Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ 390 episodes

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

Sports

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 19, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

Sportcast #29: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede" 10.02.2020

Sportklup Hearrenfean knokte foar de trije punten, mar pakte der mar ien. SC Cambuur die itselde en pakte de trije punten krekt wol. Mar it wie wol spannend, foaral by Cambuur yn de lêste minuten, doe't MVV noch hast de lykmakker makke. En dus makke ferslachjouwer Geert van Tuinen de opmerking: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede." We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, G...

Sportcast #28: "Espejord falt allinne op troch syn tatoeaazjes" 03.02.2020

It Fryske fuotbalwykein begûn mei de wrâldgoal fan Robert Mühren foar SC Cambuur. It Fryske fuotbalwykein einige mei de desepsje fan SC Hearrenfean yn Sittard. Fansels kaam alles wer oan bar yn de Sportcast. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de beide wedstriden én Mark Diemers, fuotballer fan Fortuna Sittard, belle yn. "

SportCast #27: "Henk de Jong nimt Doke Schmidt yn beskerming" 27.01.2020

Der is de lêste wiken in soad sein oer de ferdigening fan SC Cambuur. Doke Schmidt makke in oantal flaters en waard freed sels nei de bank ferwiisd troch trainer Henk de Jong. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't ús ferslachjouwers it yn de Sportcast oer hawwe. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Jantine Weidenaar oer de wedstriden fan Hearrenfean,...

Sportcast #26: "De fuotbalwrâld sil in echte leafhawwer misse." 20.01.2020

It ferstjerren fan Chris de Wagt hâldt us ferslachjouwers yn de Sportcast ek dwaande. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, mar toch foaral ek oer âld-fuotballer en trainer Chris de Wagt. "It wie in leave, sosjale man, mei in grutte leafde foar fuotbal," sa seit Roelof de Vries. Geert van Tuinen: "Je w...

Sportcast #25: "Henk de Jong hie earder wikselje moatten" 13.01.2020

SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK Ofstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in nije edysje fan de Omrop Fryslân-Sportcast. Jantine Weidenaar presintearret dizze útstjoering.

Sportcast #24: "Mei Kallon wurdt Cambuur kampioen" 06.01.2020

SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Fryske bettele fuotbalklups riede harren ta op de twadde seizoenshelte. Njonken it fuotbaljen beprate ús analisten Andor Faber, Roelof de Vries en Arjen de Boer it NK Shorttrack. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Sportcast #23: "Femke Kok wurdt de Heiden fan it frouljusreedriden" 30.12.2019

De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy rom de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presintaasje.

Sportcast #22: Jubelstimming by Fryske betelle fuotbalklups 23.12.2019

SC Hearrenfean en SC Cambuur kinne mei in goed gefoel weromsjen op de earste seizoenshelte. Hearrenfean hat in plakje yn de middenmoat, dêr feroare in 1-1 lykspul tsjin Heracles Almelo neat oan. Cambuur is sels winterkampioen en pakte ek noch trije punten by Excelsior: 3-1. Yn dizze Sportcast sjogge we mei Arjen de Boer, Roelof de Vries en Geert van Tuinen werom op dizze prestaasjes. Andries Bakke...

Sportcast #21: "Cambuur ferliest fan Feyenoord" 16.12.2019

We meitsje it net in protte mear mei, SC Hearrenfean en SC Cambuur dy't beide ferlieze. Us analisten Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries sykje nei in ferklearring foar dizze nederlagen yn in farske Sportcast.

Sportcast #20: "It kontrakt fan Johnny Jansen moat ferlingd wurde" 09.12.2019

De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn goede banen te lieden.

Sportcast #19: "Cambuur moat gewoan kampioen wurde" 02.12.2019

It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiwurker Jan Vincent van Zuiden. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.

Sportcast #18: "In steltsje wezelingen wienen it, benaude skiep" 25.11.2019

SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske Spelen wol? Genôch te bepraten yn dizze Sportcast en dat dogge Geert van Tuinen, Arjen de Boer en Andor...

Sportcast #17: "Van den Belt sei dat der neat by komt en ek neat fuortgiet" 18.11.2019

SC Hearrenfean wie frij en dus gie it yn dizze Sportcast benammen oer SC Cambuur. En hellet Sven Kramer wol wer ris syn âlde nivo?

