Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jul 5, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
Barbara van Beukering oer Levenslange liefde, sprookjes bestaan niet 25.05.2025 16:07
Boeken oer de leafde, se binne der yn alle soarten en maten. En no is der in nijen ien by. Fan Barbara van Beukering(58) út Langwar. Se skreaun it boek Levenslange liefde, sprookjes bestaan niet. Yn it boek docht se in persoanlike syktocht nei in antwurd op de fraach wêrom we dochs altyd dat ideaalbyld foar eagen hawwe fan dy iene leafde yn it libben.
Auke Hempenius, de ferbiner yn 'e boereketen 19.05.2025 14:59
Werom nei de suvere produkten, yn in direkte line tusken boer en boarger. Dat is de missy fan Auke Hempenius fan Akkrum. Hy neamt himsels de ferbiner fan de Fryske boereketen. Hy wenne lang yn Amearika, mar kaam yn 2010 werom en stoarte him op de itensketen. Hempenius rjochte 'Suver en sûn' op, in mienskip fan boeren en boargers dy't ferbine wolle. Omrop Fryslân socht it ferhaal achter dizze bysûn...
"Toen ik de zon en de maan tegelijk zag" yn it Fries Museum. 18.05.2025 14:37
Doe't de Iraansk Nederlanske Keunstner Tina Farifteh fan Amsterdam nei Seisbierum ferhuze, seach se dat de ynwenners fol mei de fuotten yn de Fryske klaaie steane. Sels fielt se har ûntwoartele. Se is as 13-jierich famke, mei har famylje, flechten fan Iran nei Nederlân. Yn Seisbierum fielde se ferbining mei it it lânskip, benammen op de seedyk. Tina begûn te te filmjen en sa ûntstie de fideo-ynsta...
Meeuw jonge theatermakers bringt Protestsongs skreaun troch jongeren 11.05.2025 19:44
Explore the North en Meeuw jonge theatermakers liede talintfolle skriuwers tusken de 14 en 18 jier op. It is ien fan d epoaten fan Meeuw jonge theatermakers en harren nijste projekt fynt by dy jonge skriuwers syn oarsprong. Fjouwer fan har ha 'protestsongs' skreaun. Teksten oer saken dêr't se har boas oer meitsje, dêr't se bang fan wurde of dy't se feroarje wolle.
"De Skoatterlânske Jordaan" - Joadske ûnderdûkers fûnen in plak 04.05.2025 12:55
Yn de oarloch wie de Schoterlandse Compangonsfeart tusken De Knipe en Jobbegea in bron fan ferset. Omdat der mear as 140 Joadske ûnderdûkers ferstoppe sieten waard de streek ek wol de Schoterlandse Jordaan neamd. Twa fersetsminsken ha no 80 jier letter in plaquette krigen om harren heldhaftige wurk te earen: Hendrik Marcus de Jong en Roel Vis. De iene wie kommunist en de oare swier grifformea...
Tentoanstelling On(t)schuld yn Feanhuzen: Bern fan foute foarâlders en harren gefoel 04.05.2025 15:37
Yn de tiden dat we de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betinke en 80 jier frijheid fiere is der ek it ferhaal fan de dieders. En benammen it neiteam. Hoe is it om derachter te kommen dat heit, mem of pake 'fout' wie yn de oarloch? Je kinne stelle dat de útstelde slachtoffers binne. Skamte, fertriet en ûnrêst oer de dieden fan je foarâlders kin grut wêze. Wylst je der sels part noch diel oan...
De kreative Heine Koonstra fan Ikkerwâld waard oppakt by in razzia, mar kaam nea werom... 04.05.2025 13:55
Yn it Damwâldster museum De Sûkerei is op't heden in bisûndere útstalling te sjen. Dêryn stiet it libben en it kreative wurk fan Heine Koonstra sintraal. Heine waard, krekt as syn broer Sijtze, yn febrewaris '44 oppakt by in razzia ûnder Ikkerwâld en yn Dútslân te wurk steld. Heine kaam nea werom: hy stoar op 25 april '45, dus ten tide fan de befrijing, oan TBC yn in hospitaal by Bûchenwâld. Dat s...
