Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 369 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Author

Omrop Fryslân

Category

News

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Jul 5, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

It simmerpetear mei Mirka Antolovic 05.07.2026

Se wie in famke fan 11 doe't ynienen de koffers pakt waarden en Ljouwerter (eks) riedslid Mirka Antolovic op de flecht moasten. Se wenne mei har mem yn Kroaasje yn in lyts doarp. Fia omswalkingen kaam de jonge Mirka mei har mem earst yn Limburg telâne. Foar har stúdzje ferhuze se nei Ljouwert en bleaun hjir. Want ien dy't samar fuort moat út eigen omjouwing wurdt letter faak honkfêst seit se. It o...

De thermometer yn de Fryske Mienskip: wat hâldt Friezen út 'e sliep? 21.06.2026

Wat libbet der ûnder de minsken yn Fryslân? It Buro fernimt dêr sa no en dan nei troch op ferskate plakken de dyk op te gean. Dit kear stekke we de themometer yn Surhústerfean, Bakkefean en It Hearrenfean om te fernimmen wat har út de sliep hâldt ..... 

Jan Buruma en syn bisûndere bân mei Oekraïne 14.06.2026

Fries om útens Jan Buruma oer syn bisûndere bân mei Oekraïne...

Allardseach: Wybren van Os groeide der op en fertelt der oer 31.05.2026

De heit fan Wybren van Os wie jierren lang praktysk wurklieder en behearder by de Folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean. Hy wenne ek mei syn húshâlding op it terrein.  Soan Wybren van Os (1955) nimt it Buro mei op 'n paad oer it terrein en fertelt it ferhaal fan Omke Jarig en wat der efter wei kaam...

It swarte gat fan Alyda 10.05.2026

Wa bin ik noch? Wa sit der noch op my te wachtsjen? En is der eins wol plak foar my yn dizze wrâld? It wiene de grutte fragen fan âld paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp. Se hat swiere jierren hân dêr't depresje en swarte dagen har libben behearsken. Nei in suksesfolle karriere mei in bulte wrâldtitels en Olympysk goud kaam se fan de ien dei op de oare thús te sitten. Har ferhaal oer...

Weromsjen op Tsjernobyl 19.04.2026

Op 26 april 1986 fynt de grutste kearnramp yn ús skiednis plak. Der is in eksploazje yn de kearnsintrale yn it doe noch Russyske Tsjernobyl. Der brekt brân út en in grutte radio-aktive wolk komt frij, dy't oer in grut part fan Europa hinne lûkt. Ek yn Fryslân fiele we de gefolgen fan dy ramp. It Buro sjocht werom op de ramp by Tsjernobyl mei in strielingsdeskundige, in fotograaf en in pleechgesin...

Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn 16.04.2026

Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is...

Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt 05.04.2026

Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleast...

Johan Wagenaar oer genealogy 29.03.2026

Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.

Ferhalen út Blauhûs yn Europeesk projekt 'SAVE' 22.03.2026

'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy fe...

Naut van der Mei makket in film oer de fjildûle 22.03.2026

De 17-jierige Naut van der Mei fan Grou is in echte fûgeler. Al mear as in jier is hy dwaande mei it meitsjen fan in film oer de fjildûle op it Noarderleech. Oeren en oeren hat hy trochbrocht op dit lege stik natoer oan de oare kant fan de dyk. It Buro gie in kear mei him mei, op syk nei de fjildûle.

Raymond Dijkstra: fan lange finzenisstraf nei súksesfol skipsûntwerper 22.03.2026

Yn de finzenis wurket Raymond Dijkstra oan syn takomst. Yn 2019 waard er yn ingelân feroardiele ta 18 jier sel nei't er op in katamaran trappearre wie mei kokaïne oan board. Nei in pear jier waard er oerpleatst nei in finzenis yn Nederlân en dêr is it slagge om oan syn takomst te wurkjen. Hy folge modules oan de TU Delft en ûntwurp in nij type boat dat tsjinje kin as opliedingsskip foar bemannings...

Bontebok: Fryske fersetsferhalen fan Jaap Visser 15.03.2026

It begûn allegear mei it ferhaal fan Amsterdamske jonge fuotballerkes, dy't yn de hongerwinter fan 1944 nei it Hearrenfean fan Abel Lenstra stjoerd waarden, om oan te sterkjen. Mar wylst skriuwer en sjoernalist Jaap Visser dat ferhaal optekene, rûchele hy fan it iene Fryske fersetsferhaal yn it oare. It resultaat is it Boek "Bontebok, onderduik en verzet in het land van Abe Lenstra". Ek it ferhaal...

