Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jun 1, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
#348: De pearels fan masterscouts Anker en Anker, Cambuur sit op it 'vinkentouw' en Arne Slot assistint-trainer by Hearrenfean? 01.06.2026 57:17
De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan. Neist seizoenkaarthâlder by Sportklup Hearrenfean binne se ek grut leafhawwer fan de earste divyzje. Dêr rinne pearels rûn, dy't beide bruorren mar al te graach ûnder de oandacht bringe wolle fan technysk manager Johan Han...
#347: De Grutte Namedropping Show mei Johan Hansma 26.05.2026 58:41
It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan Hearrenfean fertelt yn de Sportcast dat de oanbieding fanút de Domstêd ôfwimpele is. It koe wolris in drokke simmer wurde foar Hansma, om't der in soad spilers fan Hearrenfean fuort gean kinne. En dus moatte der...
#346: Moat Hearrenfean de finale fan de play-offs boykotsje? Fyftjin nije spilers foar Cambuur en fan gersmaster nei badmaster 18.05.2026 59:06
As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy wedstriid boykotsje? Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat der wol in oplossing foar. De Vries foarsjocht fierder in drokke simmer foar Lars Lambooij, de technysk manager fan SC Cambuur. Der moatte fyftjin nije spilers helle wu...
#345: Wa is Johan Plat?, The American Dream en in 'lachwekkende' oanbieding foar Mark Diemers 11.05.2026 59:34
Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan yn de Sportcast. Mei 'Luuk Levert' en 'Radio Van der Sanden' giet in oere samar foarby. Se ha in miening. Oft it no giet oer de fakkels by NAC Breda-Hearrenfean ("Schandalig"), oer de oanbieding dy't Mark Diemers krige ("La...
#344: In primeur fan Kian Visser, ekstra wurdearring foar Hearrenfean en hie Buma wol of net speeche moatten by de huldiging? 04.05.2026 57:46
Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst, want syn profkarriêre krijt mooglik in ferfolch by in oare klup. Fierder giet it oer Sportklup Hearrenfean, dat twa wedstriden foar de ein al wis is fan dielname oan de play-offs. En dêr mei bêst wat ekstra wurdearring...
#343: Linday rekkenet ôf mei it narjen fan Veldman, de syktocht nei in nije haadsponsor en moat it útfak fan Cambuur op 'e skeppe? 27.04.2026 59:24
Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan mei-haadsponsor Sytse Brouwer, dy't te gast is yn de Sportcast en sjocht dat syn klup tagroeit nei de play-off-foarm. Ek giet it oer de syktocht nei in nije haadsponsor, want Bouwer en syn kompanen fan 'Wolkom' hâlde d...
#342: Kees van Wonderen oer syn ferline by Hearrenfean en syn takomst by Feyenoord, belje mei Milan van Ewijk en de huldiging fan Cambuur 20.04.2026 59:05
Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline wike promovearre mei Coventry City nei de Premier League. En Van Wonderen fertelt oer syn petear mei Robin van Persie en Feyenoord. En we fertelle wat der allegearre te dwaan is by de huldiging fan Cambuur.
#341: Exit Diemers? AZ wie hiel goed, Hearrenfean hiel swak 13.04.2026 58:37
Cambuur-spiler Mark Diemers is te gast. De oanfierder liet koartlyn in bom falle. Hy hat in kontrakt-oanbieding krigen, mar dat is minder as wat er no fertsjinnet, wylst Cmbuur promovearret. En dêr is er sacht sein net bliid mei.
#340: Hearrenfean giet Europa yn, Cambuur einiget it seizoen mei 'shine' en Henk Ballenknijper of Gerald Zwaargeschapen? 06.04.2026 56:13
It is it jier fan de trochbraak fan keeper Bernt Klaverboer by Sportklup Hearrenfean. Hy fertelt yn de Sportcast dat hy Europeesk fuotbal helje wol mei syn klup. Fierder giet it oer de ambysjes fan de jonge Ketliker keeper, oer it boskje blommen fan Jort van der Sande en de nije trainer fan Cambuur.
#339: Foppe de Haan giet wer mei wille nei Hearrenfean, in tip foar Henk de Jong en ordinêre 'namedropping' 30.03.2026 57:55
It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de iennige reden. De âld-trainer fan de Feansters is te gast en hy hat ek wol in tip foar Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen fierder giet as assistint-trainer. En hoe sit it mei dat ferhaal dat De Haan ris mei...
#338: Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer by Cambuur, mar hy bliuwt wol by de klup 25.03.2026 1:04:53
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. Dat makket hy bekend yn in ekstra ôflevering fan de Sportcast. Tiisdei promovearre er foar de tredde kear mei de Ljouwerters nei de earedivyzje. En dus hâldt De Jong wat dat oanbelanget op it hichtepunt op.
