Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 390 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 19, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

SportCast #97: Takom seizoen wurdt foar Johnny Jansen in eksamenjier 17.05.2021

SC Hearrenfean is it seizoen einige as de nûmer tolve fan de earedifyzje. En dat is likegoed sportyf as finansjeel besûnder teloarstellend yn dit jubileumjier. SC Hearrenfean sakke yn de twa lêste wedstriden tsjin Emmen en Sparta fier troch de ûndergrins hinne en trainer Johnny Jansen krijt aardich wat krityk.

SportCast #96: Ferry de Haan 10.05.2021

Fiif kear sei Ferry de Haan 'nee' tsjin in oanbieding fan in klup om dêr oan de slach te gean. NEC, NAC Breda, Feyenoord, FC Emmen en FC Twente krigen allegearre nul op it rekest. Mar doe't Cees Roozemond him benadere foar in rol as technysk manager, hoegde hy net lang nei te tinken.

SportCast #95: SC Cambuur kampioen 03.05.2021

By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein wie der de huldiging. "Jongens, we hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong yn de SportCast. Mar, nei trije wiken fan feestjes en in hoop drank wol de Drachtster no ek wer foarút sjen. "It moat no even stopje...

SportCast #94: Ferhâlding Roozemond en Foppe en Riemer rint wer in dûk op 26.04.2021

Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol om spand oft de petearen wol trochgiene." Yn de SportCast nuansearret Roozemond dat lykwols.

SportCast #93: Foeke Booy bliid mei earedifyzje 19.04.2021

As SC Cambuur net promovearre wie, dan hie Foeke Booy nei dit seizoen fuortgien. Dat fertelt de technysk manager fan de Ljouwerters moandei yn de SportCast. Mei Booy sjogge we foarút nei folgjend seizoen, wannear't Cambuur besykje sil om yn de earedifyzje te bliuwen. It giet oer Robert Mühren, Marco Tol en noch folle mear.

SportCast #92: Ype Smid: "Van den Belt was bang voor mij" 12.04.2021

"Van den Belt zei dat ie niet alles tegen me durft te zeggen. Dat hij bang voor me is. Althans, zo kwam het op me over." Earefoarsitter Ype Smid sprekt him foar it earst sûnt de Cambuurkrisis út oer dy situaasje yn de Sportcast. We prate mei Ype Smid oer syn relaasje mei finansjeel direkteur Gerald van de Belt, oer it kommende kampioenskip en oer de wurden fan trainer Henk de Jong: "Die hebben me...

SportCast #91: Michel Vlap: "Ik raak heel weinig ballen aan" 06.04.2021

Michel Vlap sjocht him noch alle wiken de eagen út yn de Bundesliga. De Snitser fuotballer dy't troch Arminia Bielefeld hierd wurdt fan Anderlecht fjochtet mei syn ploech tsjin degradaasje. Bielefeld stiet op it ien-nei-lêste plak yn Dútslân en sil yn elts gefal noch ien klup foarby moatte. Yn de SportCast fertelt er oer syn earste moannen yn de Bundesliga. Ek belje we mei âld-direkteur Hans Nijla...

SportCast #90: Van den Belt: "Wil komende drie jaar doorgaan" 29.03.2021

Der hat it lêste healjier in soad te dwaan west oer Gerald van den Belt, direkteur by SC Cambuur. De bestjoerlike ûnrêst kaam yn novimber nei bûten, doe't Van den Belt oanjoech op te stappen as Ype Smid foardroegen wurde soe as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Sa fier kaam it net. Yn de SportCast reagearret Van den Belt foar it earst op de rebûlje yn de bestjoerskeamer en fertelt er...

SportCast #89: "SC Heerenveen is totaal niet in balans" 22.03.2021

Hy wûn as trainer in Europa Cup mei Anderlecht, waard kampioen mei Ajax en is no benammen ferneamd om syn fuotbalanalyzes op Twitter: Aad de Mos. Yn de SportCast sykje we kontakt mei de âld-fuotbaltrainer dy't syn ljocht skine lit oer it middenfjild fan SC Hearrenfean, de kânsen fan SC Cambuur yn de earedifyzje en sels it Nederlânsk alvetal komt foarby.

SportCast #88: "Ferdomme, litte we dy klup helpe" 15.03.2021

It giet him bot oan it hert. En dat is te fernimmen as hy yn de SportCast oer 'syn' SC Hearrenfean praat. Earefoarsitter Riemer van der Velde is te gast om te praten oer it fuotbal by de Feansters en hy docht in emosjonele oprop oan alles en elkenien dy't Hearrenfean leaf hat. Ek giet it yn dizze SportCast oer de bestjoerlike perikels by SC Cambuur en de rol fan trainer Henk de Jong dêryn.

SportCast #87: Ynteresse foar Joey Veerman fan Ajax? "Foar minder as 10 miljoen euro net prate" 08.03.2021

Sportklup Hearrenfean helle in goed resultaat tsjin ADO Den Haag, mar it spul is noch altyd net om oer nei hûs te skriuwen. Cambuur giet fierder mei goed prestearjen, wûn fan Telstar en is noch altyd op wei nei promoasje. We beprate yn de SportCast de beide klups, sjogge nei wat beslissingen fan skiedsrjochters mei skiedsrjochter Jesse Rozendal en prate oer Go Ahead Eagles - Cambuur mei ferslachjo...

SportCast 86: "Ajax neemt de beker veel serieuzer" 01.03.2021

It is foar SC Hearrenfean de wedstriid fan it jier: de heale finale fan de beker tsjin Ajax. Woansdei wurdt dat duel spile en dus is der yn de SportCast alle reden om foarút te sjen op dy wedstriid. Dat dogge we mei in Ajax-saakkundige dy't ús alle ins en outs fan de klup fertelt. Ek belje wy efkes mei Henk de Jong om te hearren hoe't it mei him is, The Day After dy glânsrike oerwinning op Almere...