Froulju fan Fryslân: Betzy Rosa Berg 27.04.2025 6:46
It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027 en fiert dat mei in oade oan de Froulju fan Fryslân. Der komt in spesjaal jubileumboek mei dêryn de ferhalen fan 200 Fryske froulju, dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. It binne froulju dy't yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 202...
Frijheid yn de Frijheidswyk diel 4 27.04.2025 34:47
As der in wyk is dy't in relaasje hat mei de Twadde Wrâldoarloch, dan is dat de Vrijheidswyk yn Ljouwert. Stichting de Verhalen hat dy Vrijheidswyk adoptearre yn dizze perioade wêryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stichting ek yn gearwurking mei Buro de Vries in fjouwerdielige podcastrige. Klazina Hofstee en Gerard van der Veer folgen in moanne lang de minsken fan de Vrijheidswyk, dêr...
Frijheid yn de Frijheidswyk diel 03 20.04.2025 28:42
It is dit jier 80 jier ferlyn dat de Twadde Oarloch oan syn ein kaam. Sûnt dy tiid libje we hjir yn fryheid. Mar wat is dat eins, frijheid. En wat betsjut fryheid foar de bewenners fan de Fryheidswyk? Dit is in kleurrike wyk yn Ljouwert, mei in grut ferskaat oan nasjonaliteiten en eftergrûnen, en ek in grut ferskaat oan ferhalen. Buro de Vries makke yn gearwurking mei Stichting de Verhalen in fjou...
Frijheid yn de Frijheidswyk diel 02 13.04.2025 30:06
Wat betsjut frijheid foar minsken dy't it net sa maklik hawwe yn it libben? Dy't hûs en hear ferlitten hawwe foar oarlochsgeweld, dy't it finansjeel dreech hawwe of iensum binne. Hokker frijheid is foar harren wichtich? Yn dizze podcast portrettearje wy de Ljouwerter Frijheidswyk. In wyk, dy't wol it wurd frijheid yn har namme draacht, mar dêr't frijheid yn in soad opsichten net fanselssprekkend i...
De pratende 'wûnderfûgels' fan Jantien de Boer 13.04.2025 12:38
Nei oanlieding fan it nije boek Wondervogels praat it buro mei skriuwster en kollumniste Jantien de Boer oer fûgels en taal...
Suppe is ûntspanning en goed foar de holle 06.04.2025 11:10
Je sjogge se wolris gean miskyn. Troch de fearten en mei rêstich waar oer de marren en sels it Waad. De suppers. Steand op in planke, yn 'e hân in peddel en relaxed oer it wetter glydzjend. It sjocht der sa maklik út en liket wol hast op yoga yn de natuer. Loesanne Velstra stiet alle dagen op de plank, en jout ek lessen en clinics. Se is ek ambassadeur foar it Waad omdat se rotsoai út it wetter he...
Frijheid yn de Frijheidswyk diel 01 06.04.2025 30:04
Wat betsjut frijheid foar minsken dy't it net sa maklik hawwe yn it libben? Dy't hûs en hear ferlitten hawwe foar oarlochsgeweld, dy't it finansjeel dreech hawwe of iensum binne. Hokker frijheid is foar harren wichtich? Yn dizze podcast portrettearje wy de Ljouwerter Frijheidswyk. In wyk, dy't wol it wurd frijheid yn har namme draacht, mar dêr't frijheid yn in soad opsichten net fanselssprekkend i...
Froulju fan Fryslân: Christine Buisman 30.03.2025 5:17
It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027 en fiert dat mei in oade oan de Froulju fan Fryslân. Der komt in spesjaal jubileumboek mei dêryn de ferhalen fan 200 Fryske froulju, dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. It binne froulju dy't yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe.. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 20...
Hoe libbet ien op in skip? Rienk Hacquebord út Jirnsum skreau der in boek oer 30.03.2025 12:07
Tsien jier wenne Rienk Hacquebord op de klipper Adora. Doe't er it skip ferkocht en in nije útdaging fûn yn it ferbouwen fan in âlde pakhûswenning yn Jirnsum, dûkte er nochris yn de âlde foto's. Sa kaam it iene ferhaal nei it oare nei boppen...
