Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jun 1, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
#324: Hannen skodzje mei Messi en Ronaldo, bingo by Harkemase Boys en te betiid winterstop foar Hearrenfean 22.12.2025 58:04
It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jon...
#323: Cambuur wol Europa yn, it shirt fan Vasco da Gama en slangeminske Klaverboer hâldt de nul 15.12.2025 54:12
De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Is...
#322: Wer gjin gast fan sc Hearrenfean, soargen by Visser nei nije operaasje en hoefolle kredyt hat Klaverboer? 08.12.2025 46:49
Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta? En hoefolle...
#321: In mentaliteitsprobleem by Hearrenfean, wat te dwaan mei Ferrah? En in primeur fan Van der Weij 01.12.2025 54:15
Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net sjen. Komt dat troch in mentaliteitsprobleem? Wa't miskien ek wol in probleem hat, is Cambuuroanfaller Ichem Ferrah. Hy wie de revelaasje fan de earste moannen, mar hat no al twa moannen net belutsen west by in goal. As it oa...
#320: Pieter Kooi: "Ast der gjin ferstân fan hast, praat der dan ek net oer" 24.11.2025 56:32
SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan Cambuur. Jildsjitter Pieter Kooi sit dêrom oan tafel yn de Sportcast. "It wie wol efkes skrikken".
#319: De dream fan Hearrenfean-trainer Robin Veldman, jildproblemen by Cambuur en hoefolle kredyt hat de doelpuntleaze Rivera? Video 17.11.2025 59:39
Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op tafel. want hy hat in linksbûten dy't noch altyd gjin goal makke hat. Hoefolle stipe krijt Maxence Rivera noch? Hoe komt it by SC Cambuur no't der fragen lizze oer de finansjele problemen. Hoe grut binne dy en kin Camb...
#318: De Henk de Jong-doktrine, in 'domme draver' by Hearrenfean en in puntestraf foar Cambuur? 10.11.2025 51:20
Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek is der krityk op Robin Veldman, de trainer fan Hearrenfean dy't sykjende is nei syn ideale opstelling. As it oan âld-fuotballer Geert Jelle de Vries leit, is dêryn gjin plak foar de 'domme draver'. De finansjele sifers fan...
#317: Moat Hearrenfean in oare opstelling, wa is de bêste rjochtsback fan Cambuur en komt der in klup foar Gertjan Verbeek? Video 03.11.2025 57:19
Gertjan Verbeek sjocht leauwer dat sc Hearrenfean mei in oare opstelling komt. Neffens him sit der genôch goed fuotbal yn de ploech en komt dat der no net út. De âld-trainer is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. En wa is de bêste rjochtsback fan SC Cambuur? Bram Marsman spile by ferstek fan Rik Mulders en skoarde. Moat hy in basisplak krije?
#316: 'Radio Van der Sande', in oergryslik kostbere yngoai en klaaikeamerhumor yn Skotlân 27.10.2025 55:35
Hy stiet bekend as ien dy't noait ophâldt mei praten: Cambuurspits Jort van der Sande. It smyt him de bynamme 'Radio Van der Sande' op, dy't er ea fan in ferneamd fuotbaltrainer krige. Van der Sande is te gast yn de Sportcast en fertelt oer wêrom't hy de bêste spits foar Cambuur is. En oer hoe't er syn perioade yn Skotlân belibbe. Dêr hiene se nochal wat bysûndere foarmen fan klaaikeamerhumor... E...
#315: It wikselbelied fan Veldman, in primeur oer Ferrah en is it no Bjorn of Bjarn? 20.10.2025 45:38
Hie Robin Veldman de drege einfaze by Telstar-sc Hearrenfean foarkomme kinnen mei syn wiksels? Want de Feansters liken gjin antwurd te hawwen op it ynbringen fan de lange Milan Zonneveld. Bernt Klaverboer hie dat wol; de keeper fan Ketlik makket yndruk yn syn earste wedstriden foar Hearrenfean. Der is by Cambuur nijs oer de blessuere fan oanfaller Ichem Ferrah. En wannear is wrâldkampioen Ismaël B...
#314: Ismaël Baouf nei de Afrika Cup? Wêrom't Hearrenfean de play-offs hellet en 'I like Amofa-mofa' Video 13.10.2025 54:50
It giet mar wer ris oer Ismaël Baouf, dy't mei Marokko yn de heale finale stiet fan it wrâldkampioenskip ûnder 20 jier. Hy makket safolle yndruk, dat Marokkaanse fuotbalfans him ek yn it earste op de Afrika Cup sjen wolle. Ald-fuotballer Sandor van der Heide foarsjocht in rekôrtransfer. En hy tinkt dat Sportklup Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal hellet. Mei Luuk Brouwers yn 'e bas...
#313: De goudmyntsjes fan Cambuur, in gremitige Kersten en is der dochs noch takomst foar Diemers? 06.10.2025 51:22
De miljoenen klotsten by de plinten op yn it Kooi Stadion de ôfrûne simmer. Benjamin Pauwels, Tyrique Mercera en Bryant Nieling brochten miljoenen op. De nije lading goudmyntsjes stiet al klear mei Ismaël Baouf, Jamal Amofa en Oscar Sjöstrand. Al rekkenet technysk manager Lars Lambooij fan SC Cambuur net op in wintersk fuortgean. By Sportklup Hearrenfean foel de gremitigens ôf te lêzen...