SportCast #85: "Sa moai fûn ik it" 22.02.2021

Dat de 'Derby van het Noorden' tusken SC Hearrenfean en FC Grins snein yn in 1-1 lykspul einige, is net sa'n grutte ferrassing. Dochs is der genôch reden om oer dy wedstriid nei te praten en dat dogge we yn de SportCast mei in spesjale gast: Feanster middenfjilder Lasse Schöne. Ek is der yn der yn de persoan fan Jan Hylkema in Mystery Guest. En it giet oer SC Cambuur, dat twa tige wichtige wedstri...

SportCast #84: "Ik wil net zo goed worden als Davy Klaassen" 15.02.2021

SC Cambuur-spiler Jamie Jacobs is mei syn goals en assists de middenfjilder mei it measte rendemint yn de Keuken Kampioen Divisie. De Cambuur-spiler is te gast yn de Sportcast. We prate oer it naderende kampioenskip, oft se klear binne foar de Earedivyzje en we ha in Mystery Guest. En we ha it oer de komst fan Lasse Schöne nei sportklup Hearrenfean.

SportCast #83: "Ik vind de Elfstedentocht verschrikkelijk" 08.02.2021

Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn tsjin Vitesse. Foar us reden om mei Vitesse-supporter Marcel van Roosmalen te beljen. We prate mei him oer dy wedstriid, oer wat hy mei Hearrenfean en Cambuur hat en oer de Alvestêdetocht. We ha ek kontakt mei Michel Vlap. De Sniters is krekt ferhierd fan Anderlecht nei Arminia Bielefeld yn Dútslân.

SportCast #82: “Ik ha in soad respekt foar de fakmân Sven Kramer” 04.02.2021

It Wrâldkampioenskip ôfstannen fynt plak fan tongersdei 11 febrewaris oant 'e mei 14 febrewaris yn it Thialf-stadion. Sân Fryske reedriders dogge mei oan dit toernoai. Se libje mominteel oer it algemien al wike yn in bubbel. Sa ek coach Jillert Anema. Fanútsyn hotel praat hy yn dizze Sportcast mei oer it kommende WK. Jesper Hospes is ús hûs-analytikus en hy sjoch tegearre mei presintator Roelof de...

SportCast #81: "Ik ga ze niet vertellen hoe je mensen dwars doormidden schopt" 01.02.2021

Yn de nije SportCast is der wer in hoop te bepraten. Sa pakt SC Hearrenfean fjouwer punten út de lêste twa wedstriden, rekkenet SC Cambuur ôf mei it anty-fuotbal fan MVV én is it ek nochris Deadline Day: de dei dat spilers foar it lêst in transfer meitsje kinne. Om dy reden hinget technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean oan 'e line. Ek prate we mei âld-fuotballer Joey van den Berg, dy't no...

SportCast #80: "Hearrenfean hat echt in hiel grut probleem" 25.01.2021

Twa bysûndere gasten yn de Sportcast dizze wike: we prate mei Reza Ghoochannejhad, âld-fuotballer fan sportklup SC Hearrenfean en SC Cambuur. Hy skoarde dit wykein in hattrick foar PEC Zwolle. En we belje mei Peter Houtman, âld-fuotballer fan ûnder oare Feyenoord en no stadionspeaker yn De Kuip. Hearrenfean spilet yn koarte tiid foar de kompetysje én de beker tsjin Feyenoord. We prate oer de krisi...

SportCast #79: "Ik soe graach ha dat Sandor oer in pear jier myn plak oernimt" 18.01.2021

Reitsje se by SC Cambuur al in bytsje yn panyk nei't der de lêste twa wedstriden mar ien punt pakt is? En hoe is de stimming by SC Hearrenfean nei wer gjin oerwinning? Fragen dy't yn de SportCast oan 'e oarder komme. Trainer Henk de Jong fan Cambuur is te gast en sa no en dan skoot der ek efkes in oare gast oan, om it ien en oar te ferdúdlikjen.

SportCast #78: "De reedrydbubbel is ien fan de feilichste plakken op de wrâld" 13.01.2021

Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foa...

SportCast #77: "Dit is Heerenveen-onwaardig" 11.01.2021

Trainer Johnny Jansen fan Hearrenfean siet snein troch corona thús mei sjachrijn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, de gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer corona. Dêrneist ha we ek kontakt mei Sipke Hulshoff, dy't troch guon sjoen wurdt as de kroanprins ûn...

SportCast #76: "Siem de Jong hopet op Hearrenfean-debút snein: Ik kan gewoon spelen" 04.01.2021

SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kolle...

SportCast #75: "Der binne tefolle spilers dy't by Hearrenfean net thus jouwe" 28.12.2020

It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan us wend, mar we ha it ek oer reedriden en Sven Kramer.

SportCast #74: "Sipke Hulshoff moat kieze tusken Ajax of Feyenoord" 21.12.2020

Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.

SportCast #73: "Zonder Sandor hadden we vorig jaar een groot probleem" 14.12.2020

Wer net geweldich spylje, mar wol wer winne. It is it ferhaal mominteel fan SC Cambuur. De Ljouwerters stean fier oan kop. We prate mei Mitchel Paulissen oer wêrom't it no sa goed giet, oer syn konkurrint Robin Maulun en oer assistint-trainer Sandor van der Heide. En we sjogge werom op it duel tusken Vitesse en SC Hearrenfean.

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.