Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Oct 19, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
SportCast #146: Sulveren Jan Ykema: "Myn pikstart wie no eins in falske start west" 15.02.2022 20:54
Jan Ykema wûn yn 1988 yn Calgary mei in 'pikstart' in sulveren medalje op 'e 500 meter. "Hjoed-de-dei hie it in falske start west", seit Ykema yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
SportCast #145: Sipke Hulshoff kin haadtrainer wurde yn de earedivyzje: "It is hiel konkreet" 14.02.2022 44:48
Sipke Hulshoff sit yn in lúkseposysje. Hy is no trainer by de beloften fan Feyenoord, mar dy klup wol him folgjend seizoen as assistint-trainer by it earste alvetal. Hy kin ek haadtrainer wurde by in klup yn de earedivyzje.
SportCast #144: Ald-Olympysk kampioen Bob de Jong: "Jorrit Bergsma pakt goud" 10.02.2022 21:46
De Sweed Nils van der Poel mei dan favoryt wêze foar de 10 kilometer, neffens âld-Olympysk kampioen Bob de Jong hinget der in ferrassing yn 'e loft. "Als Jorrit Bergsma een scherpe tijd neerzet, kan Van der Poel daar zomaar onder bezwijken." Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
SportCast #143: Falko Zandstra: "Der is der net ien dy't safolle talint hie as ik" 08.02.2022 20:32
Falko Zandstra helle yn syn reedrydkarriêre ien sulveren en ien brûnzen Olympyske medalje, mar der hie folle mear ynsitten. Dat seit Zandstra yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
SportCast #142: Skiedsrjochter Van de Graaf oer insidint Mees Hoedemakers: "Het is gewoon pech" 07.02.2022 45:56
"Ik heb hem kennelijk in zijn oog geraakt, maar kon er niet zoveel aan doen", dat seit skiedsrjochter Edwin van de Graaf yn de SportCast fan Omrop Fryslân oer dat hy Cambuur spiler Mees Hoedemakers blessearre.
SportCast #141: Ald-wrâldkampioen Hilbert van der Duim: "Sven hie better ophâlde kinnen" 04.02.2022 19:40
"Sven Kramer hie al earder in punt efter syn karriêre sette moatten." Dat seit twafâldich reedrydwrâldkampioen Hilbert van der Duim yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op ús temaside.
SportCast #140: Foppe de Haan wol Ruud van Nistelrooij as nije trainer: "Soe fantastysk wêze" 31.01.2022 1:05:49
As it oan Foppe de Haan leit, dan hellet sc Hearrenfean Ruud van Nistelrooij as nije coach. Dat seit hy yn de SportCast. Fierder prate we oer de lêste transferperikelen.
SportCast #139: Foeke Booy oer syn harsenynfarkt: "Ik heb veel geluk gehad" 24.01.2022 58:57
Foeke Booy is te gast. Hy is technysk manager fan Cambuur en we prate oer it hersenynfarkt dat hy hân hat, oer de transferperioade en oer de druk op sc Hearrenfean-trainer Johnny Jansen.
SportCast #138: "Kees van Wonderen is heel degelijk, die bewaart zijn geld het liefst in een ouwe sok" 17.01.2022 41:06
Yn dizze Sportcast belje we mei RTV Oost ferslachjouwer Tijmen van Wissing oer de mooglike komst van Kees van Wonderen nei Hearrenfean, oer it bekerduel fan tiisdei tsjin Go Ahead Eagles en prate we fierder oer Cambuur en oer Henk de Jong, dy't wer op de bank sit.
SportCast #137: Issa Kallon: "Dat ik na dit seizoen ga vertrekken, is wel duidelijk" 10.01.2022 52:49
Bliuwt Issa Kallon by Cambuur? Soe Thom Haye in oanwinst wêze? En hoe rint it ôf yn de soap oer de nije trainer fan sportklup Hearrenfean?
SportCast #136: Ferry de Haan oer Joey Veerman: "PSV heeft zich gemeld, bod Feyenoord ligt er nog" 03.01.2022 42:34
PSV en Feyenoord binne yn de merk foar Joey Veerman. Dat befêstiget technysk manager Ferry de Haan fan sc Hearrenfean yn de nije SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #135: Henk Hospes mei pupil Sanne in 't Hof nei Spelen: "Unfoarstelber" 30.12.2021 33:25
Reedrydcoach Henk Hospes mei nei de Olympyske Spelen omdat syn pupil Sanne in 't Hof twadde waard op de fiif kilometer. Dat hy no wer nei de Spelen mei rekket him bot. "Dan giet der in hiele berch troch je hinne."
SportCast #134: Geert Kuiper: "Net in goede kar fan de bûnscoach" 29.12.2021 38:03
Geert Kuiper fynt dat reedrydbûnscoach Jan Coopmans mear nei Jorrit Bergsma sjen moatte soe foar de ploege-efterfolging. Kuiper seit dat yn it fjirde diel fan de OKT-SportCast.
