Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jul 5, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
Ut it Libben: Rinse Strikwerda (1946 - 2024) 23.06.2024 25:50
'In topûndernimmer mei in fin mear as in bears', sa wurdt Rinse Strikwerda typearre. Strikwerda ferstoar yn maaie en wie doe, mei in fermogen fan 1,7 miljard euro de rykste Fries, neffens it sakeblêd Quote. Hy waard ryk mei de ferkeap fan in IT-bedriuw en mei tal fan ynfestearings. Yn Wytmarsum begûn Strikwerda 25 jier lyn op in grutte, moderne pleats mei buorkjen. Buro de Vries sjocht dêrop werom...
Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden diel 2 16.06.2024 13:10
Boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbehear rint mei it Buro troch de Twizeler Mieden by Bútenpost. Ferline wike fûnen we yn it wetter seldseme soarten mei de prachtigste nammen lykas it Bargesturtsje en Sint Jans Sompekrûd. No sjogge we wat der allegear groeit en bloeit op de drûge stikken fan de Twizeler Mieden.
Melkfeehâlderij moat ekstinsiver fine saakkundigen 16.06.2024 30:30
De melkfeehâlderij yn Fryslân moat 'grondgebonden' en duorsumer mar hat wol in goeie takomst. En de polityk moat minder mei regels en mear mei doelen wurkje. Dat sizze de lânbouadviseurs Johannes Bakker en Oane Galama. Ek demisjonêr minister fan lânbou Piet Adema leaut yn in 'grondgebonden' melkfeehâlderij en wol boeren helpe om de oerstap nei dizze foarm fan buorkjen te meitsjen. Bakker, Galama e...
Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden 09.06.2024 13:01
It is in eksploasje fan de moaiste blommen en planten yn de Twizeler Mieden by Bútenpost. Werstelwurksemheden yn dit natoergebiet dogge fertúten en soargje derfoar dat hyltyd mear seldseme planten har hjir thúsfiele. Buro de Vries gie mei boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbeheer it gebiet yn op syk nei dy planten. De learzens moatte oan want ek yn it wetter is fan alles te finen
In stikje Slachte rinne mei Stefien Smeding 09.06.2024 14:21
Mear as tsientûzen kuierders rinne sneon 15 juny de Slachtemaraton. 42 kilometer rinne oer de Slachtedyk, de âlde seedyk dy't Fryslân eartiids beskermde tsjin it wetter. Ast mei safolle minsken tagelyk de Slachtemaraton rinst, hast net altyd tiid om goed om dy hinne te sjen, whylst hast stroffelst oer de skiednis. Kultuurhistoarika Stefien Smeding fan it Fryske Gea kent de ferhalen fan de Slachted...
Oarloch ferbynt de libbens fan de Fryske Trienke en de Joadske Hagar 26.05.2024 10:57
De fan oarsprong Israëlyske Hagar Neter hie der miskien nea west sûnder de âlders fan Trienke Friso. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat it gesin Friso út Wynterp Joadske ûnderdûkers opnaam, wêrûnder de heit fan Hagar. No hast 80 jier letter, fertelt de njoggentich jierrige Trienke noch altyd oer dy perioade. Tegearre mei Hagar wol se sa de wearde fan begryp en minsklikheid yn libben hâlde. Ferslachjouw...
Minsken mei in beheining ferlizze al fyftich jier har grinzen mei Sailwise 26.05.2024 31:03
Sailwise organisearret al fyftich jier wettersportfakânsjes foar minsken mei in beheining: in lichamelike, in beheining oan earen of eagen of in ferstandelike beheining. It betsjut in wike of langer yn in oare omjouwing, mei oare minsken en aktyf meidwaan oan aktiviteiten as sile, kanoë, suppe en swimme. Yn Ealehuzen hat Sailwise de akkommodaasje 'it Sailhûs'. In grut gebou mei mienskiplike...
Oandacht foar de natuer op begraafplakken yn Noardeast-Fryslân 19.05.2024 11:46
Begraafplakken binne foar in soad minsken in plak fan rêst en besinning. Mar se binne faak wol wat netsjes en oanharke. De gemeente Noardeast-Fryslân wol hjir feroaring ynbringe. Ek foar fûgels, flearmûzen en ynsekten moat sa'n begraafplak in oäze fan rêst wurde. En dus wurdt der fan alles oan dien om dy bisten wolkom te hjitten. Klazina Hofstee gie mei Theo van der Horn fan de gemeente Noardeast-...