SportCast #16: "Cambuurkommissaris Jan Koster is in plúsplakker" 11.11.2019

SC Hearrenfean en SC Cambuur belibben in prima wykein: beide wûnen se mei 2-1. Op bestjoerlik flak is it by beide lykwols net allegear positiviteit.

SportCast #15: "Hearrenfean hat mear echte mannen nedich" 04.11.2019

Neist it fuotbaljen en it reedriden ek oandacht foar darten yn dizze Sportcast. Dêrom is ús dartanalist Mats Gies te gast yn dizze útstjoering.

SportCast #14: "De kritiek doet me wel wat" 28.10.2019

Yn de Sportcast fan ôfrûne wike sei Roelof de Vries dat Cees Roozemond eins noch neat goed dien hat by SC Hearrenfean. Dat freget om in reaksje fansels. Roozemond woe sels ek wol it ien en oar taljochtsje en dêrom skowde hy oan by analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Sportcast #13: "Wat hat Cees Roozemond eins goed dien by Hearrenfean?" 21.10.2019

SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net skoare te kinnen, mar makke der tsjin TOP Oss ynienen fjouwer.

Sportcast #12: "Cambuur hat in spilersfûns fan ien miljoen euro" 14.10.2019

SC Cambuur stiet sintraal yn dizze Sportcast. Algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerters skoot oan by ús analisten Geert van Tuinen en Arjen de Boer en presintator Roelof de Vries. Sy prate ûnder oare oer de wedstriid tsjin MVV, it nije stadion en it spilersfûns.

Sportcast #11: "Langwar wurdt takom jier net lêste yn de SKS" 07.10.2019

Grut nijs út de skûtsjewrâld: Harmen Brouwer wurdt skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn broer Sytse Brouwer wiel al skipper fan it skûtsje fan Hearrenfean. Yn dizze Sportcast belje we mei beide skippers. Fierder komme SC Hearrenfean, SC Cambuur en it WK turnjen foarby. Presintaasje is yn hannen fan Roelof de Vries. Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries binne de analisten.

Sportcast #10: "Ik haw in foarkar foar gjin penalty foar VVV " 30.09.2019

Presintator Andries Bakker en analisten Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries beprate yn dizze sportcast al it Fryske sportnijs en se krigen dizze kear help fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Dan komme fansels ferskate skiedsrjochterlike besluten foarby, mar ek Hearrenfean, Cambuur, Nyck de Vries en Pieter Weening komme wiidweidich oan bar.

Sportcast #9: "Jens Odgaard sil de folgjende penalty net nimme" 23.09.2019

In nije Sportcast en dat komt goed út, want der is in protte om oer te praten: SC Hearrenfean spile wer lyk, SC Cambuur komt moandei yn aksje, hoe giet it mei Epke Zonderland syn holtes en hoe docht Michel Vlap it yn België? De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar. Sy besiket ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de stringen te hâlden.

Sportcast #8: "SC Hearrenfean sil meidwaan om de play-offplakken" 16.09.2019

Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Sportcast #7: "Cambuur spilet foar de top trije" 09.09.2019

SC Cambuur hat spile, Tjisse Steenstra hat it punteklassemint by it keatsen wûn en Nyck de Vries is op wei nei de titel yn de Formule 2; genôch te bepraten. Sportferslachjouwers Arjen de Boer en Andor Faber liede jo tegearre mei presintator Andries Bakker troch it Fryske sportwykein.

Sportcast #6: "Gerry Hamstra sit wol faker mis" 02.09.2019

It is de lêste dei fan de transferperioade. Hearrenfean luts in tropyske ferrassing oan út Fjetnam, wylst Cambuur ien út Syprus weromhelle nei Nederlân. Presintator Andries Bakker praat mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber oer it lêste nijs, it NK fierljeppen en de knappe prestaasje fan roeister Ymkje Clevering.

Sportcast #5: "Hâld fertrouwen yn Odgaard" 26.08.2019

Claudio Gomes komt net nei Cambuur, fertrouwen hâlde yn Jens Odgaard en de bêste keatser fan dit momint. Dat binne in pear fan de ûnderwerpen dizze wike yn de sportcast. Ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber prate dizze moandei oer Cambuur, Hearrenfean, it WK judo en Taeke Triemstra.

Listen to the Sportcast podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.