Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
No dejes de visitar la web del podcast y apoyar a su creador: argyf2.omropfryslan.nl
Autor
Omrop Fryslân
Categoría
Web del podcast
Último episodio
12 de oct. de 2026
¿Dónde escuchar?
Podcasts en la app Replaio Radio Muy prontoLos podcasts llegarán muy pronto a la app. Instálala ahora y sé el primero en descubrir una forma totalmente nueva de vivir los podcasts
Episodios
#359: DJ Maas Willemsen is in wandelend woordenboek, Hearrenfean naait troch Joey Kooij en in update oer Amofa 12.10.2026 54:07
Maas Willemsen is te gast yn de Sportcast. We prate him oer syn rol as oanfierder, oer de rare beslissingen fan Joey Kooij, oer syn politieke ambysjes. En we ha in update oer Cambuur-spiler Jamal Amofa.
#358: Joey van den Berg wol trainer wurde, Courtens is it grutste talint fan Hearrenfean en de derby is "echt spesjaal" 05.10.2026 57:58
Joey van den Berg is te gast yn de Sportcast. Hy fertelt oer wat hy no docht as talintentrainer by sc Hearrenfean. Hy jout ta dat er miskien toch wol oait yn de takomst trainer wurde wol. Hy fertelt ek oer syn perioade ûnder Marco van Basten, syn tiid as fuotballer en hy leit út wêrom Nolhan Courtens sa goed is. En we belje mei Luuk Brouwers yn Syprus.
#357: Billy is bang, Diemers hat in nije klup en Meerdink skoart alle penalty's 28.09.2026 47:23
Billy van Duijl is in grut talint fan AZ Alkmaar, mar makke foar in jier de oerstap nei Cambuur. Wat hopet hy te berikken en wêrom woe hy sa graach nei Ljouwert komme? De 20-jierrige ferdediger is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Mark Diemers hat nei moannen fan wachtsjen in nije klup en spile al foar De Graafschap. Wy belje mei him om te hearren hoe hy werom sjocht op de moannen sûnder...
#356: It Linday-effekt, de balâns nei blok ien en hurde wyn, jasses by ADO-Cambuur 21.09.2026 57:49
Sportklup Hearrenfean wûn mei klinkende sifers fan Sparta Rotterdam (0-4), mei troch de weromkear fan Marcus Linday. It gefolch wie lykwols dat Ringo Meerveld op de bank siet. Wat betsjut dit foar him? SC Cambuur bleaun foar de tredde wedstriid op rige sûnder ferlies troch in lykspul (1-1) by ADO Den Haag. De ûntwikkeling fan de Ljouwerters makket dat der entûsjasme is oer de kânsen op hânhavening...
#355: De fiislak fan Cambuur, foarmkrisis by Feanster oanfallers en wa stiet yn ien rychje mei Kylian Mbappé? 14.09.2026 57:12
Nea earder wiene de technysk managers fan Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur tagelyk te gast yn de Sportcast. Oant hjoed, want Johan Hansma en Lars Lambooij sitte oan tafel. It giet oer de fiislak fan SC Cambuur, dy't de 'missing link' blykt te wêzen. Ek de spitsposysje fan Hearrenfean komt wer oan bar, want hoe moat de doelpuntedrûchte fan Dylan Vente oplost wurde? En efter welke spiler sie...
#354: Cambuur komt kwaliteit tekoart, Uldrikis is in plan B-spits en 'Ranking the Ref' 07.09.2026 55:35
Hiel ticht wie Cambuur by de earste trijepunter. Mar it gie wer mis. Neffens âld-fuotballer Sandor van der Heide wie de lette tsjintreffer tsjin Telstar in logysk gefolch fan de spulwize fan de Ljouwerters. Sportklup Hearrenfean gie ûnderút tsjin AZ. Van der Heide besiket út te lizzen wat Hearrenfean oars dwaan moatten hie op ferdigenjend mêd. Fierder komt der fansels wer in fr...