50 jier frouljuskeatsen: smoute ferhalen mei in serieuze ûndertoan 19.05.2024 30:26
It frouljuskeatsen bestiet dit jier 50 jier. Op pinkstersnein organisearre keatsferiening Hâld Moed yn Jorwert de earste offisjele wedstriid foar froulju holden. It wie in ôfdielingswedstriid en kin sjoen wurde as it offisjeuze Nederlânsk kampioenskip. Om dit te fieren organisearre de keatsferiening in jûn werby't alle winners fan de Wiebe Koldykpartij, dy't sûnt dy tiid op pinkstersnein ferk...
Wat docht in hast dea ûnderfining mei minsken? It ferhaal fan Douwe, Anne en René. 12.05.2024 32:33
Douwe Reekers, Anne van Randen en René Bekkema hiene in 'bijna dood ervaring'. Se kamen yn in prachtige wrâld mei ljocht leafd en waarmte. Mar moasten werom. It hie grutte gefolgen foar harren libben. Sy binne wis fan harren ferhaal mar de omjouwing kin it faak mar dreech begripe.
Nochris it fjild yn mei Wybren Bruinsma 08.05.2024 9:40
Wybren Bruinsma fan Winsum is gauris yn it fjild te finen, dwaande mei de neisoarch of oan it jeien. It Buro luts dêrom de learzens oan en gie mei him op paad. Yn de Húnser polder, lân fan boer Marten de Jong is in hiel soad te sjen en Wybren mei der graach oer fertelle.
In karakterysk byld: Benita Rinsma mei oan beide hannen in Joadsk berntsje 08.05.2024 10:37
Yn har relatyf koarte libben hie Benita Rinsma hiel wat by de ein: Se wie ferpleechster en stewardes en wurke yn Ynje en Fenezuela. Dat jout wol oan dat se fan aventoer hold mar har grutste aventoeren belibbe sy yn'e oarloch doe't se meiholp by de smokkel fan Joadske bern út Amsterdam nei Fryslân. Yn 1943, doe't yn it hiele lân de deportaazjes fan Joaden op gong kamen, dûkte Henk Kluvers ûnder yn...
De muzikale woartels fan Kaspar groeiden yn de oarlochsjierren yn Abbegea 05.05.2024 21:06
Kaspar - de artystenamme fan Wiebe Kaspers - de 'Ambassadeur fan de Frijheid' foar Fryslân, giet op syk nei syn muzikale woartels en komt in bysûnder ferhaal op it spoar dat begjint yn de oarlochsjierren yn Abbegea. Syn beppe Durkje hat doe nei alle gedachten meisongen yn de Mattheüs Passion yn Abbegea. Yn 1942 waard de Mattheüs dêr útfierd troch in doarpskoar, ûnder lieding fan Jeanne Gerretsen,...
Buro de Vries Europa-spesjal 02.05.2024 42:46
Europa yn Frysk perspektyf; in spesjal mei ûnder mear Piet Adema, Anja Haga, Sjoerd Wijnsma en Raquel Garcia Hermida - van der Walle.
De oarloch liet djippe groeden nei yn it libben fan koerierster Bé de Jong 28.04.2024 10:51
Koerierster Bé de Jong wie yn de oarloch moedich en koelbloedich. Mar letter docht bliken dat dy spannende jierren djippe spoaren neilitten ha: se rekket oan de drank en hjoed-de-dei soene wy sizze dat se PTSS oprûn. Nei de legere skoalle bleau Bé earst thús om foar it húshâlden en de oare bern te soargjen. Letter kaam se te wurkjen yn in winkel en dêr waard se troch in âldere kollega by it...
Pieter sa Hieter, dj op Fryske grûn 26.04.2024 26:19
Wrâldferneamd op Fryske boaiem. Dat is Pieter sa Hieter yn de dance scene. Mei syn eigen fertolkingen fan ûnder oaren it Woanskip en in Nije dei ûnderskiedt hy him op eigensinnige wize fan oaren. Oh en fier oer de grins hoecht it ek net fan him. Sels kom ik noait op sokke parties en sit ek hielendal net yn de dance muzyk. In útdaagjend jûntsje op stap dus twa wike lyn. Mei Pieter en syn maten. Wan...
Mei fjildman Wybren Bruinsma te aaisykjen 21.04.2024 10:33
Wybren Bruinsma fan Winsum is in fjildman yn ieren en sinen. Hy is gauris yn'e greiden te finen, as neisoarger en as jager. "It sit yn myn genen" seit er der sels oer. It Buro luts ek de learzen oan om al aaisykjend, te praten oer greidefûgels, greidefûgelbehear, neisoarch en registraasje.