SportCast #133: Jesper Hospes: "Femke Kok hat seker wat te sykjen op de Spelen" 28.12.2021 40:16
"As Femke Kok pykt, dan docht se seker mei", seit Jesper Hospes. Yn de Sportcast prate we op de tredde dei fan it OKT mei Hospes en Douwe de Vries oer Kok, Michelle de Jong en Jorrit Bergsma. We sjogge ek foarút nei de 1.500 meter foar froulju en de 1.000 meter foar manlju.
SportCast #132: Douwe de Vries: "Schouten har basis is sneller as alle oaren" 27.12.2021 30:44
Antoinette de Jong hat har nei de 1.000 meter ek pleatst foar de 3.000 meter. Efter Irene Schouten is se twadde wurden. We prate deroer yn de SportCast mei âld-reedrider Douwe de Vries en Ljouwerter Krante-sjoernalist Johan Stobbe.
SportCast #131: "Ik tink net dat Feyenoord Veerman betelje kin" 27.12.2021 47:13
De winterske transferperioade komt der wer oan en dus nimme de spekulaasjes ta. Feyenoord soe in bod dien hawwe op Joey Veerman, mar yn de SportCast wurde fraachtekens set by de finansjele slachkrêft fan de Rotterdammers.
SportCast #130: Geert Kuiper: "Sven Kramer sil nei de Spelen, dat is wol klear" 26.12.2021 45:57
Reedrydcoach Geert Kuiper is der wol wis fan: "Sven Kramer sil nei de Spelen. Dat is wol klear." Dat sei Kuiper yn de ekstra SportCast fan Omrop Fryslân oer it Olympysk kwalifikaasjetoernoai.
SportCast #129: De seis krúsjale mominten yn de Fryske derby 20.12.2021 52:59
It wie troch de betide reade kaart miskien net de Fryske derby dêr't de fuotbalfans op hope hiene, der barde lykwols genôch. Yn de nije SportCast beprate we mei âld-keeper en fuotbalanalist Harm Zeinstra de seis krúsjale mominten fan de derby.
SportCast #128: Trainers genietsje fan sfear rûn Fryske derby: "Het is een heel beladen wedstrijd" 13.12.2021 51:09
It is ôftellen. Noch seis nachten sliepe en dan is it safier. De earste Fryske derby sûnt fiif jier. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân litte trainers Johnny Jansen fan sc Hearrenfean en Pascal Bosschaart fan SC Cambuur witte net wachtsje te kinnen.
SportCast #127: Sparta terge troch útspraak Joey Veerman: "Dit is olie op het vuur!" 06.12.2021 41:24
Sparta Rotterdam leaut wol yn in sukseske tsjin sc Hearrenfean, nettsjinsteande it feit dat de Rotterdammers dit seizoen pas twa kear wûnen. Dat fertelt Bart Vriends, ferdigener fan Sparta én podcastmakker, yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
SportCast #126: Cambuurdirekteur Ard de Graaf: "Als er één gaat, dan voor de hoofdprijs" 29.11.2021 56:37
De kommende jierren sil Cambuur in spiler ferkeapje boppe de oardel miljoen euro, seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Dat gaat 100 procent zeker gebeuren, daar twijfel ik geen seconde aan."
SportCast #125: Gert Kruys oer Cambuur: "De play-offs halen is niet onmogelijk" 22.11.2021 44:20
Gert Kruys hat lovende wurden oer foar SC Cambuur. De âld-trainer fan de Ljouwerters is ûnder de yndruk. "Misschien gaan ze wel super verrassen. Dat we een stunt krijgen. Dat ze de play-offs voor Europees voetbal halen."
SportCast #124: Sandor van der Heide is no gelokkich: "Ik mis het voetbal niet" 15.11.2021 1:06:54
Sandor van der Heide wit noch net oft er weromkomt yn it fuotbal. Hy wie oant dizze simmer assistint-trainer fan SC Cambuur, mar is no gelokkich bûten it fuotbal.
SportCast #123: 'Mister Hearrenfean' Maarten de Jong: "Ze juichen als eilandjes" 08.11.2021 36:32
Nei trije ferliespartijen pakte sc Hearrenfean ien punt tsjin promovendus NEC. Maarten de Jong is kritysk op de ploech en op trainer Johnny Jansen. "Er zit geen teamspirit in. Ze maken de 1-1, maar juichen als eilandjes. Dat is veelzeggend", sa seit 'Mister Hearrenfean'.
SportCast #122: "sc Hearrenfean hat ferlern troch in arbitrale dwaling" 01.11.2021 41:36
Skiedsrjochter Martin van den Kerkhof en fideoskiedsrjochter Robin Hensgens hiene yn it duel tusken sc Hearrenfean en Vitesse yngripe moatten by minimaal twa sitewaasjes. Dat fynt assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.