Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jul 5, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
Machteleas tsjinoer de wolf: "Ik kin op dit stuit neat" 02.11.2025 15:27
Se sitte by minsken oan de keukentafel, se krije se gûlend oan de telefoan: deputearre Matthijs de Vries en boargemaster Avine Fokkens. As bestjoerders wurdt nei har sjoen as it giet oer de wolven yn Fryslân. Mar se kinne frijwol neat dwaan, want se binne bûn oan regels. En dat falt se net ta.
Froulju fan Fryslân: Aukjen Clewits 26.10.2025 7:29
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredak...
De Haachske boekhannel fan Jogchum de Vries bliuwt bestean 26.10.2025 14:16
"Hier wil ik wonen", tocht skriuwer Ronald Giphart doe't hy antikwariaat "Colette en Co" oan de Reinkenstrjitte yn Den Haach binnen rûn. Dit boekesaakje leit fol mei bergen twaddehânsk boeken en is it libbenswurk fan de Fryske Jocghum de Vries. Nei 25 jaar woe hy fanwegen âldens en sûnens yn 2020 der mei ophâlde. It boekwinkeltsje drige te ferdwinen. Mar dêr woene de Haagse buertbewenners neat fan...
Andrea Gonzales Duarte van der Leeuw, in Fryske Kolombiaanse 26.10.2025 20:05
It ferhaal fan Andrea Gonzales Duarte is bysûnder: as lytse poppe kaam se yn Drylts by har Fryske heit en mem. Har biologyske mem yn Kolombia stie har ôf foar adopsje omdat se net foar har soargje en no is Andrea werom yn Kolombia en helpt se froulju en bern yn 'e earme wyk fan de stêd dêr't se wennet, Medellín.
Op syk nei poddestuollen mei Betty Kooistra 19.10.2025 11:22
It is wer hjerst en dat betsjut dat de poddestuollen de grûn útsjitte. Natoergids Betty Kooistra fan de Paddenstoelenwerkgroep Friesland nimt it Buro mei nei it Toutenburger Bosk by Noardburgum.
Tjeerd de Groot (D66) set punt efter polityk 19.10.2025 23:26
Politiek is niet voor bange mensen', mei in boek ûnder dizze titel, sette Tjeerd de Groot in punt efter syn politike karjère. De Groot wie jierrenlang Twadde Keamerlid foar D66. Lanlike bekendheid krige hy troch syn opmerking dat de feestapel yn ús lân eins de helte lytser wurde moat. Dêrmei sette hy de natsjonale lânbou-diskusje op skerp.
Lianne Zandstra oer de dream dy't gjin werklikheid waard: "Ik woe mem wurde" 15.10.2025 20:42
Aktrise en sjongeres Lianne Zandstra hat jierren yn de medyske mûne sitten. Sy en har man woene graach bern, mar it slagge net. Se skreau der in boek oer.
Roos Ykema oer har aktivistyske reis nei Gaza 12.10.2025 25:51
Roos Ykema fan Raard helle it wrâldnijs. Se wie ien fan de minsken dy't op in skip mei helpguod ûnderweis wie nei Gaza. Dêr kamen se net, want it Israëlyske leger entere it skip en pakte har op.
Direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea nimt ôfskied 28.09.2025 20:00
Op 1 oktober nimt Henk de Vries ôfskie as direkteur fan it Fryske Gea. Hy wurdt opfolge troch Chris Bakker. De Vries folge yn 2012 Uiltsje Hosper op. Hy wurke doe al by it Fryske Gea as haad natuurkwaliteit. Op in reinige hjerstdei socht Geartsje de Vries de ôfskiednimmende direkteur op yn syn kantoar yn Olterterp.
De fruitbeammen fan Griet Bergsma 28.09.2025 15:31
Elkenien dy't in fruitbeam yn de tún stean hat wit: it hat in hiel bêst jier west wat de risping oanbelanget. En dat komt omdat we dit jier in útsûnderlik waarme en drûge simmer hân ha. Reden foar ferslachjouwer Klazina Hofstee omris te sjen yn de tún fan de 83-jierige Griet Bergsma fan Lukswâld. Sy is fan "De Vrienden van het oude fruit", in lanlik kennissintrum fan âlde Fruitrassen, en hat in gr...
Froulju Fan Fryslân: Tjerkje fan De Klieuw 28.09.2025 6:49
Alle moannen skine we yn Buro de Vries it ljocht op it libben fan in bysûndere Fryske frou. Dit dogge wy yn oparbeidzjen mei it Keninklik Frysk Genoatskip. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje k...
Fryslân wrakselet mei Gaza en Israël 21.09.2025 33:20
Fryslân wrakselet mei Israël en Gaza. Guon Friezen stean foar 100% efter Israël, wylst oaren har de longen út it liif raze by Palestina-demontraasjes. It Buro tekene harren ferhalen op en praatte ek mei Arjen Lont, de honorêr konsul fan Israël en Andre Boers, dy't yn Israël wennet en bekend waard troch 'De Joodse Bruiloft'.
Podcast oer long covid 14.09.2025 42:59
"It fielde as in swimtocht wylst gjin lân sjochst. Do witst net wêr ast hinne swimme moast. Dat wie beangstigjend." It binne de wurden fan Harm Westra út it noardeasten fan Fryslân. Hy krige yn corona en dêrnei belâne hy yn in long-covid sitewaasje. It libben is dêrnei dramatysk feroare. Stigma Westra (net syn eigen namme) wol syn ferhaal fertelle omdat in soad minsken net witte dat der safolle mi...
