Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 390 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 19, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

SportCast #121: De assistinten fan Johnny Jansen: "Het halen van de play-offs is niet reëel" 25.10.2021

"Diep in ons hart willen we strijden voor de play offs, maar dat is niet reëel", seit assistint-trainer Peter Reekers fan sc Hearrenfean. Ole Tobiasen is it mei him iens. "We moeten dat verwachtingspatroon bijstellen, maar de buitenwacht ziet ons nog altijd als een subtopper."

SportCast #120: Hearrenfean treft ideale skoansoannen: "Zouden met m'n dochters uit mogen" 18.10.2021

sc Hearrenfean treft yn FC Utrecht in ploech dêr't de druk der fol op stiet. De kâns is grut dat de basis fan de klup út de Domstêd sneon op de skop giet.

SportCast #119: Alex Bangura: "Ik droom ervan om ooit bij Chelsea te spelen" 11.10.2021

Alex Bangura is oant no ta de revelaasje by SC Cambuur. De linkerferdigener dreamt yn de SportCast hurdop oer syn takomst. "Ik droom ervan om bij Chelsea te voetballen. Vroeger was ik een enorme fan van Didier Drogba, ik vond hem echt geweldig. Zo is de liefde voor Chelsea ontstaan."

SportCast #118: Piet Keur: "Heerenveen is een sloom elftal" 04.10.2021

As je allinnich sjogge nei de ranglist, dan tinke je dat sc Hearrenfean it goed foarinoar hat. Mar yn de SportCast is earder publyksleaveling Piet Keur hurd yn syn oardiel: "Heerenveen heeft een sloom elftal, er zit totaal geen passie in. Als die slomigheid er uitgaat, dan wordt het misschien nog wat."

SportCast #117: Henk de Jong hat takomst yn 'e holle: "Mei jonge minsken om de âlde garde hinne" 27.09.2021

Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.

SportCast #116: Milan van Ewijk giet foar 'Dumfries-rûte': "Maar wel op eigen manier" 20.09.2021

It liket Milan van Ewijk wol wat: deselde rûte bewannelje dy't Denzel Dumfries ek ôflein hat. Fan de amateurs nei in lytse klup yn de earedifyzje, om dan fia sc Hearrenfean nei in topklup yn Nederlân te gean. Dêrnei is in grutte kompetysje yn it bûtenlân it einstasjon.

SportCast #115: Keeperstrainer Etienne Stomp hâldt op by Curaçao 13.09.2021

As keeperstrainer fan Curaçao reizget Etienne Stomp de hiele wrâld oer, mar no set hy in punt efter syn ynternasjonale karriêre. Dat makke hy bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #114: "Sam Hendriks kinne wy no al ôfskriuwe" 06.09.2021

It seizoen is noch mar kwalik begûn, mar no al doart Cambuur-watcher Andor Faber de earste pittige konklúzjes te luken. "Fan Tamas Kiss kinne wy noch in soad ferwachtsje en Sam Hendriks kinne wy ôfskriuwe."

Fierljep Kafee 2021 03.09.2021

Yn it Fierljep Kafee wurdt troch presintator Gerrit de Boer mei gasten foarútsjoen nei it FK fierljeppen en weromsjoen op it ljepseizoen. Oan'e oarder komme: Weromsjen op it FK 2011 mei Thewis Hobma as kampioen Foarútsjen op nije skânsen foar Drylts en It Heidenskip In spektakulêre kollum fan Hendrik Murk Haanstra Nostalgysk ûnderwerp út it ferline mei nijsgjirrige gasten Skerpe foarútblik op it F...

SportCast #113: It lêste nijs op Transfer Deadline Day 31.08.2021

Mei noch in pear oeren te gean yn de transferperioade nimme we it lêste nijs troch mei ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber. Wat dogge SC Hearrenfean en SC Cambuur hjoed?

SportCast #112: Ferry de Haan rekkenet net op AZ-transfer Joey Veerman: "Op dit moment niet reëel" 30.08.2021

By SC Hearrenfean geane se der net fanút dat Joey Veerman ferkocht wurdt oan AZ. Snein fertelde de Volendamse middenfjilder dat de Alkmaarders 4.5 miljoen euro op him bean hawwe. It gat mei de fraachpriis is te grut, al wol technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean net op bedraggen yngean.

SportCast #111: "De druk stond al op de ketel toen ik aangenomen werd" 23.08.2021

"Ik ben blij dat ik weer op het veld sta, het is alleen jammer dat de resultaten nog niet goed zijn. Dat geeft toch de nodige spaning", dat seit Almere-trainer Gertjan Verbeek yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

#Sportcast 110: Michel Vlap: "Heerenveen was niet concreet genoeg" 16.08.2021

Yn dizze Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy makke dit wykein syn debút by FC Twente. En fansels beprate we de lêste wedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.

