Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 390 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 19, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

SportCast #72: "Ik vind Siem de Jong niet een logische keuze" 07.12.2020

Nei in wedstriid mei twa gesichten, ha SC Hearrenfean en PSV snein de punten ferdield. We prate der oer mei âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Syn boek waard ferline wike presintearre, mar mei Verbeek is der altyd wat te bepraten. We sjogge werom op SC Hearrenfean-PSV, hy is kritysk oer de komst fan Siem de Jong en hy praat oer syn ambysjes om direkteur fan Hearrenfean te wurden. Fierder ha we...

SportCast #71: "It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit" 30.11.2020

Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels giet it ek oer SC Hearrenfean, dat yn Den Haach net fierder kaam as in lykspul.

SportCast #70: "Bytsje earmoedich dat SC Hearrenfean it balbesit lit oan RKC" 23.11.2020

SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters keurich op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat De Graafschap relatyf ienfâldich ferslaat en efter Almere City twadde stiet yn de earste difyzje.

SportCast #69: Foppe de Haan: "Cambuur wurdt kampioen" 16.11.2020

SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje fanwege de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal, wylst SC Cambuur snein de flier oanfage mei konkurrint Almere City. Genôch reden om troch te praten oer it fuotbalwykein en om djipper op dé klup fan ús gast yn te zoomen. Dat dogge we yn de SportCast mei âld-trainer en klupikoan Foppe de Haan fan SC Hearrenfean.

SportCast #68: "As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer" 09.11.2020

It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. We prate deroer yn de nije SportCast en ek giet it oer Joey Veerman en Jong Oranje, Henk de Jong en FC Utr...

SportCast #67: "PSV is skofterich" 02.11.2020

"Mei ik dat sa sizze? Ja, eins wol, ik fyn it skofterich." Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat it oer PSV, dat fan 'e moarn pas bekend makke dat de wedstriid tsjin Cambuur fan moandeitejûn net trochgiet. Neffens Rik Elfrink fan it Eindhovens Dagblad binne der no tsien gefallen fan corona by PSV. We prate yn dizze Sportcast mei Elfrink, mar we prate ek oer it sukses fan de nûmer fjouwer fan de Eare...

SportCast #66: "Ik zou heel graag trainer van Cambuur willen worden" 26.10.2020

It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keeper Fred Grim no trainer is. Hy krijt noch altyd waarme gefoelens by Ljouwert en docht in opfallende útspra...

SportCast #65: "In Breda gaan we al uit van de periodetitel" 19.10.2020

NAC Breda mist troch corona miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs gean se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC gaat." Yn de Sportcast prate we oer de topper NAC Breda-SC Cambuur, oer de kânsleaze nederlaach fan S...

SportCast #64: "Ik vind NAC niet de favoriet" 12.10.2020

"Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitsentrainer is. Cambuur wûn dit wykein mei 5-0 fan FC Dordrecht. We prate mei Barto en mei syn âld-kolle...

SportCast: #63: Drokke Deadline Day foar Hamstra en Booy 05.10.2020

It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertelle oer harren plannen op de transfermerk.

SportCast #62: Issa Kallon oer ynteresse: "Er speelt wel wat" 29.09.2020

De grutte man oan de kânt fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oar it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei njoggen wedstriden boppe-oan stiet. En we prate mei assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra oer de diskusjes oe...

SportCast #61: "Joey Veerman? Dy jonge is fabuleus" 21.09.2020

Wa't ein augustus sein hie dat SC Hearrenfean nei twa wedstriden koprinner wêze soe fan de earedifyzje, wie warskynlik foar gek ferklearre. Alle wedstriden yn de tarieding waarden ferlern, mar nei Willem ll (2-0) bûnen de Feansters ek Fortuna Sittard (3-1) oan de oerwinningsrige. Der wurdt wiidweidich oer praat yn de nije SportCast, lykas dat de sportferslachjouwers it hawwe oer de teloarstellende...

SportCast #60: Robert Mühren genietet yn Ljouwert: "Een genot om hier elke week te spelen" 14.09.2020

It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bew...

SportCast #59: "Ik stean op it fjild, ik hear oerwâldlûden, ik stap fan it fjild. Wêrom docht gjin ien dat?" 07.09.2020

"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy wer oerwâldlûden te hearren. Cambuurferslachjouwer...

SportCast #58: Henk Veerman: "In de breedte is het nog te licht" 31.08.2020

Dizze wike is Henk Veerman, de nije spits fan SC Hearrenfean, te gast. Hy is de man dy't SC Hearrenfean it kommende seizoen fan doelpunten foarsjen moat. Freed waard de Volendammer presintearre en saterje stie er al yn de basis yn de oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück.