#312: Foppe de Haan lyrysk oer Van Overeem, Kersten kopt as in bezemsteel en Cambuur better as totaalfuotbal yn '74 Video 29.09.2025 55:52
Sportklup Hearrenfean joech snein twa punten fuort yn Utrecht, wylst SC Cambuur it publyk op de banken krige tsjin Jong PSV. Mei Foppe de Haan prate we yn de Sportcast oer in fantasyske Joris van Overeem, in minne Ringo Meerveld en de nije earste spits fan Cambuur.
#311: In nije ferdediging by Hearrenfean, bale op Bali en in frou yn de Sportcast Video 22.09.2025 51:01
Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdedigin...
#310: Yn 'e bleate kont foar Feyenoord-Hearrenfean, Henk de Jong op âldemanljusferlof en in kwis foar Ferry de Haan Video 15.09.2025 54:34
De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de Haan fan de Feansters makket der wurk fan en wol by de KNVB besykje om de skorsing fan de ferdigener foar te kommen. Dyselde Ferry de Haan krijt in oantal kwisfragen, dêr't er syn holle oer brekt. En de holle brekke oer f...
#309: In 'Tikkie' foar Ichem Ferrah, Kuipvrees en in strúsfûgel yn The Big 5? 08.09.2025 54:19
Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in âld-kollega, dy't no yn Súd-Afrika ûnder de latte stiet. En dy't The Big 5 noch net sjoen hat. Fierder giet it oer SC Cambuur, dat in soad yndruk makke tsjin Willem ll. Sterker noch: âld-fuotballer Geert Jelle de Vri...
#308: In spits dy't mear maratons draaft as goals makket en wêrom't Andries Noppert syn basisplak kwyt is Video 01.09.2025 59:42
It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas Binder in nije oanfaller, mar je riede it al... Hy hat de helte alwer mist fanwege in blessuere. Mar neffens Cambuurtrainer Henk de Jong komt it goed mei de Eastenryker. Mei wa't it net goed komt is Andries Noppert....
#307: Hokker klup wol Lucas Bijker op it fjild ha? 25.08.2025 51:32
Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de Sportcast.
#306: Sjampanje fanwege in spiler dy't te let komt en stipe foar in blunderjende Noppert Video 18.08.2025 58:24
Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te bepraten yn de nije Sportcast, mei dêryn de oanfierder fan SC Cambuur as gast. Mark Diemers stipet Andries Noppert en fynt dat de keepersdiskusje by sc Hearrenfean net op 'e nij op gong te kommen.
#305: Fan Bali nei Al-Ahli en ûnbegryp oer it gebrek oan fitheid by Cambuur Video 11.08.2025 53:20
It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis wedstriden ien-nei-lêste stiene. Fierder giet it yn de Sportcast oer de blessuere fan Levi Smans, de transfer fan Michel Vlap en sjeiks yn it skûtsjesilen...
#304: Heintje Davids, Levi Smans en Johnny&Ronnie: de Sportcast is werom 04.08.2025 56:22
De Sportcast is nei twa moannen simmerstop werom. Der is genôch te bepraten, want Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha net stil sitten. Is it terjocht dat Henk de Jong de doelstelling fan Cambuur al bysteld hat? En hoe moat it middenfjild fan sc Hearrenfean derút sjen? It komt oan bod yn in nije Sportcast, mei ûnder oaren de Heintje Davids fan Omrop Fryslân én De Grutte Unbekende...
#303: Fleurich de simmerstop yn mei transfernijs yn de lêste Sportcast: nije oanfallers op komst 02.06.2025 51:06
SC Cambuur is hiel ticht by it oanlûken fan in Eastenrykse spits. En ek Sportklup Hearrenfean wol him oanfallend fersterke en dêr liket op koarte termyn wat by te kommen. Dat docht bliken yn de lêste Sportcast fan dit seizoen, wêryn't we fleurich de simmer yngean mei de bruorren Hans en Wim Anker.
#302: "Robin van Persie heeft niet heel veel verstand van keepers" 26.05.2025 49:27
Hy keepte by in grutte klup as Ajax en foar de Poalske lânskampioen, mar neamt it ôfrûne seizoen fan Sportklup Hearrenfean 'mijn meest bijzondere seizoen ooit'. Keeper Mickey van der Hart makket de oerstap nei Súd-Afrika en sjocht yn de Sportcast werom op syn perioade yn it Abe Lenstra Stadion. Dêrneist giet it oer SC Cambuur, wêr't noch net dúdlik is hoe heech it spilersbudzjet foar takom seizoen...
#301: Psycholooch kin Hearrenfean Europa yn helpe yn play-offs: "Miskien moat se dat wat mear dwaan" 19.05.2025 53:20
De spilers fan Sportklup Hearrenfean moatte de kommende dagen in besite bringe oan in psycholooch. Dat soe harren helpe kinne yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wêryn't se tongersdei in útwedstriid spylje tsjin AZ. Dêrneist giet it oer Jeroen Burghout. De assistint-trainer fan SC Cambuur is te gast. Hy sjocht werom op de ôfrûne fiif jier yn Ljouwert, want hy moat ôfskie nimme fan de k...
#300: Sandor van der Heide: "Op het moment dat Cambuur promoveert is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." 12.05.2025 56:00
"Op het moment dat ze promoveren is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." Dat seit Sandor van der Heide yn de Sportcast oer in mooglike promoasje fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de Sportcast, wêr't Arjen de Boer praat mei Van der Heide en ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber oer Hearrenfean en Cambuur.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.