Omrop Fryslân
Sportcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
No dejes de visitar la web del podcast y apoyar a su creador: argyf2.omropfryslan.nl
Autor
Omrop Fryslân
Categoría
Web del podcast
Último episodio
12 de oct. de 2026
¿Dónde escuchar?
Podcasts en la app Replaio Radio Muy prontoLos podcasts llegarán muy pronto a la app. Instálala ahora y sé el primero en descubrir una forma totalmente nueva de vivir los podcasts
Episodios
#261: Cambuur libbet ta nei earste wedstriid yn nije stadion: "De hunkering is enorm" 12.08.2024 56:46
Der moat dizze wike noch in hoop gebeure yn it Kooi Stadion, dêr't SC Cambuur snein de earste wedstriid spilet. It komt allegear optiid klear, fertelt algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#260: Van Persie-effekt by earste ôflevering Sportcast: "We moatte posityf begjinne" 05.08.2024 55:44
Robin van Persie preket positivisme by Sportklup Hearrenfean. Yn de earste ôflevering fan it nije seizoen fan de Sportcast wurdt it optimisme fan de nije trainer oernaam.
#4 Olympyske Sportcast: Moppentappe, hurder fytse as Geraint Thomas en M&M's op de weachskaal lizze 22.07.2024 50:23
"Dan denken ze: wat is dit voor idioot?" As para-fytser Tristan Bangma mei grutte mannen as Gerraint Thomas in berch opklimt, sjogge se wolris frjemd oan. Bangma en Lisette Bruinsma fertelle oer har tarieiding op de Paralympyske Spelen.
#3 Olympyske Sportcast: in brân, militêren en de sykte fan Lyme by Fryske âld-dielnimmers 15.07.2024 47:31
Sporte tusken de militêren, in gouden medaille, hast in brân en de sykte fan Lyme. Friezen kenne in turbulinte skiednis op de Olympyske Spelen. De sportcast stiet dizze moanne yn it teken fan de Olympyske Spelen. Omrop Fryslân praat mei sporters en âld-sporters oer it grutste sportevenemint fan de wrâld. Dit kear binne dat trije âld-dielnimmers: hurdfytser Monique Knol (goud yn Seoel 1988), roeist...
#2 Olympyske Sportcast: follybalgoud wie foar Joop Alberda hiel spesjaal: "It wie foar my in 2e geboarte" 08.07.2024 1:02:56
Fjouwer Friezen leveren yn 1996 in unike en histoaryske prestaasje. Se wûnen goud op de Olympyske Spelen mei de Nederlânske follybalploech yn Atlanta. In momint dat Joop Alberda altyd bybliuwe sil: "It wie foar my in twadde geboarte."
#1 Olympyske Sportcast: Hoefolle medaljes hellet Fryslân? 01.07.2024 58:59
Sân Friezen dogge dizze simmer mei oan de Olympyske Spelen. Mei trije fan harren sjogge we yn de Olympyske Sportcast foarút nei de Spelen en besprekke we harren medaljekânsen.
#259: Sinne, spuie en spul mei de trainer: it earste jier fan Mark Diemers op Syprus 27.05.2024 54:25
Mark Diemers is werom yn Ljouwert nei syn earste jier by AEK Larnaca op Syprus. De fuotballer waard dêr krekt gjin kampioen, mar belibbe fan alles fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dit is de lêste ôflevering fan de Sportcast fan dit seizoen. Op moandei 29 july binne sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer werom.
#258: Minsklike kant liket wichtich foar Van Persie: "Essinsjeel yn de kille fuotbalwrâld" 21.05.2024 43:20
Robin van Persie hat in goeie yndruk makke by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean. Benammen dat it minsklike aspekt heech by him yn it findel stiet, sprekt de ferslachjouwers oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#257: Hoe't soan Ruben heit Henk de Jong oan promoasje helpe moat by Cambuur 13.05.2024 52:04
By de wederopbou fan SC Cambuur is in grutte rol weilein foar Ruben de Jong. Hy is de soan fan trainer Henk en is sûnt koart haad scouting by de Ljouwerters. Ruben skoot oan, tegearre mei âld-spiler Sandor van der Heide, oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#256: Wiksel Noppert foar Van der Hart ropt fraachtekens op: "Swaktebod fan de technyske stêf" 06.05.2024 55:55
It is in swaktebod fan de technyske stêf fan Sportklup Hearrenfean om Mickey van der Hart derút te heljen. Dat seit âld-fuotballer Geert Jelle de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#255: Komst Van Persie fergelykber mei Van Basten: "Er komt iemand binnen man, hallo zeg" 29.04.2024 58:41
De komst fan Robin van Persie nei Sportklup Hearrenfean sil in grutte impact hawwe. Dat tinkt âld-spiler en -trainer Tieme Klompe, dy't it yn de Sportcast fan Omrop Fryslân fergeliket mei it oanstellen fan Marco van Basten.