SportCast #57: Henk de Jong siik thús 24.08.2020

Cambuur-trainer Henk de Jong hie ferline wike búkgriep en wie dêrom efkes net op de klup. Moandei kaam dêrby dat syn frou ek siik is. Dus koe hy wér net oan it wurk sa't er dat sels wol. Syn frou wurdt moandei test. De Jong hat wol efkes op de klup west en op ôfstân mei wat minsken praat. Mar hy wol gewoan wer oan de slach. "Ik wol wurkje, net my siik melde. Je skamje je dêr hast foar."

SportCast #56: "Als speler had ik dit niet geaccepteerd van mijn aanvoerder" 17.08.2020

Gerald Sibon is alwer efkes fuort by Hearrenfean, mar de klup giet him noch altyd oan it hert. "Tuurlijk, ik ben een clubman." Sa sprekt Sibon him yn dizze Sportcast út oer de kwaliteiten fan dizze seleksje, oer de krityske wurden fan oanfierder Joey Veerman nei de pynlike 5-1 nederlaach tsjin De Graafschap, oer hoe't de klup mei klupminsken omgiet en hoe't hy tinkt oer in rentree by Hearrenfean e...

SportCast #55: "Ik ben destijds bij Cambuur de deur uitgewerkt" 10.08.2020

Mark de Vries wurdt yn syn tiid by SC Cambuur in cultheld. Hy skoart oan de rinnende bân en wint by Cambuur sels 'de Gouden Schoen' foar bêste fuotballer fan de Earste Difyzje. Mei De Vries prate we oer syn tiid yn Skotlân by Hearts of Midlothian, oer it healjier by sportklup Hearrenfean, mar toch foaral oer Cambuur.

SportCast #54: "Cambuur moat mar net winne fan FC Emmen" 03.08.2020

Sportklup Hearrenfean hat noch gjin yndruk makke yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen. Se ferlearen mei 1-0 fan NAC Breda. "Al sjogge je dúdlik dat se guon spilers noch misse", stelt ferslachjouwer Roelof de Vries. Cambuur hat lykwols trije oefenpotsjes op rige wûn. De lêste tsjin PEC Zwolle. "It giet sa goed, se moatte freed mar net winne fan FC Emmen."

PC Kafee: 2020 29.07.2020

Yn it PC Kafee praat Geert van Tuinen mei kening Dirk Talsma fan 1970 en ferliezend finalist Johan van Seijst út datselde jier. Ek Klaas Berkenpas, Dirk-Jan van der Woud (winners yn 2000) en Chris Wassenaar (ferliezend finalist 2000) binne te gast. En we geane ek nei de PC fan 2010, mei winner Daniël Iseger en ferliezer Pieter van Althuis. De muzyk komt fan Te Gare, de kollum fan Bonne Stienstra e...

SportCast #53: "FC Kruisband heeft zich gemeld" 27.07.2020

Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan syn knibbel en no is er koartlyn wer holpen oan in lossittende krúsbân. Yn de nije Sportcast praat er deroer.

SportCast #52: "Angst om de confrontatie aan te gaan" 20.07.2020

Op de jierdei fan SC Hearrenfean, dat moandei it hûndertjierrige bestean fiert, is Jan de Jonge te gast yn de nije SportCast. Hy kaam oer trije ferskate perioaden út foar de Feansters: ien kear as spiler, in kear as assistint-trainer en as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is De Jonge trainer fan twaddedifyzjonist De Treffers út Groesbeek. 

SC Hearrenfean 100 jier #6: "Huntelaar kaam noch in fiskje iten, mar woe net weromkomme" 17.07.2020

Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa in top 4. Boppedat belje we mei âld-Hearrenfeanspiler Jon Dahl Tomasson. Hy spile fan 1994 oant 'e mei...

SportCast #51: Roozemond hopet stadionhier flink te ferleegjen 13.07.2020

De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it effekt dêrfan op It Fean. Dan binne der ek noch ris de festiviteiten rûnom it hûndertjierrich jubileum. Gen...

SC Hearrenfean 100 jier #5: "Die mensen konden je wel opeten!" 07.07.2020

Sportklup Hearrenfean hat yn harren 100-jierrich bestean hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear dogge we dat oer de twastriid tusken Hearrenfean en Cambuur. Dat dogge we mei Maarten de Jong en Foppe de Haan, dy't aardich wat derby's mei ma...

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.