Roupaad op skylge 28.03.2025 22:27
Wêr kinne je mei je fertriet hinne as je it grutste fertriet dat je oerkomme kin oerkomt? Arjan Berkhuysen en Anemoon Elzinga fan Skylge ferlearen harren soan Mees fjouwer jier lyn troch in ûngelok. Mees waard mar 16 jier jong. Yn de rin fan de tiid holp it harren te kuierjen troch de Skylger natuer. It resultearre yn in roupaad. Dizze sneon wurdt it paad iepene. Op de stjerdei fan Mees. It roupaa...
Frijwilligers bringe museum Huis Van Eysinga ta libben. 23.03.2025 14:06
Frijwilligers, de measte organisaasjes kinne net sûnder. Sa ek it museum "Huis van Eysinga" yn Ljouwert. Ast dit museumhûs binnen stapst, makkest in sprong yn de tiid, werom nei de 18e ieuw, doe't it hûs eigendom wie fan de famylje Van Eysinga. Frijwilligers soargje foar de ûntfangst en jouwe de húzen fleur en kleur. En se kinne wer wat nije frijwilligers brûke. Klazina Hofstee gie nei it Van Eysi...
Biografy oer dichter Jacobus Q. Smink: Skitterje en skûlje 16.03.2025 16:35
De dichter Jacobus Q. Smink ferstoar yn 2024. Syn wurk en libben binne troch Marian Hulshof fêstlein yn de biografy Skitterje en skûlje, it libben fan in bipolêre dichter.
Froulju fan Fryslân: Anke Beenen 13.03.2025 6:11
It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vr...
Eelke (68) mocht syn stamseldonor gjin pompeblêdekaart stjoere 09.03.2025 31:02
Minsken dy't bloedkanker - leukemy - hawwe, kinne yn guon gefallen wer better wurde mei stamseltransplantaasje. De pasjint krijt dan nije stamscellen fan in donor. Stamsellen binne sellen dy't yn it bonkemoarch, it beenmerg sitte. Se kinne harsels fernije en kinne alle typen bloedsellen oanmeitsje. Mar om sa'n transplantaasje dwaan te kinnen, binne der minsken nedich dy't stamsellen donearje. In e...
"Wantrouwen is goed útgongspunt om cybercrime foar te kommen" 02.03.2025 12:27
"Wantrouwen is in goed útgongspunt om cybercrime foar te kommen" Dat die bliken by in workshop Cyberveiligheid fan de FNV op it Hearrenfean. Buro de Vries wie der by.
By 'de Moedige Moeders' helpe en stypje neisten fan ferslaafden elkoar 25.02.2025 21:24
De moedige moeders is in organisaasje foar neisten fan ferslaafden. It idee is dat erfarings-saakkundigen mekoar helpe en stypje kinne. Sûnt koart is der ek in ôfdieling yn Fryslân, opset troch Nelleke Wiersma fan Dokkum. It Buro praat mei har én mei Marjolijn Veenstra, dy't har oansletten hat by de Moedige Moeders.
Anorexia is in rupsje nooitgenoeg dy't hieltiid minder wol 23.02.2025 37:30
Anorexia. 4 Prosint fan de famkes en froulju hat de ytsteurnis, sa docht bliken út ûndersyk. En dat is miskyn noch in ûnderskatting. In oandwaning dy't dreech te bestriden is. Oan de universiteit fan Grins is der no in bisûndere learstoel om te ûndersykjen hoe't dat komt en wat der better kin by behannelingen. Klaske Glashouwer sil dit ûndersyk dwaan. Ien dy't hiel goed wit hoe swier it is om te h...
Buro de Vries special oer ferkiezings yn Dútslân 16.02.2025 41:03
We hawwe it oer út Oasterburen , Dútslân. Nije wike gean se dêr nei de stimbus. En dat kin ek gefolgen hawwe foar út provinsje. We prate der oer mei honorêr consul fan Dútslân Sieger Dijkstra. En wat betsjutte de Dútsers foar ús toerisme. Martin Cnossen fan Merk Fryslân fertelt deroer. En hoe sjocht in Dútske Friezinne nei de sitewaasje yn har heitelân? Barbara Wijbenga Kleinschmid jout har fisy....
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.