Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jul 5, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
It personiel fan Huize Rijs 10.02.2026 15:27
Histoarikus en skriuwer Arnoud van de Ridder seach nei de Ingelske Televyzjesearje "Downton Abbey" en krige in idee. Sa as je nei alle gedachten wol witte fertelt dizze tige populêre searje oer de famylje Crawley, dat wennet op Downton Abbey. Mar it ferhaal giet benammen oer it wol en wee fan it personiel fan de famylje. Van de Ridder wennet yn Gaasterlân en woe wolris witte wat de ferhalen binne...
Treinrails fan Neuengamme fertelle it drama fan fermoarde Harnzers yn de oarloch 08.02.2026 12:14
Treinrails út Hamburg fertelle it ferhaal fan fermoarde Harnzers yn de Twadde Wrâldoarloch. Oer dizze rails hawwe trettjin manlju út de Fryske havenstêd it lêste stik fan harren libben riden. In part fan dit spoar is fannewike ûntbleate yn de Harnzer biblioteek. In monumint foar de slachtoffers dy't yn frachtwagonnen nei konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburg deportearre waarden. Dat barde op 16...
Sljocht fan stiennen 26.01.2026 12:32
In leafhawwer fan stiennen sjocht altyd nei de grûn, want wa wit leit der in nije skat. Harm Wieringa en Hendrik Zijlstra binne fan dy echte leafhawwers, se binne fan de Fryske ôfdieling fan de Landelijke Vereniging Geologische Activiteiten. Dit wykein binne se te finen yn it Natuurmuseum Fryslân, mei steapels moaie stiennen en mineralen op it jierlikse Geologische musumweekend. Doel is benammen o...
Froulju fan Fryslân: Diet Huber 26.01.2026 6:33
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredak...
Astrid Pascal oer har boek 'De kapitein en ik' 18.01.2026 15:29
Astrid Pascal koe foar gjin meter sile. Sterker noch, se hie noch nea op in boat sitten. Dochs stapte se mei har nagelnije leafde op syn sylboat de Zwerver. Wat folge wie in jierrenlange reis om de wrâld. Alle aventoeren dy't Astrid mei har Kapitein, want sa neamt se har man, meimakke hat, hat se opskreaun yn in boek: De Kapitein en ik.
Yn de fuotprinten fan Liesbeth List troch Harns 11.01.2026 15:23
It is kâld as wy de terminal fan Doeksen yn Harns útrinne. In skerpe wyn snijt troch jas en sjaal, mar Daan Bartels hat der sin oan. Hy wit de wei. Net allinnich troch de stêd, mar ek troch it libben fan Liesbeth List. Yn syn boek Het levenspad van Liesbeth List hat er fjouwer kuierrûtes fêstlein by plakken del dy't fan betsjutting wiene foar de sjongeres. Wy rinne de rûte troch Harns, de stêd dêr...
Wat is in èchte Fries en kin je dat wêze sûnder de taal te sprekken? 04.01.2026 47:38
Kin jo in èchte Fries wêze sûnder de taal te sprekken? Dy fraach waard aktuiel doe't Sylvana IJsselmuiden nei har Fedde Schurer-lêzing nochal wat kommintaar krych om't se dat yn't Hollânsk die. René Koster tôch troch de provinsje en lei it foar oan tal fan minsken út de wrâld fan taal, kultuer, wittenskip, iepenbier bestjoer en út de rest fan de Fryske mienskip.
In petear oer ôfskied mei Lutz Jacobi 28.12.2025 33:33
De ein fan it jier komt der oan. We nimme hast ôfskied fan it jier 2025. Mar der wiene in soad minsken, miskien jo thús ek wol dy't dit jier ôfskied nimme moasten fan wurk, of yn it slimste gefal fan ien yn je omjouwing dy't stoar. It oerkaam Lutz Jacobi. Nei it ferlies fan har man Koos yn 2024 ferliet se dizze simmer de PvdA. Dêr't se fjirtich jier lid fan wie. Se koe har net fine yn de fú...