#254: Ferry de Haan ûntkent 'ûntbleating' Hélène Hendriks: "Dit was fake news ja" 22.04.2024 54:58
Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#253: Is Van Persie en Hearrenfean wol in match? "Ik wit net oft hy in middenmoater manage kin" 15.04.2024 49:48
Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Âld-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.
#252: Cambuuroanfierder Van Kaam leaut noch yn heljen play-offs: "Een grote kans" 08.04.2024 54:34
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#251: Moat Cambuur ta de beurs foar Lambooij? "Ik fyn in ton wol in soad jild" 01.04.2024 44:38
De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearje sil as nije technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.
#250: Van der Heide sjocht yn Hulshoff nije Hearrenfeantrainer: "Hij kan het stadion weer vol krijgen" 25.03.2024 1:03:58
Sipke Hulshoff is de dreamde kandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskie nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#249: "Henk de Jong giet net nei Liverpool" 18.03.2024 51:21
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnoege om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yn giet.
#248: Van Wonderen oer ôfskied Hearrenfean: "Er waren een paar heikele punten" 11.03.2024 1:03:04
Kees van Wonderen hâldt nei dit jier op by SC Hearrenfean. Yn de Sportcast sjogge de oanwêzigen mei de trainer werom op syn tiid yn Fryslân. Ek rjochtsje se de blik nei de takomst. Wat sil er nei de simmer dwaan, en wa moat it stokje fan him oernimme?
#247: Fraachtekens by kar Van Wonderen om Tahiri te wikseljen: "In fernedering" 04.03.2024 56:44
Hie trainer Kees van Wonderen de sitewaasje rûn de wiksel fan Anas Tahiri oars oanpakke moatten? Yn de Sportcast binne de mienings ferdield.
#246: Johnny Jansen hopet oait werom te kommen by Hearrenfean: "Ik sta daar wel open voor in de toekomst" 26.02.2024 53:07
Trainer Johnny Jansen is sûnt in heal jier haadtrainer by PEC Zwolle. Snein komt hy wer werom nei it Abe Lenstra Stadion foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Oait tinkt hy der ek wol oan om noch werom te kommen by Hearrenfean.
#245: Hearrenfean is hillich foar Riemer van der Velde, mar: "Somtiden is it wol selskastijing" 19.02.2024 57:24
Der is eins gjin thúswedstriid fan Sportklup Hearrenfean dy't earefoarsitter Riemer van der Velde oerslacht. Mar alle kearen nei it Abe Lenstra Stadion is dit seizoen net altyd like maklik, sa jout de 83-jierrige âld-bestjoerder ta yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#244: Ard de Graaf wol ôfrekkenje mei 'bekertraumaatje': "Voor mij is thuis spelen een 10" 12.02.2024 55:41
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
#243: Verbeek fynt dat Hearrenfean Van Wonderen bongelje lit: "Zo laat je weten dat je twijfels hebt" 05.02.2024 53:50
It is in teken fan swakte dat Kees van Wonderen noch net wit oft sc Hearrenfean syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wol. Dat fynt âld-trainer Gertjan Verbeek.
#242: Rekket Andries Noppert syn basisplak kwyt? "It is net allinnich mar pech, it is in tendins" 29.01.2024 51:43
It is foarearst klear mei Andries Noppert op 'e goal by sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen moat Mickey van der Hart de foarkar jaan, falt te hearren yn de Sportcast.
#241: Martijn Barto: "Ik wil ooit hoofdtrainer bij Cambuur worden" 22.01.2024 53:09
Martijn Barto is no noch assistint-trainer fan SC Cambuur, mar op termyn hopet er sels de einferantwurdlikheid te hawwen. Dat seit de âld-fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Podcasts similares
Replaio no es editor de podcasts; los nombres de los programas, las portadas y el audio pertenecen a sus autores y se distribuyen a través de canales RSS públicos