Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jun 1, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
#299: Komme der histoaryske play-offs oan? "Noordelijke voetbal moet naar het hoogste niveau ooit" 05.05.2025 58:30
As SC Cambuur promovearret, dan soene der folgjend seizoen fjouwer klups út Noard-Nederlân yn de earedivyzje spylje. En dus kinne it histoaryske play-offs wurde. Mei âld-fuotballers Geert Jelle de Vries en Tieme Klompe prate we oer de kânsen fan de beide Fryske klups yn de play-offs, want ek Hearrenfean hat goeie papieren dy te heljen. Fierder giet it oer de rol fan Jakob Trenskow, it middenfjild...
#298: Ard de Graaf bliid mei play-off-plak Cambuur: "Zeker als je ziet waar we vandaan komen" 28.04.2025 59:26
Dat SC Cambuur in pear spylronden foar de ein al wis wie fan de play-offs, wie neffens Ard de Graaf net fanselssprekkend. Om dy reden is de algemien direkteur fan de klup bliid, sa seit er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Fierder fertelt assistint-trainer Sipke Hulshoff fanút Liverpool oer it behelle lânskampioenskip en giet it oer de nije keeperstrainer fan sc Hearrenfean.
#297: Weromkear Trenskow is breanedich yn oanfal Hearrenfean: "De rest kin net fuotbalje" 21.04.2025 45:51
Sportklup Hearrenfean hat der in wapen by, mei it each op de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wapen hjit Jacob Trenskow. Sûnder him wie de kâns grut west dat de Feansters de neikompetysje net iens helle hiene. En oanfierder Mark Diemers wol dochs yn Ljouwert bliuwe, ek as SC Cambuur net promovearret nei de earste divyzje.
#296: Foeke Booy begrypt foarsichtigens Cambuur oer twadde plak net: "Spreek het gewoon uit en ga ervoor" Video 14.04.2025 59:16
SC Cambuur moat net sa foarsichtich wêze en gewoan útsprekke dat it foar streekrjochte promoasje giet. Dat fynt Ljouwerter Foeke Booy, dy't yn it ferline spiler en technysk manager by de klup wie. Op dit stuit is hy assistint-trainer fan Almere City en mei dy klup spilet er sneon tsjin Sportklup Hearrenfean.
#295: Robin Veldman wurdt efkes emosjoneel by debút yn Abe Lenstra Stadion: "Dat deed wel echt wat met me" 07.04.2025 58:32
It wie ít momint dêr't Robin Veldman by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean it meast nei útsjoen hie: it debút yn it Abe Lenstra Stadion. Ofrûne freed wie it safier. It Frysk folksliet brocht him in emosjoneel momint, sa seit Veldman yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#294: Opmerklike oarsaak foar doelpunterein fan Remco Balk: "De verdienste van Afolabi" 31.03.2025 55:02
Mark Diemers is de bêste spiler fan SC Cambuur dit seizoen, mar de revelaasje is topskoarer Remco Balk. Dat fynt klupikoan Johan Groote. Hy tinkt dat de Ljouwerters twadde wurde en streekrjocht promovearje nei de earedivyzje. Fierder sjogge we yn de Sportcast werom op it debút fan Robin Veldman as haadtrainer fan Sportklup Hearrenfean.
#293: Robin Veldman presintearre by Hearrenfean: "Dit is hûndert kear better as de Van Persies en Van Bastens fan dizze wrâld" 24.03.2025 45:19
Mei Robin Veldman hat Sportklup Hearrenfean in nije trainer dêr't it pompeblêdebloed troch syn ieren rint. En dat is krekt wat de klup no nedich hat, docht bliken yn de Sportcast.
#292: Foppe de Haan op de bank?: "Ik wol gjin stroman wêze" 17.03.2025 57:41
Hearrenfean is nei it fertrek fan Robin van Persie noch altyd op syk nei in opfolger. Op dit stuit docht Henk Brugge it, mar dy hat net de goeie papieren. Mar Foppe de Haan fertelt yn de Sportcast dat Brugge it oant no ta prima docht.
#291: Cambuur siket nije assistint-trainer, mar: "Net elkenien wol ûnder Henk de Jong wurkje" 10.03.2025 51:23
De beide Fryske betelle fuotbalklups sykje in nije trainer. By sc Hearrenfean giet it om in haadcoach en by SC Cambuur om in assistint. Beide klups rinne yn harren syktocht lykwols op tsjin swierrichheden.
#290: Van der Heide wit wa't Van Persie opfolgje moat: "Schreuder gaat het stadion volledig vol krijgen" 03.03.2025 56:58
Wa moat Robin van Persie opfolgje as trainer by Sportklup Hearrenfean? Analist en âld-fuotballer Sandor van der Heide wit wol ien, dy't kwa fuotbalfisy ek noch ticht by Van Persie sit.
#289: Riemer van der Velde wol Erik ten Hag as tuskenpaus: "ien dy't de problemen oanpakt" 24.02.2025 58:03
Riemer van der Velde sjocht graach Erik ten Hag nei Hearrenfean kommen as opfolger fan Robin van Persie. De eare-foarsitter wol in grutte namme binnen de klup.
#288: Wêr binne de prinsipes fan Van Persie? "Ik fyn it wol in bytsje swak" 17.02.2025 48:41
Robin van Persie hat syn prinsipes oerboard smiten. Wêr't de trainer fan Sportklup Hearrenfean foar dit seizoen sei áltyd oanfallend fuotbal en foar de winst spylje te wollen, joech er nei de wedstriid tsjin PEC Zwolle (1-1) ta dat er it lykspul oer de streek lûke woe.