Buro de Vries stekt thermometer yn de Fryske mienskip 15.03.2026

Wat hâldt Friezen dwaande yn dizze rûzige tiden? Wêr lizze se wekker fan en wêr wurde se krekt fleurich fan? Koart nei de komst fan in nij kabinet, en op de drompel fan de gemeenteriedsferkiezingen stekt it Buro de thermometer yn de Fryske mienskip. Fannewike sochten we it heger op, mei in besite oan Heechterp, Heech en Hegebeintum...

Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder 08.03.2026

Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder. Mar ek: wat bin har ambysjes? Soe boargemaster wat wêze kinne miskien?

Mirka Antolovic oer Ynternasjonale froulju's dei 08.03.2026

Mirka Antolovic fan Tûmba oer Ynternasjonale froulju's dei. Wat is it, is it noch nedich? En hoe komt it dat froulju noch faak te hoeden binne om de polityk yn te gean?

Froulju fan Fryslân: Geertruid Brouwer 08.03.2026

Hjoed presys oer in jier komt it jubileumboek "200 Fryske froulju" út fan it Keninklik Frysk Genoatskip. In boek fol mei biografyen fan opfallende froulju fan de ôfrûne 200 jier. Haadredakteur en skriuwer Tialda Hoogeveen hat it ôfrûne jier ferskate froulju yn it sintsje set, troch by ús te fertellen oer harren libben. Hjoed, yn de lêste ôflevering, op ynternasjonale frouljusdei, fertelt Tialda oe...

Theunis Piersma, trekfûgelprofessor, giet mei pensjoen mar set syn ûndersykswurk troch 01.03.2026

Theunis Piersma is al 50 jier wittenskipper. Op syn 17e skreau er foar it earst oer in observaasje dy't er dien hie. No is er 67 en giet er mei pensjoen, mar syn ûndersykswurk giet gewoan troch. Piersma syn rol wurdt wol oars, mar ophâlde mei de wittenskip? Nee, dat kin net.

Kraanfûgels yn it Fochteloërfean 01.03.2026

De kraanfûgel stiet yn Azië symboal foar leafde en gelok. No, oan it begjin fan de maitiid, is de kraanfûgel oan it trekken troch Europa. Mar net alle kraanfûgels trekke. Yn natoergebiet Fochteloerfean yn ut suden fan Fryslan libje sa'n 60 kraanfûgels. Dizze libje dêr altiten en binne honkfêst. It Buro tôge nei De Fochtel ta om te sjen hoe't it mei kraanûgel giet no't har soartgenoaten it flink te...

Op syk nei spoaren fan Havank 22.02.2026

Der hat in tiid west dat hast elkenien wol in boekje fan Havank yn de boekekast stean hie. Dizze Ljouwerter skriuwer, pseudonym van Hans van der Kallen, skreau detectives en is miskien wol de grutste misdiedskriuwer fan Nederlân ea. Skriuwer en âld sjoernalist Sytse de Vries dûkte yn it libben fan Hans van der Kallen en skreau der in teäterstik oer, dat ein maart yn Ljouwert te sjen is. It Buro mo...

Froulju fan Fryslân: Hermien van der Heide 22.02.2026

200 opfallende Fryske froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 bysûndere froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút. Hjoed fertelt Tiald...

Keunstner Nico Rypkema (94) wol graach ek yn in Frysk museum mei syn wurk 22.02.2026

In bisûndere man mei in moai libbensferhaal. Dat is Nico Rypkema. De keunstner wennet al hiel lang yn Utert, mar fielt him noch altyd in oprjochte Fries. De 94 jierrige Rypkema groeide op yn Sint Nyk mar ferhuze nei de dea fan syn heit mei mem en syn sân bruorren nei Utert. Dêr kaam de jonge Nico op it keunstnerspaad. Reden genôch om ris op besite te gean by dizze markante man.

Femke Wiersma nimt ôfskied as minister fan lânbou 15.02.2026

It binne de lêste dagen foar Femke Wiersma as minister fan lânbou. Nei eksakt 600 dagen draagt se alle dossiers oer oan Jaimy van Essen dy't har opfolget. In ôfskiedspetear.

Janny van der Molen oer har boek Uit de schaduw van Anne, oer Margot Frank 15.02.2026

It deiboek fan Anne Frank is wraldwiid ferneamd en yn mear as 75 talen oerset. Anne beskriuwt har libben tidens har ûnderdûkperioade yn it achterhûs oan de Prinsengracht yn Amsterdam yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek is ien fan de meast lêzen boeken oer de joadeferfolging. Mar ek har âldere sus, Margot, hie in deiboek. Dat is ferlern gien. Foar skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe reden om...

Hebe Dijkstra 10.02.2026

Operasjongeres Hebe Dijkstra fan Twizelerheide is 83 mar sjongt en swingt noch op it poadium. Se hat in romrofte karriêre yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. As famke fan alve wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's har ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dê...

Listen to the Buro de Vries (Podcast) podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.