#353: In 'ûnbetroubere' oanwinst foar Hearrenfean, Johan Plat wit it net en wa hie in glêsbak op it hiem? 31.08.2026 57:04
It wie gjin wykein om oer nei hûs te skriuwen foar de Fryske klups. Sportklup Hearrenfean spile lyk tsjin promovendus Willem ll (2-2) en SC Cambuur gie wer ûnderút mei dikke sifers, ditkear tsjin FC Twente (1-4). Cambuurtrainer Johan Plat wit net sa goed wat er docht, fernimt Gertjan Verbeek. De âld-fuotbaltrainer is ek net sa bot sjarmearre fan de nije spiler fan Hearrenfean, Mees Hilgers. En der...
#352: Dé oplossing foar it supportersgeweld, Foppe wol Mbabbe wol traine en Henstra is in groeibriljant 24.08.2026 54:25
Der waard snein in skaad lein oer wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord. Yn de Sportcast tinke we sa as altyd goed mei en presintearje we it 'Plan-Riemer', wat ôfrekkenje moat mei soksoart supportersgeweld. Foppe de Haan is te gast en jout syn miening oer Dylan Vente, Ringo Meerveld en noch folle mear. En wie de nederlaach fan Hearrenfean no in ynsidint of moat we ús soargen meitsje? Ek i...
#351: Robin Veldman draait der net omhinne, oanknopingspunten foar Cambuur en faktor 50 foar de mystery guest 17.08.2026 1:00:21
Trainer Robin Veldman fan Sportklup Hearrenfean is ambysjeus; Europeesk fuotbal helje is dit jier de doelstelling. Dat fertelt er yn de Sportcast. SC Cambuur ferlear ek de twadde earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen, mar yn tsjinstelling ta foarige wike wiene der ditkear wól oanknopingspunten. En der is in primeur, want de Ljouwerters ha in nije spiler binnen. Fierder is it de fraach oft&...
#350: Johan Plat bliuwt rêstich nei falske seizoensstart Cambuur, Marcus Linday wol net prate en it jubileumkonsert fan Jan Smit 10.08.2026 54:50
It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen te begripen dy't libje ûnder de supporters, mar hy seit dat der beslist noch gjin man oerboard is. By Sportklup Hearrenfean sit de fleur der mear yn nei de winst op FC Twente (1-0). Mar wêrom woe Marcus Linday Omrop F...
#349: Proper vs. Van Overeem, je hert fêsthâlde foar Cambuur en wêr einigje de twa Fryske klups? 03.08.2026 57:58
Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC Cambuur begjint mei in wol hiel jonge seleksje oan it earedivyzje-aventoer. Komt it wol goed yn Ljouwert? We litte ús byprate oer de nije spulrigels troch in saakkundige én dogge foarsizzings yn de Nostradamus Cup!
#348: De pearels fan masterscouts Anker en Anker, Cambuur sit op it 'vinkentouw' en Arne Slot assistint-trainer by Hearrenfean? 01.06.2026 57:17
De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan. Neist seizoenkaarthâlder by Sportklup Hearrenfean binne se ek grut leafhawwer fan de earste divyzje. Dêr rinne pearels rûn, dy't beide bruorren mar al te graach ûnder de oandacht bringe wolle fan technysk manager Johan Han...
#347: De Grutte Namedropping Show mei Johan Hansma 26.05.2026 58:41
It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan Hearrenfean fertelt yn de Sportcast dat de oanbieding fanút de Domstêd ôfwimpele is. It koe wolris in drokke simmer wurde foar Hansma, om't der in soad spilers fan Hearrenfean fuort gean kinne. En dus moatte der...
#346: Moat Hearrenfean de finale fan de play-offs boykotsje? Fyftjin nije spilers foar Cambuur en fan gersmaster nei badmaster 18.05.2026 59:06
As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy wedstriid boykotsje? Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat der wol in oplossing foar. De Vries foarsjocht fierder in drokke simmer foar Lars Lambooij, de technysk manager fan SC Cambuur. Der moatte fyftjin nije spilers helle wu...
#345: Wa is Johan Plat?, The American Dream en in 'lachwekkende' oanbieding foar Mark Diemers 11.05.2026 59:34
Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan yn de Sportcast. Mei 'Luuk Levert' en 'Radio Van der Sanden' giet in oere samar foarby. Se ha in miening. Oft it no giet oer de fakkels by NAC Breda-Hearrenfean ("Schandalig"), oer de oanbieding dy't Mark Diemers krige ("La...