It fertriet om it ferstjerren fan har man Leo is grut, mar Griet Wiersma hâldt "de kop derfoar" 27.12.2025 40:30
Se krigen beide in earnstige sykte: Griet Wiersma en har man Leo. Griet is klear mei de behannelingen, Leo helle it net. It wie in dreech jier foar Griet Wiersma.
Bob en Sabine Hardus warskôgje yn in boek: Us privacy rint gefaar 21.12.2025 21:05
Us privacy rint gefaar. Dat sizze Bob en Sabine Hardus. Bob is sjoernalist en skriuwer yn Berlyn, syn mem Sabine is filosofe yn Ljouwert. Bob Hardus ûndersocht de lêste jierren it tsjokke stasidossier fan syn mem, dy't opgroeide yn de DDR. Yn it boek De prijs voor privacy fergeliket hy de metoades fan de Staatssicherheit yn de DDR mei dy fan de Big-Techbedriuwen no. Hardus sjocht njonken oerienkom...
Fryske Folksferhalen diel 5 21.12.2025 18:47
Kreakjende stimmen út in fier ferline dy't moaie ferhalen fertelle. Foar de lêste kear dizze tsjustere desimbermoanne dûke we yn de folksferhalen fan Ype Poortinga. It Fries Film en Audioarchief hat in skat fan dy ferhalen online setten. Ien fan Poortinga syn masterferteller wie Steven de Bruin. Syds Wiersma fan it Archief hat foar ús in pear moaie ferhalen fan de Bruin útsocht. En Inge de Bruin,...
Yn petear mei Jan Bakker, de nije foarsitter fan De Friese Elfsteden 14.12.2025 19:13
Jan Bakker fan Wynjewâld is de nije foarsitter fan feriening De Friese Elfsteden en dêrmei de opfolger fan Wiebe Wieling. Yn Buro de Vries praatten we mei de âld-rider dy't fan no ôf de foarsittershammer yn hannen hat.
Fryske Folksferhalen diel 4 14.12.2025 6:38
It Fries Film en Audioarchief hat in skat oan folksferhalen fan Ype Poortinga online setten. Dizze wiken siket it Buro, tegearre mei Syds Wiersma fan it archief de moaiste peareltsjes derút. Hjoed hearre we iis en wetterferhalen. En, tink om it wek!
Steatsboskbehear hellet mear as 4000 beammen del yn Fryslân 12.12.2025 9:54
Steatsbosbehear is sûnt begjin dizze moanne op guon plakken flink oan it beammekappen. Ien sa'n plak is de Duurwoudsterheide by Bakkefean. Mear as 4000 beammen wurde mei de hân delhelle omdat se oantaasten binne troch de Lettersetter en dêrtroch dea binne. It buro wie by de start fan de kampanje om de Fryske bosken in oppepper te jaan...
Fryske Folksferhalen diel 3 07.12.2025 11:45
Op it Fryske plattelân koe it eartiids goed spûkje, en ek de duvel kaam wolris foarby. Alteast, ast de âlde Fryske folksferhalen leauwe meist. Syds Wiersma fan It Fries Film en Audioarchief lit ús wer de moaiste folksferhalen fan Ype Poortinga hearre. Dizze wike ferhalen oer de dea en de duvel.
20 Jier Foppe Fonds 30.11.2025 16:33
Se hawwe al in hiel soad rolstuollen, braces en oare saken regele. Yn it 20 jierrich jubileum fan it Foppe Fonds waard dêr fannewike by stilstien. It wie in jûn mei herinnerings en benammen ek it beneidrukken dat fûnsen as dit, hoe spitich it ek is noch altyd nedich binne. Dat fynt Foppe de Haan mar benammen ek de ambassadeurs en sporters. In ferhaal oer help en sukses.
Fryske Folksferhalen diel 2 30.11.2025 9:28
It Fries Film en Audioarchief hat in skat oan folksferhalen fan Ype Poortinga online setten. Dizze wiken siket it Buro, tegearre mei Syds Wiersma fan it archief de moaiste peareltsjes derút. Hjoed dûke we yn de fabels en oare bisteferhalen.
