Omrop Fryslân

Sportcast

Sports NL ↓ Odcinki: 390

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Koniecznie odwiedź stronę podcastu i wesprzyj twórcę: argyf2.omropfryslan.nl

Autor

Omrop Fryslân

Kategoria

Sports

Strona podcastu

argyf2.omropfryslan.nl

Ostatni odcinek

19 paź 2026

Gdzie słuchać?

Podcasty w aplikacji Replaio Radio Już wkrótce

Podcasty trafią do aplikacji już wkrótce. Zainstaluj teraz i jako pierwszy zobacz nowe podejście do podcastów

Pobierz z Google Play Zainstaluj za darmo Android prawie 10 mln pobrań · ocena 4,8 iOS niedługo

Odcinki

Sportcast #4: "Hearrenfean miste passy, beleving en dissipline" 19.08.2019

In hearlike freedtejûn foar SC Cambuur en in waardeloaze sneontejûn foar sportklup Hearrenfean. Dat wie de konkluzje fan dit wykein. Mar wat gong der sa goed by de Ljouwerters en wat gong der mis by Hearrenfean? Ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Geert van Tuinen prate der oer mei presintator Jantine Weidenaar.

Sportcast #3: "It komt goed mei Cambuur, echt" 12.08.2019

"Cambuur stiet nei trije wedstriden tink ik mei nul punten. Mar dochs komt it goed, echt." Cambuur-watcher Geert van Tuinen bliuwt entûsjast oer de mooglikheden fan de Ljouwerters. Yn dizze Sportcast prate ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer de seizoensstart fan Cambuur, oer SC Hearrenfean en it FK Fierljeppen.

Fierljep Kafee: 2019 09.08.2019

It is alwer de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate oer it FK fierljeppen, dat sneon 10 augustus holden wurdt. Presintator Gerrit de Boer en âld-skipper Bart Helmholt as sidekick beprate de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma. Sintraal tema yn it kafee is it FK fan 1979, mei Rindert Rosier as kampioen by de senioaren en junior...

Freule Kafee: 2019 06.08.2019

Yn It Reade Hynder yn Wommels ûntfangt presintator Geert van Tuinen de keatstoppers fan doe en no om foarút te sjen op de Freule: ûnder de jonges dé keatspartij dêr't it hiele jier nei ta libbe wurdt. Te gast binne ûnder oaren de nije foarsitter fan de Freule, Tjeerd Dijkstra, keatsers Jesper Tolsma en Jordy Mossel, en âld-keatser Piet de Jong. Hy wûn fyftich jier lyn yn syn eigen doarp, Wommels.

Sportcast #2: "Litte we no net de polonêze rinne" 05.08.2019

Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.

PC Kafee: 2019 #3 30.07.2019

In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed fyftich jier ferlyn wat stellen hat fan de PC, spyt krigen hat en yn it PC Kafee delkomt om dêroer te f...

Sportcast #1: "Jier fan de wierheid foar Gerry Hamstra" 29.07.2019

Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vries en de PC.

PC Kafee: 2019 #2 28.07.2019

Mei de dagen nimt de PC koarts ek ta. Op snein is it tiid foar nostalgy yn it kafee. Geert praat mei syn gasten wiidweidich oer de PC's fan 1969 en 1979. Om hjiroer mei te praten binne de winners fan 1969 te gast: Johan van Seijst en Sikke Sikkema. Yn it oare jier, 1979, wûn Sake Saakstra en koe Tsjisse Wallendal dernei fluitsje, nettsjinsteande dat er sensasjoneel keatste mei syn Belgyske keatswa...

PC Kafee: 2019 #1 27.07.2019

Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wat is de keatswrâld sûnder leafhawwers? Willem Koopmans is sa'n échte PC leafhawwer en hat yn syn lib...

Skûtsje Kafee: 2019 26.07.2019

De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee. Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skood oan. Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma ha we it oer 'pike op it goeie momint' en ek de jongere gene...

Skûtsje Kafee: IFKS 2018 17.08.2018

It restaurant De Hinde yn Hylpen wie freedtejûn 17 augustus omtsjoend ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it IFKS-kampioenskip, dat sneon yn Hylpen fan start giet. Under oare foarsitter Sicko Heldoorn wie te gast, mar oare bekende gesichten en nijkommers. De muzyk wie fan Johannes Rypma en Hille. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

Fierljep Kafee: 2018 11.08.2018

It is alwer de fyfde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate it earste lustrum mei tal fan ljeppers dy't yn 1968 al aktyf wiene en dy't mei prachtige ferhalen komme oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder sille we yngean op de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it Nederlânsk rekôr fan Jaco de Groot (22.21m). Hannes Scherjon, Nard Brandsma en Thewis Hobma fertelle hoe 't dat wurket. M...

Freule Kafee: 2018 07.08.2018

Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Gr...

Skûtsje Kafee: SKS 2018 03.08.2018

Yn it Skûtsje Kafee wurdt foarútsjoen op it SKS skûtsjesilen kampioenskip dat 4 augustus fan start giet. Nije skippers Jappie Visser (Snits) en Rinus de Jong (De Jouwer) komme del. Wat binne harren kânsen dit jier en hoe fleane sy it kampioenskip oan? Skriuwers Frits Jansen en Eldert Meeter komme del om te praten oer it jubileumboek fan it Huzumer skûtsje. Johannes Meeter, de hjoeddeistige skipper...

PC Kafee: 2018 31.07.2018

In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Dêrom bysûndere gasten oan tafel; de foarsitter fan de Belgyske keatsbuon Jerry Defour, trije debun en keatsleafhawwer Akkerman fat Lollum. Dêrneist skood in bekende kabaretier oan dy't mei in soad passy fertelt oer it keatsen. Mear oer it keatsen fynst op: Omropfryslan.n...

Słuchaj podcastu Sportcast w Replaio

Radio i podcasty w jednej aplikacji - za darmo, bez zakładania konta. Zainstaluj już dziś i nie przegap premiery

Pobierz z Google Play

Replaio nie jest wydawcą podcastów; nazwy audycji, okładki i audio należą do ich autorów i są rozpowszechniane przez publiczne kanały RSS