#337: Oanfal op Wouter Wiersma, Doke fynt Sandor van der Heide de beste coach ea en Meerveld fergelykje mei Maradona 23.03.2026 53:09
Sportklup Hearrenfean pakte mei dank oan in geweldige goal fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en Cambuur seach troch in nederlaach de earste promoasjekansen yn reek op gean. En dat net allinnich, der wie in soad dwaan rûn skiedsrjochter Wouter Wiersma. Te gast is Doke Schmidt.
#336: Fertsjinnet Van Overeem in oprop foar Oranje? Bearenburch kola yn it Kooi Stadion en Rivera is in Chill Guy 16.03.2026 44:38
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar i...
#335: In update oer de dossiers fan Ferry de Haan, de mem fan Lurling en de huldiging fan Cambuur 09.03.2026 54:01
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde. Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Wa...
#334: Wannear is it promoasjefeest fan Cambuur? Moat Brouwers spylje? En krijt Diemers in nij kontrakt? 02.03.2026 52:54
René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is de blessuere fan Mark Diemers? En hoe giet it by Hearrenfean? Moat Luuk Brouwers spylje? En wie Hearrenfean no goed of matich tsjin Sparta?
#333: In histoaryske útstjoering mei in (Sherida) spitsediskusje, in rein oan priisfragen en it djippe dal fan in rekôrynternasjonal 23.02.2026 59:00
It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklu...
#332: Vlap sjocht weromkear wol sitten, Hearrenfean hat karakterploech en Rivera is on fire 16.02.2026 51:18
Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat Hearrenfean in karakterploech hat.
#331: De beste spits oait fan SC Cambuur, ekstra punten foar sc Hearrenfean en mei de botte bile troch de seleksjes 09.02.2026 56:12
Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús soargen meitsje oer Sportklup Hearrenfean? It komt net goed út 'e winterstop en ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. Van der Heide leit út wêrom't dy soargen net nedich binne. Yn Ljouwert moat fêst...
Olympyske Sportcast: Sjinkie Knegt fynt it belachelik, kondooms yn Milaan en Kok vs Groenewoud 04.02.2026 34:08
Yn dizze spesjale edysje fan de Sportcast is Sjinkie Knegt te gast en skowe Roelof de Vries en Andor Faber oan. We besprekke de kânsen fan de 7 Fryske dielnimmers oan de Olympyske Spelen en we ha ferbining mei ús man yn Milaan: Willem Vermeltfoort.
#330: Van Overeem is in "meesterset", dossier-Noppert en wa hat belle foar Baouf? 02.02.2026 57:25
Technysk manager fan sc Hearrenfean Johan Hansma is te gast. Hy fertelt oer wat der dizze transferperioade allegear spile, oft er noch wat spilet en oft Andries Noppert bliuwt. We belje ek mei technysk manager fan SC Cambuur.
#329: Dribbelkening Maas Willemsen,The Voice of Holland by famylje De Jong en FC Grins-direkteur begrypt der neat fan 26.01.2026 59:08
Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten it fjild ymponearret de 22-jierrige Willemsen, sa leare wy yn de Sportcast. Fierder is der in ynsjoch hoe't in freedtejûn by de famylje De Jong yn Drachten derút sjocht: gjin skeakelkanaal mei KKD-wedstrid...
#328: Op dizze datum promovearret Cambuur, Hearrenfeanspilers litte inoar fersûpe en Karlsbakk-yndeks smyt in moaie transfer op 19.01.2026 54:00
SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong docht dat net, mar yn de Sportcast bart dat wol. De spilers fan Sportklup Hearrenfean steane wer efkes mei de beide fuotten op ierde, nei't FC Grins mei 2-0 wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Neffens âld-spiler Geert...
#327: Bernt, Brouwers en de badkeamer, in KKD-topper en Feyenoord is in 'luzeploech' 12.01.2026 40:42
Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn sitten as in lykspul? SC Cambuur spilet freed de kreaker tsjin koprinner ADO Den Haag, mar yn Den Haach binne se eins hielendal net mei de Ljouwerters dwaande. Hoe sit dat? En wat is der no krekt bard mei Bernt Klaverb...
#326: De man fan 100.000 euro, in 'ruw diamantje' by Hearrenfean en wol of gjin fjildferwaarming yn Emmen? 05.01.2026 53:03
It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in Fryske haadtrainer. Hy is ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, mar sjocht ek kânsen. Hokker? Dat fertelt er yn de Sportcast. Fierder is der fanút it trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean in ynformant, dy't...
#325: Sportive hichtepunten en djiptepunten yn de oaljekoekeshow! En wa is 'Appie?' 29.12.2025 32:52
It fuotbaljier 2025 sit derop foar Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur en dus is it tiid om werom te sjen. Wat wiene de hichtepunten? En hoe wiene de djiptepunten? Fansels wurdt der ek fêst foarút sjoen op wat it nije jier ús biede sil. Sa sjogge we yn de glêzen bol oft Hearrenfean de bekerfinale hellet. En keart de Fryske derby werom mei de promoasje fan Cambuur?
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.