Froulju fan Fryslân: Annigje van Dijk - Bajema 30.11.2025 7:14
Annigje van Dijk - Bajema. Dat is de frou dy't hjoed troch Tialda Hoogeveen yn it sintsje setten wurdt. Tialda is haadredakteur fan it Keninklik Frysk Genoatskip, en dy bestean yn 2027 200 jier. Om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende repu...
Fryslân betinkt 50 jier ûnôfhinklik Suriname 23.11.2025 19:31
Fryslân betinkt 50 jier ûnôfhinklik Suriname Yn de studio fan Buro de Vries wurdt dêr by stil stien mei twa Surinaamske Friezen: Gabriëlle Copini en Joy Kisoenpersad.
Fryske Folksferhalen diel 1 23.11.2025 12:13
It wie in bealich fol wurk mar it hat in skat oan Fryske folksferhalen oplevere. It Fries Film en Audioarchief hat de bannen en kassettebantsjes fan skriuwer Ype Poortinga digitalisearre en online set. Yn de 70ere jierren reizge Poortinga mei in bânrecorder, letter waard dat in wat lytsere kassetterecorder, troch de provinsje om Fryske folksferhalen te sammeljen. Hy prate mei mear as 100 minsken e...
Fryske froulike dichters skoare leech op de literêre ljedder 16.11.2025 15:51
Hoe liket it eins mei de ferhâlding man/frou yn de Fryske literatuer? En dan benammen yn de Fryske poëzij? Dy fraach hold Janneke Spoelstra dwaande en sy gie der mei oan'e slach. Se die foarwurk en socht út hoefolle froulike dichters meidogge oan de leechdrompelige dichtersjûnen en hoefolle froulike dichters úteinlik de top fan de literêre ljedder berikke: de Gybert Japicxpriis. Boppedat ynt...
Nei 25 jier lûkt de Fryske stifting 'studentenproject Nepal' him werom 16.11.2025 26:47
Yn 2000 naam journaliste Froukje Nijholt fan It Hearrenfean it inisjatyf foar in stichting om earme studinten yn Nepal te stypjen. Mear as 5000 studinten hellen sûnt dy tiid in kompjoeterdiploma. Hûnderten krigen in stúdzjebeurs. En der waarden tolve skoallen boud yn ûntagonklike berchgebieten. No nei 25 jier komt der in ein oan de stifting. It lokale bestjoer yn Nepal moat de taken oernimme. ...
Heechleraar Otto Holman út Penjum: sjochris wat faker oer de nasjonale skutting 09.11.2025 22:29
Penjum is in doarp dat in mjuks is fan 'autochtoanen' en ymport. It doarpke oan 'e râne fan de ôfslútdyk is oantrekkelik foar minsken út Hollân dy't de hektyk fan bygelyks de grutte stêd ûntflechtsje. Ien fan de minsken dy't dat ek die is Otto Holman. Hy is heechleraar ynternsasjonale betrekkingen. Sûnt trije jier wennet hy yn it doarp en fynt dêr de rêst him te ferdjipjen yn Europa. Mar ek yn Spa...
De thermometer yn de Fryske mienskip: Snits, Stiens en Steggerda... 09.11.2025 20:34
Buro de Vries stuts in wike nei de ferkiezingen de thermometer yn de Fryske mienskip om te peilen hoe't de flage der by hinget, We wiene yn Snits, Stiens en Steggerda en hearden optimistyske ferhalen, mar fernamen ek in soad ûnfrede oer asylsikers, it wenningtekoart, iensumens, ferkearsoerlêst, en it fâlske fingerwizen nei sûndebokken...
Fries om utens Lex Paleaux op besite yn Frjentsjer 02.11.2025 13:28
60.000 boeken binne der oant no ta ferkocht fan it boek "Liften naar de Hemel" fan Fries om utens Lex Paleaux. It is ien fan de boeken dy't nominearre is foar de NS Publieksprijs fan 2025. Earder dit jier hie dizze 5e roman fan Paleaux de Boekhandelsprijs al wûn. Lex Paleaux wennet yn Haarlem mar is hikke en tein yn Fryslân ûnder de reek fan Ljouwert. Koartlyn wie hy op besite by de nagelnije boek...
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.