#109: Erik Schouten: "Wij willen er ook hele goede spelers bij, maar maken ons geen zorgen" 09.08.2021

Dit wykein begjint de earedifyzje mei twa Fryske klups. Hearrenfean hat in bettere tarieding hân as ferline jier, by Cambuur hie dat better kind. Benammen troch in soad coronagefallen wie de tarieding net optimaal. We prate deroer mei Cambuur-oanfierder Erik Schouten.

SportCast #108: Johnny Jansen ûntkent ûnrest oer oanfierder: "Deze week meer duidelijkheid" 02.08.2021

It wurdt dizze wike dúdlik wa't kommend seizoen oanfierder wurdt fan SC Hearrenfean. Dat fertelt trainer Johnny Jansen yn de SportCast. Der soe ûnrêst oer it oanfierdersskip wêze, om't Henk Veerman de bân net drage wol. Dêr is neffens Jansen gjin sprake fan.

SportCast #107: Quenten Martinus 26.07.2021

De Olympyske Spelen binne dwaande yn Japan. In Ljouwerter dy't al hiel lang yn Japan fuotballet, is Quenten Martinus. Al seis jier lang spilet er yn de J-League, it heechste nivo yn Japan. "Ik zie mezelf voorlopig nog niet terugkeren in Nederland."

SportCast #106: Tom Boere en Xavier Mous 19.07.2021

De ien moat Robert Mühren opfolgje by SC Cambuur en de oar wol de nije keeper fan sportklup Hearrenfean wurde. Tom Boere en Xavier Mous binne hjoed te gast yn de Sportcast. Dêryn prate we mei harren oer de tarieding en oer de tiid dat Boere en Mous tegearre by FC Oss spilen.

SportCast #105: Erwin Zeinstra: "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is" 12.07.2021

Erwin Zeinstra is werom yn Dronryp. Sneintejûn flagge er de EK-finale op Wembley tusken Italië en Ingelân. "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is", seit er yn de SportCast. Dêryn fertelle ek twa oare Fryske assisint-skiedsrjochters, Jan de Vries en Hessel Steegstra, har ferhaal.

Sportcast #104: Pieter Huistra beskikber as bûnscoach? 05.07.2021

Pieter Huistra is wat bûten byld rekke. De lêste fjouwer jier fiert hy suksessen yn Oezbekistan, mar hy tinkt oan in weromkear op de Nederlânske fuotbalfjilden. Hy slút sels de rol fan bûnscoach net út, fertelt er yn de SportCast. "Moatst altiten grut tinke en leauwe yn dyn eigen kwaliteiten. Se kinne my altiten belje!"

SportCast #103: Theo de Jong: "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden" 28.06.2021

Theo de Jong fan Ljouwert spile fyftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en tamme spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."

SportCast #102: Jan Kromkamp: "Italië is mijn favoriet!" 21.06.2021

Ald-ynternasjonal Jan Kromkamp (11 ynterlannen) fan Makkingea seit yn de SportCast dat er sjarmearre is fan Italië. "Italië speelt het leukste voetbal, lekker fris, lekker aanvallend. Ik hoop ook dat ze winnen."

SportCast #101: EK-special mei Johan Zuidema 14.06.2021

Yn de SportCast prate wy wiidweidich oer it Europeesk kampioenskip fuotbal en dat dogge wy mei âld-ynternasjonal Johan Zuidema. Zuidema spile yn it ferline by De Westerein, SC Cambuur, FC Twente, NEC en Ajax en kaam twa kear út foar it Nederlânsk alvetal.

SportCast #100: Sipke Hulshoff: "Ik wol oait noch haadtrainer wurde" 07.06.2021

Yn dizze jubileumedyzje fan de SportCast praat Sipke Hulshoff oer syn oergong nei Feyenoord. It is in dream dy't útkomt. Fan de nûmer seis fan de earedifyzje nei de Rotterdamske Kuip.

Sportcast #99: "In Volendam had niemand dit verwacht" 31.05.2021

Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam. "Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net," seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuvering grut dat Robert Mühren wer werom komt seit stadionspeaker, en omke, Jack Mühren. "In Volendam had e...

SportCast #98: "Als ik praat over dit seizoen krijg ik pijn in mijn buik" 24.05.2021

Fuotbalklup SC Hearrenfean is yn it jubileumseizoen teloarstellend as tolfde einige. Mar ien kear earder yn 'e kluphistoarje einige de klup leger op 'e ranglist. Dat wie yn 1991, doe degradearre de ploech nei de Earste Difyzje. Yn in ekstra lange SportCast binne wy te gast yn it Abe Lenstra stadion en sjogge wy werom op it ôfrûne jier mei haadrolspilers Johnny Jansen, Henk Veerman, Erwin Mulder en...

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.