heide werom komt by SC Cambuur. Hy moat as ekstra assistint-trainer oan de technyske stêf taheakke wurde om it swalkjende Cambuur út de krisis te helpen, sa is te hearren yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#268: Hearrenfeanikoan Foppe de Haan oer posysje Henk de Jong: "Se moatte net yn de war reitsje" 30.09.2024

De krityk op Cambuurtrainer Henk de Jong boazet oan nei de fiifde kompetysjenederlaach fan dit noch jonge seizoen. Neffens klupikoan Foppe de Haan fan Sportklup Hearrenfean sjitte de Ljouwerters der neat mei op as se him dien jouwe. Dat seit de 81-jierrige âld-fuotbaltrainer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#267: Lytse oanpassings Van Persie hawwe flitsende derbywinst Hearrenfean ta gefolch: "Ik vind dat hem dat siert" 23.09.2024

Sportklup Hearrenfean naam tsjin FC Grins krekt wat minder risiko yn de opbou as yn de wedstriden dêrfoar. It wie ien fan de redenen dat de ploech fan trainer Robin van Persie mei 2-1 wûn. Dat seit âld-fuotballer en tsjinwurdich sportsjoernalist Tieme Klompe yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#266: Pieter Kooi opnij ta de bûse foar Cambuur 16.09.2024

As jildsjitter Pieter Kooi op it lêste momint net mei miljoenen euro's ekstra oer de brêge kaam wie, dan hie Cambuur no net yn it nije stadion fuotbalje kinnen. Dat fertelt de Drachster ûndernimmer yn de Sportcast.

#265: Foldien gefoel by Lambooij nei 'Operaasje Grutte Himmelaksje': "Dit is op termijn een goeie selectie" 09.09.2024

Hy wie de einferantwurdlike foar 'Operaasje Grutte Himmelaksje' by SC Cambuur. Technysk manager Lars Lambooij sjocht yn de Sportcast fan Omrop Fryslân mei in tefreden gefoel werom op syn earste transferperioade.

#264: You'll Never Walk Alone en winne foar 75.000 minsken: Sipke Hulshoff genietet yn Liverpool 02.09.2024

Wurkje foar ien fan de grutste fuotbalklups op de wrâld: Sipke Hulshoff docht it op dit stuit. Hy is assistint-trainer fan Arne Slot by Liverpool. Snein noch wûn dy ploech mei 3-0 fan grutte rivaal Manchester United.

#263: Teloarstellende seizoensstart foar Cambuur: "Se fuotbalje as pupillen fan 16 jier" 26.08.2024

It wol noch net foar SC Cambuur dit seizoen. De Ljouwerters krigen kâns op kâns tsjin Helmond Sport en TOP Oss, mar beide kearen waard der mei 1-0 ferlern. Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries is kritysk op de ploech fan trainer Henk de Jong.

#262: Gerald Sibon oer sc Hearrenfean: "Ze spelen onder Van Persie het leukste voetbal van de laatste 10 jaar" 19.08.2024

Gerald Sibon is ûnder de yndruk fan de wurkwize fan Robin van Persie by sc Hearrenfean, dat fertelt hy yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik vind het voetbal leuk om naar te kijken en vindt het bijzonder knap hoe hij dat in korte tijd voor elkaar heeft gekregen."

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.