#344: In primeur fan Kian Visser, ekstra wurdearring foar Hearrenfean en hie Buma wol of net speeche moatten by de huldiging? 04.05.2026 57:46
Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst, want syn profkarriêre krijt mooglik in ferfolch by in oare klup. Fierder giet it oer Sportklup Hearrenfean, dat twa wedstriden foar de ein al wis is fan dielname oan de play-offs. En dêr mei bêst wat ekstra wurdearring...
#343: Linday rekkenet ôf mei it narjen fan Veldman, de syktocht nei in nije haadsponsor en moat it útfak fan Cambuur op 'e skeppe? 27.04.2026 59:24
Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan mei-haadsponsor Sytse Brouwer, dy't te gast is yn de Sportcast en sjocht dat syn klup tagroeit nei de play-off-foarm. Ek giet it oer de syktocht nei in nije haadsponsor, want Bouwer en syn kompanen fan 'Wolkom' hâlde d...
#342: Kees van Wonderen oer syn ferline by Hearrenfean en syn takomst by Feyenoord, belje mei Milan van Ewijk en de huldiging fan Cambuur 20.04.2026 59:05
Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline wike promovearre mei Coventry City nei de Premier League. En Van Wonderen fertelt oer syn petear mei Robin van Persie en Feyenoord. En we fertelle wat der allegearre te dwaan is by de huldiging fan Cambuur.
#341: Exit Diemers? AZ wie hiel goed, Hearrenfean hiel swak 13.04.2026 58:37
Cambuur-spiler Mark Diemers is te gast. De oanfierder liet koartlyn in bom falle. Hy hat in kontrakt-oanbieding krigen, mar dat is minder as wat er no fertsjinnet, wylst Cmbuur promovearret. En dêr is er sacht sein net bliid mei.
#340: Hearrenfean giet Europa yn, Cambuur einiget it seizoen mei 'shine' en Henk Ballenknijper of Gerald Zwaargeschapen? 06.04.2026 56:13
It is it jier fan de trochbraak fan keeper Bernt Klaverboer by Sportklup Hearrenfean. Hy fertelt yn de Sportcast dat hy Europeesk fuotbal helje wol mei syn klup. Fierder giet it oer de ambysjes fan de jonge Ketliker keeper, oer it boskje blommen fan Jort van der Sande en de nije trainer fan Cambuur.
#339: Foppe de Haan giet wer mei wille nei Hearrenfean, in tip foar Henk de Jong en ordinêre 'namedropping' 30.03.2026 57:55
It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de iennige reden. De âld-trainer fan de Feansters is te gast en hy hat ek wol in tip foar Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen fierder giet as assistint-trainer. En hoe sit it mei dat ferhaal dat De Haan ris mei...
#338: Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer by Cambuur, mar hy bliuwt wol by de klup 25.03.2026 1:04:53
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. Dat makket hy bekend yn in ekstra ôflevering fan de Sportcast. Tiisdei promovearre er foar de tredde kear mei de Ljouwerters nei de earedivyzje. En dus hâldt De Jong wat dat oanbelanget op it hichtepunt op.
#337: Oanfal op Wouter Wiersma, Doke fynt Sandor van der Heide de beste coach ea en Meerveld fergelykje mei Maradona 23.03.2026 53:09
Sportklup Hearrenfean pakte mei dank oan in geweldige goal fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en Cambuur seach troch in nederlaach de earste promoasjekansen yn reek op gean. En dat net allinnich, der wie in soad dwaan rûn skiedsrjochter Wouter Wiersma. Te gast is Doke Schmidt.
#336: Fertsjinnet Van Overeem in oprop foar Oranje? Bearenburch kola yn it Kooi Stadion en Rivera is in Chill Guy 16.03.2026 44:38
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar i...
#335: In update oer de dossiers fan Ferry de Haan, de mem fan Lurling en de huldiging fan Cambuur 09.03.2026 54:01
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde. Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Wa...
Podcasts similares
Replaio no es editor de podcasts; los nombres de los programas, las portadas y el audio pertenecen a sus autores y se distribuyen a través de canales RSS públicos