De tekeningen fan Erna Rozenberg 21.04.2024 16:20
Erna Rozenberg wie in jong Joadsk famke út Ljouwert dat de ferskrikkings fan de oarloch ûntflechte troch te tekenjen. En dy prachtige, kleurrike tekeningen binne no te sjen yn it Historisch Centrum Leeuwarden. Erna hat de oarloch net oerlibbe, se waard yn 1942 fermoardde yn Auschwitz. Net ien wist fan it bestean fan har tekeningen, oan't de Amsterdamse Tonnie Koekkoek se fûn op in rommelmerk. Mei...
De iennige frou by de KP dy't meidie oan wapene oerfallen: Bouwina Meindertsma 21.04.2024 11:32
Har namme komt miskien net yn de skiednisboeken foar as in fersetsikoan, mar komselden hawwe der drystmoediger fersetsfroulju west: Bouwina Meindertsma, berne yn Wytmarsum en lang wykferpleechster west yn Arum. Foar in aventoerlik ynstelde frou as Bouwina wie it fanselssprekkend om har yn te setten foar it ferset. As froulike KP'er (KP stiet foar knokploech, it wie it wapene ferset) naam se d...
Boek fan Adwin de Kluyver oer wûnderlike eilannen 14.04.2024 20:22
Nei twa boeken oer de poalgebieten komt skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert no mei in boek oer eilannen. Yn "de eilanden van goed en kwaad" komme tachtich eilannen oan bod. Eilannen hawwe de Kluyver altiid fassinearre. As jonkje lies hy de boeken fan Robinson Crusoë en Tom Sawyer en fantasearre hy oer libje op in ûnbewenne eilân. In eilân is in wrâld yn it lyts en it is it id...
Wieke Bosch, anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech 14.04.2024 10:35
It libbensferhaal fan Wieke Bosch fan Ljouwert rint oer fan karren dy't tsjin de noarm yngiene en tsjûgje fan idealisme, in frije geast en berettens. Se drukte as anargiste har stimpel op it Fryske ferset. Yn in rige oer Fryske froulju yn it ferset fertelt skriuwer Hessel de Walle oer Wieke Bosch, dy't har libben joech foar har idealen. Se ferstoar yn kamp Ravensbrück.
Sipke van der Meulen, 37 jier ferkearsfeiligens-belied yn Fryslân 07.04.2024 25:03
Nei 37 jier nimt Sipke van der Meulen meikoarten ôfskie as ferkearsfeiligens-spesjalist fan de provinsje Fryslân. De amtlik siktaris fan it ROF, it regionaal orgaan voor de verkeersveiligheid in Fryslân, giet mei pensioen. Foar in goed petear trof it Buro Van der Meulen yn de Trynwâlden ....
Beskieden en Frysksinnige Lys wie tige wichtich foar it ferset 07.04.2024 10:42
Lysbert Atsma liede in gefaarlik libben. As fersetsfrou moast se net benaud wêze. Skriuwer Hessel de Walle ljochtet har en 31 oare froulju yn it Fryske ferset út yn syn boek Vrouwen van het Friese verzet. Sy hiene in rol dy't lang ûnderbeljochte bleaun is, mar tige wichtich wie. Op it Suderbegraafplak yn Drachten leit de bysûndere grêfstien fan Lysbert Atsma, better bekend as Lys. De stien le...
Jelte is trije jier en terminaal siik. Heit en mem Hein en Sanne de Haan fertelle. 31.03.2024 15:51
Foar heit en mem Hein en Sanne de Haan is der in tiid foar en in tiid nei 2 jannewaris 2023. Doe krigen se de diagnose dat harren soantsje Jelte in metabole sykte hat en net âld wurde sil. Hy is no trije jier en syn oerlibbingskâns is 0%. Wat docht sa'n diagnose mei jo as heit en as mem, mei je relaasje, mei je takomstplannen... Hein en Sanne de Haan binne hjir hiel iepen oer. Se hâlde in blog by...
De wrâldreis fan Marica van der Meer 31.03.2024 13:07
Fytser en reisboekeskriuwster Marica van der Meer fan Warkum stapt wer op 'e fyts! Yn sa'n 800 dagen wol se fan east nei west om de ierde fytse. Fjouwer jier ferlyn wie Marica ek al begûn oan sa'n wrâldreis: doe fytste se de oare kant om. Mar nei fjirtjin moanne en 6000 kilometer troch Amearika twong it coronafirus har doe om ôf te stappen. No besiket se it op 'e nij en it wurdt in hiel oare reis:...
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.