#287:Ferry de Haan: "Ik denk dat wij genoeg kwaliteiten hebben om naar boven te kijken" 10.02.2025 53:30
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is dúdlik oer de prestaasjes fan sc Hearrenfean: "Dit is it minste Hearrenfean yn 30 jier." Algemien direkteur fan sc Hearrenfean Ferry de Haan is te gast yn de Sportcast en wjerleit dit.
#286: "Tony Rölke is de earste spits fan SC Cambuur" 03.02.2025 55:25
SC Cambuur hat mei Jeredy Hilterman in nije spits helle, mar Tony Rölke docht it hiel best. Âld-Cambuur-spiler Geert Jelle de Vries is sels al oertsjûge. "Moast Rölke stean litte". Yn de Sportcast prate Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer sportklup Hearrenfean en SC Cambuur.
#285: Tieme Klompe fergeliket Van Persie mei Van Basten: "Ik weet niet of Van Persie dat heeft" 27.01.2025 57:26
Is Robin van Persie wol kritysk genôch? Kin er wolris fan syn eigen ideeën ôfstappe? Of folget er allinnich mar syn eigen fisy? Tieme Klompe is âld-fuotballer en âld-trainer fan ûnder oare sportklup Hearrenfean. Hy is no sjoernalist en analysearret yn de Sportcast sc Hearrenfean. Hy sjocht ek nei Van Persie.
#284: "Ein fan dizze wike leit der in kontrakt foar Henk de Jong" 20.01.2025 58:29
De kâns is grut dat it kontrakt fan Henk de Jong ferlingd wurdt. Dat is de konkluzje yn de Sportcast fan Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Te gast is eare-foarsitter fan SC Cambuur Ype Smid.
#283: Moat Cambuur op syk nei in nije trainer? "Henk de Jong is dwaande mei syn lêste moannen" 13.01.2025 54:28
It is net sjyk hoe't de direksje fan SC Cambuur omgiet mei it ôfrinnende kontrakt fan trainer Henk de Jong. Dat is de opiny yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#282: Hans Anker hellet út nei KNVB en ropt op ta boykot: "Hâld op mei dy flauwekul" 06.01.2025 52:04
Sportklup Hearrenfean moat der alles oan dwaan om de thúswedstriid tsjin Almere City op in oar momint te spyljen. Dat seit Feanfan Hans Anker yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It duel tusken Hearrenfean en Almere wurdt spile op 5 maaie, de dei dat ús lân tachtich jier befrijing fiert.
#281: It jier 2024 lâns de mjitlatte: meagere foldwaande foar sawol Hearrenfean as Cambuur 30.12.2024 42:33
In foldwaande, mar dêr is ek alles mei sein. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sjogge de ferslachjouwers werom op it jier fan sc Hearrenfean en SC Cambuur.
Einsprint: in weromblik fan it sportjier 2024 28.12.2024 2:21:01
Marit Bouwmeester hat sneon de Fryske sportoeuvrepriis fan 2024 krigen. Bouwmeester wurdt priizge foar har tige suksesfolle jier, wêryn't se olympysk goud behelle en troch de ynternasjonale sylfederaasje útroppen waard ta bêste sylster fan de wrâld. Yn dizze Sportcast sjogge we mei ferskate sporters werom op it jier 2024. Mei bygelyks Marrit Steenbergen, Ymkje Clevering of Jan van der Bij.
#280: Henk de Jong wol by Cambuur bliuwe: "Soe wol foar de fjirde kear kampioen wurde wolle" 23.12.2024 58:12
As it oan Henk de Jong leit, bliuwt er ek de kommende jierren trainer fan SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Petearen oer de takomst hawwe der noch net west, fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#279: Hearrenfean oerrompelet PSV én Sportcast: "Ik tocht: alles ûnder de tsien is meinaam" 16.12.2024 37:09
Der wiene net in soad minsken dy't de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op PSV (1-0) oankommen seagen. Oan de basis fan de oerwinning stiene yn de eagen fan de Sportcast Levi Smans, Dimitris Rallis en Alireza Jahanbakhsh.
#278: Is dit it minste Hearrenfean fan de lêste jierren? Neffens Luuk Brouwers net: "Was Van Hecke nou zo fantastisch?" 09.12.2024 54:03
Oanfierder Luuk Brouwers tinkt dat der meardere spilers fan sc Hearrenfean binne, dy't harren plafond noch net berikt hawwe. In dei nei syn winnende goal yn de wedstriid tsjin Willem ll skoot de oanfierder oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#277: It ideale Cambuurmiddenfjild fan Van der Weij: "Diepgang, voetballend vermogen en iemand die op de winkel past" 02.12.2024 52:30
Hoe sjocht it ideale middenfjild fan SC Cambuur derút? It is in fraach dy't de ôfrûne wiken hieltyd mear nei foarren komt. Yn de Sportcast leit âld-fuotballer René van der Weij út hoe't it der yn syn optyk útsjen moat.
#276: Der is noed oer it spul fan Hearrenfean: "It is gewoan betonfuotbal" 25.11.2024 49:23
De soargen oer Sportklup Hearrenfean groeie nei de sânde útnederlaach op in rige. Ferlieze fan Feyenoord kin, mar de wize wêrop makket dat der noed is oer trainer Robin van Persie en syn spilers.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.