Froulju fan Fryslân: Riek Stienstra 29.06.2025 5:30
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredak...
Fan Zuid-As nei Frjentsjer: Annalies Outhuijse kiest foar har 'roots' 29.06.2025 13:37
Sûnt twa moanne hat de Akademy fan Frjentsjer in betelle direkteur: Annalies Outhuijse. Dat kin tanksij in bydrage fan de gemeente Waadhoeke, it giet foarearst om in funksje fan oardel jier en de hoop is fansels dat it dêrnei trochset wurdt. Annalies Outhuijse komt fan Frjentsjer en hie in ambysjeuze karriëre as juriste op de Zuid As yn Amsterdam. No is se dus werom yn Frjentsjer. Foar it Buro red...
Jack de Vries: "Us pake sei al, jonge do wurdtst nochris boargemaster" 22.06.2025 14:43
Us lân stiet yn it teken fan de NAVO-top. In grutte konferinsje fan "staatshoofden en regeringsleiders" út lannen dy't by de NAVO hearre. De heale rânestêd sit dêrfoar op slot en yn de Den Haach bin de strangste feiligheids-maatregelen ea, troffen. It Buro praat der oer mei Fries om útens Jack de Vries. No boargemaster fan Maassluis, mar earder ûnder mear steatssiktaris fan definsje.
Ljouwerter Amir Amini oer de sitewaasje yn Iran 22.06.2025 12:08
De aktuiele sitewaasje yn Iran, bepraat mei de Ljouwerter Amir Amini. Amini kaam yn 1991 as flechteling út Iran nei Nedelân. Hy is ynmiddels mear as gemiddeld yntegrearre as Nederlânder, as Fries en as Ljouwerter. Hy wurket as magager by Wender en is ûnder mear aktyf yn de sport en yn skoalbestjoeren. Mei famylje dy't noch yn Iran wenjet hat er geregeld kontakt, as dat mooglik is....
Eco coaching 22.06.2025 10:49
Set 45 eco-coaches by mekoar en je krije ien grutte positive vibe yn de seal. De basis fan de eco-coaching leit by Tjalling van den Berg en syn dochter, Berber. De âld turnster en har heit skreaunen yn 2017 in boek oer dizze wize fan coachen. En no ha se 'm op 'e nij skreaun mei oanpassings en fernijde ynsichten. Foar Tjalling van den Berg is it in soarte fan legacy dy't hy achterlitte wol.
Ut it Libben: Lourens van der Leij (1934-2025) 15.06.2025 9:39
"Mei it ferstjerren fan Lourens van de Leij ferliest Fryslân ien fan syn grutste ûnderwiispioniers." Dat seit syn freon en âld-kollega Koen Eekma yn ús rubryk Ut it Libben. Van der Leij -dy't ek jierrenlang in ûnderwiisrubryk by Radio Fryslân hie- ferstoar ferline wike op 90-jierrige leeftyd yn syn wenplak Hearrenfean.
De grutte leafde fan Bauke Aalbers foar histoaryske skippen mei bysûndere ferhalen 08.06.2025 17:44
Yn it wetter en op it hiem fan Bauke Aalbers út Ljouwert lizze ferskate histoaryske skippen. Wat is ferhaal dêrefter? Froukje Sijtsma fan it Buro, socht him op...
Ljouwert brûst fan Sinneliet-aktiviteiten 08.06.2025 15:00
Dit jier bestiet it Sinneliet fan Franciscus van Assisi 800 jier. De Sint Vitusparochie fan Ljouwert grypt dit oan om fan tal fan aktiviteiten te organisearen. It Buro praat mei de inisjatyfnimmers Peter Vermaat en Angela Twickler.
Lyts literêr gelok by Buro de Vries 03.06.2025 24:00
Yn it ramt fan it projekt 'Lyts Gelok' (fan de organisaasje Ljouwert UNESCO City of Literature) dûkte yn in rige fan hûndert ferrassingsmominten, op snein 1 juny sa'n momint op by Omrop Fryslân. Dat wie moarns eefkes nei 11 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. It blykte te gean om in ferhaal fan skriuwer Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979) studearre skiednis yn Grins en debutearre as...
Lyts literêr gelok by Buro de Vries... 01.06.2025 24:00
Yn it ramt fan it projekt 'Lyts Gelok' (fan de organisaasje Ljouwert Literatuerstêd) dûkte yn in rige fan hûndert ferrassingsmominten, op snein 1 juny sa'n momint op by Omrop Fryslân. Dat wie moarns eefkes nei 11 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. It blykte te gean om in ferhaal fan skriuwer Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979). Rozendal studearre skiednis yn Grins en...
Mei Betty Kooistra de natoer yn... 01.06.2025 20:55
Buro de Vries dûkt de natoer yn mei Betty Kooistra. Betty komt fan Burgum en is al tsientallen jierren aktyf op it mêd fan natueredukaasje, en geregeld te hearren yn ús programma Op en Ut. Boppedat wie se dit jier de winner fan de Johan de Jong-beam. Klazina Hofstee makke mei Betty in slach troch it Wikelslân by Earnewâld.
Froulju fan Fryslân: Wike Zijlstra 25.05.2025 5:31
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredak...
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.