Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Oct 19, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
SportCast #50: "Eerste paal in voorjaar 2021" 06.07.2020 36:38
Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuwe behâlden. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt praat der yn de nije SportCast oer.
SC Hearrenfean 100 jier #4: "Na de bekerwinst kon ik wel 20 keer trouwen" 03.07.2020 48:58
17 maaie 2009 is foar in soad Hearrenfean-supporters in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Tegearre mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de road to the final, de wedstriid sels en it feest dêrnei. "Ik kon met wel 20 vrouwen trouwen."
SportCast #49: "Ik ben een product van de Heerenveen-opleiding" 29.06.2020 31:27
Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Hy is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. Doelstelling wie hanthavening op it heechste nivo en dat is slagge. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat, mar hy slút in weromkear nei it Abe Lenstra stadion yn 'e takomst net út.
SC Hearrenfean 100 jier #3: "It wie in mirakel!" 26.06.2020 28:38
SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as allerearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer 16. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en wurdt ferfongen troch Fritz Korbach. En dan ûntstiet der in bizar senario.
SportCast #48: "Berghuis was de eerste die me feliciteerde" 22.06.2020 40:02
Der binne net in soad Friezen dy't oait foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Grins, dat him ek hawwe woe. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast...
SC Hearrenfean 100 jier #2: "Het liefst zou ik je nu uit het vliegtuig willen gooien" 19.06.2020 46:18
Sportklup Hearrenfean ferraste yn it seizoen 1999/2000 elkenien troch twadde te wurden yn de earedifyzje. Dêrmei helle SC Hearrenfean de Champions League. Mei keeper Hans Vonk, ferdigener Gérard de Nooijer en oanfaller Anthony Lurling sjogge we werom op it seizoen dat se Champions League hellen en it seizoen dat se Champions League spilen.
SportCast #47: "Grote vissen laten zich niet zo makkelijk vangen" 15.06.2020 36:27
It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder oare op de transferperikels yn it Abe Lenstr...
SC Hearrenfean 100 jier #1: "Abe wie better as Cruijff" 12.06.2020 37:03
SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. Abe makke as 15-jierrich jonkje syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean. Yn totaal wurdt Hearr...
SportCast #46: "Peter deed tok-tok in het gezicht van de vierde official" 08.06.2020 37:38
Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide yn Ljouwert assistearret.
SportCast #45: "Ik kan er best wel emotioneel van worden" 02.06.2020 43:31
Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út syn tiid as spiler.
SportCast #44: "Volendam zit op het vinkentouw" 25.05.2020 42:50
"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertelt Booy der wiidweidich oer.
SportCast #43: "Sûnder kloaten nei de hoerekast" 18.05.2020 43:10
It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.
SportCast #42: "Die Gudde is een soort autist en totaal ongeschikt" 11.05.2020 54:32
It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de mûle nimt, skoot oan yn de nije SportCast.
SportCast #41: Jansen sjocht komst Huntelaar wol sitten 04.05.2020 43:35
It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. Ek Jansen net.
SportCast #40: "De KNVB-prosedure wie technysk sjoen tige amateuristysk" 27.04.2020 46:13
Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anker, dy't te gast binne yn de nije SportCast. Dêryn...
SportCast #39: "Bij Cambuur heb ik de mooiste tijd gehad" 20.04.2020 43:12
Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de nije SportCast fertelt er oer syn perioades yn Frys...
SportCast #38: "Ik zou niet onder Roozemond kunnen werken, wel naast hem" 14.04.2020 33:33
It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.
SportCast #37: "Wil de trainerscursus gaan doen door Henk en Sandor" 06.04.2020 30:28
Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?
SportCast #36: Michel Vlap: "Huntelaar schiet er vijftien tot twintig in voor Heerenveen" 30.03.2020 34:17
Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptopskoarer.
SportCast #35: Ald-Cambuurspiler Koen Brack yn Italië: "Het is écht ongelooflijk" 23.03.2020 38:29
Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarden. Als je medische hulp nodig hebt of boodschappen...
SportCast #34: Epke siket in loads: "Acht meter heech graach!" 16.03.2020 32:58
It coronafirus hâldt ek yn 'e sport elkenien yn 'e besnijing. De fuotbalkompetrysjes lizze stil, mar kin der dêrnei wer fuotballe wurde. Sportferslachjouwers Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen beprate de aktuele sitewaasje.
SportCast #33: "Nije Cambuurstadion moat de namme fan Henk de Jong krije" 09.03.2020 30:17
Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear mei Henk. Dan moatte je dêr wat mei." Under lieding fan presintatrise Jantine Weidenaar sjogge sportf...
SportCast #32: Sandor van der Heide wol haadtrainer wurde 02.03.2020 42:28
It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en jong-Ajax, dat zal me worst wezen. Als we maar promoveren." En SC Hearrenfean trainer John...
SportCast #31: "Se falle by SC Cambuur by boskjes om" 24.02.2020 34:03
It iennige wat SC Cambuur noch fan promoasje ôfhâlde kin, binne it tal blessueres. Issa Kallon, Robin Maulun, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Jarchinio Antonia binne de lêste wiken blessearre rekke en dat is reden ta soarch. By SC Hearrenfean binne der nei it lykspul tsjin ADO Den Haag oare soargen. It gebrek oan effektiviteit brekt de ploech al wikenlang op. Dizze wike prate Roelof de Vries, A...
SportCast #30: "It is absolút gjin krisis by SC Hearrenfean" 17.02.2020 42:44
It wurd "krisis" falt as it oer SC Hearrenfean giet. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear foar de fjirde kear dit kalinderjier. SC Cambuur wûn troch in doelpunt fan Giovanni Korte mei 1-0 fan Almere City en set de konkurrinsje dêrmei fierder op efterstân. We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder...
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.