Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 369 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Author

Omrop Fryslân

Category

News

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Jul 5, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

Willem Brouwer (83) wie mantelsoarger foar syn frou: "Ik voelde me de manager van een éénmanskliniek" 09.02.2025

"Ik wilde haar in haar waardigheid laten", seit âld-gynekolooch Willem Brouwer (83) oer tsien jier mantelsoarch foar syn frou. Syn frou Tineke wie foar har pensjoen anestesiolooch yn it sikehûs MCL yn Ljouwert. Al gau nei har pensjonearring krige se Alzheimer. Brouwer hold alle dagen in deiboek by oer harren libben tegearre. It ferslach resultearre úteinlik yn twa boeken. Brouwer jout geregel...

Operasjongeres Hebe Dijkstra is 83 mar net âld! 09.02.2025

Se is 83 en hat in romrofte karriere yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. Hebe Dijkstra fan Twizelerheide. As famke fan 11 wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's harren ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut. In petear mei in bysûndere frou d...

It Yndia fan antropolooch Bauke van der Pol 02.02.2025

De Harnser Bauke van der Pol gie as jong feint yn de 70er jierren fia de hippy-trail oer lân op aventoer nei Yndia. It wie leafde op it earste gesicht. Letter waard hy kultureel antropolooch en hat hy ferskate boeken skreaun oer it lân en de kultuerhistoaryske konneksje mei Nederlân en Fryslân. Syn lêste boek is krekt klear: dat giet oer de Nederlânske ynfloed yn de havenstêd Fort Cochin. Ynkoarte...

Froulju fan Fryslân: Rixt 26.01.2025

It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vr...

De wûnderen fan Marije fan Sânwâlden 19.01.2025

Elkenien kent it beafeartsplak Lourdes, mar ek Boalsert is in plak dêr't pylgers hinne geane, en wol om it houten byld fan Marije fan Sânwâlden te earen. It byld is sûnt 1515 in mirakelbyld: siken waarden wer better, blinen koenen wer sjen as se Marije fan Sânwâlden oanrôpen. Yn de midsiuwen waarde al dizze wûnderen opskreaun yn it Boalserter Mirakelboek. En dat boek is koartlyn digitalisearre. It...

De Fryske Nicci French: Rifka Faber út Dronryp 19.01.2025

Blauwe maandag, Dinsdag is voorbij, wachten op woensdag.... wa't leafhawwer is fan thrillers, herkent de titels wol: it binne boeken skreaun troch Nicci French. Nicci French is in pseudonym foar in echtpear - Nicci Gerrard en Sean French. Sy skriuwe de boeken tegearre en ha dêr in hiel soad sukses mei. Fryslân hat no ek in Nicci French; it is Rifka Faber. Achter dit pseudonym sitte Erik Betten en...

As direkteur hâldt Geale Tadema eltsenien oan board: "Wy helpe inoar, punt" 19.01.2025

It is dreech om minsken te finen dy't mei de hannen wurkje kinne. Fakminsken. Ambachtsminsken. Dit lûd hearst in soad. Mar net by Metalis, in metaalbedriuw yn Drachten. Dit bedriuw hat in hiel eigen wize fan omgean mei har meiwurkers en sjocht oars nei minsken as wurknimmers as oare bedriuwen.

Prof. dr. mr. Hylkje de Jong oer misdie & straf oan it Hof van Friesland 19.01.2025

Prof. dr. mr. Hylkje de Jong oer misdie & straf oan it Hof van Friesland

In beam fol hoarnûlen 12.01.2025

It is in min jier foar de hoarnûl, oftewol de ransuil. Dat komt omdat it in wiet jier west hat, en dat is min foar de mûzen, en hoarnûlen frette mûzen. In typysk gefal fan oarsaak en gefolch. Sjouke Scholten is fan it Sovon, it kennissintrum fan wylde fûgels yn Nederlân en telt rûmon dizze tiid hoefolle hoarnûlen hjir oerwinterje. Se skûlje faak yn hege beammen. Buro de Vries moetet Scholten yn Dr...

Jappie Talma oer aksje predikanten yn aksje tsjin strange asylbelied 03.01.2025

Yn in tal kranten stiene de ôfrûne moannen grutte advertinsjes mei in oprop oan it kabinet it paad fan "it strengste asylbelied" te ferlitten. It is ûndertekene troch mear as 400 predikanten en foargongers. De advertinsjes binne yn kranten as Trouw en Volkskrant pleatst mar ek yn it Friesch Dagblad. It is in inisjatyf fan Jan de Beer út Zwolle. Mar ek Jappie Talsma út Hurdegaryp is belutsen by de...

Durk Gorter oer Baskelân en Fryslân 30.12.2024

"Sels bin ik in grut leafhawwer fan it Baskyske lân, de kultuer, it lânskip en de minsken." Dat seit ferslachjouwer Simone Scheffer. Se komt al jierren yn Baskelân. Dy regio hat wat mienskiplik mei Fryslân. Mar der binne ek ferskillen. Simone Scheffer wie dit jier seis wiken yn Baskelân. Yn dit artikel fertelt se wat wy Friezen fan de Basken leare kinne. Dêr hat se oer praat mei Durk Gorter, dy't...

Fete tusken boerebuorlju yn Drylts op 'e nij ferteld 22.12.2024

"De wylde boerinne" giet oer twa boerebuorlju by Drylts, dy't tsientallen jierren lang slim spul ha. Skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) wûn mei it ferhaal de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids en sei dat it basearre wie op in wier bard ferhaal. Mar is dat echt sa? Ferhalemakke Froukje Sytsma en tëatermakker Ypie Zijsling dy't beide in fassinaasje ha foar "de wylde bo...

Dûkt fâlt foar Feriening fan Fryske Frijsinnigen 22.12.2024

Nei 120 jier is der in ein kaam oan de organisearre frijsinnichheid yn Fryslân. De Fryske feriening fan Frijsinnigen hat himsels opdûkt. Emearitus predikant en skriuwer Rienk Klooster fan Ljouwert begrypt dat wol. Neffens Klooster kenmerken de frijsinnigen - dy't ek wol 'modernen' neamd waarden - har troch ûndogmatysk te wêzen en iepen te stean foar wittenskip en kultuer. Dat betsjutte bygely...

De wolf yn de Stellingwerven: Minsken wurde beheind yn har frijheid 15.12.2024

Dat de wolvekeppel fan it Drents-Friese Wold in soad slachtoffers makket ûnder fee is, dat witte we. Mar dat minsken yn de regio har libbensstyl oanpasse omdat se midden tusken de wolven wenje, dat is minder bekend. Se binne benaud foar de wolf. Neffens foarsitter Jelle de Ruiter fan Pleatslik Belang Easterstreek is de ympakt grut, as minsken de natuer net mear yndoare. Dat wolven har hieltiten fa...

Gesicht fan de Serious Request aksje: Jelte de Haan. In petear mei syn heit 15.12.2024

Jelte de Haan is it gesicht fan de Serious Request aksje fan 2024. It jild dat ynsammele wurdt giet nei ûndersyk nei metabole sykten. Jelte de Haan út Ljouwert hat in metabole sykte en sil net âld wurde. Syn âlders, Hein en Sanne de Haan dogge der in hiel soad foar om metabole syktes ûnder de oandacht te bringen en hoopje dat der troch ûndersyk mear bekend wurdt oer metabole syktes en dat der misk...

Ielrikje mei Wybren Bruinsma 08.12.2024

De ien kinst der nachts wekker foar meitsje, de oar grizet derfan: rikke iel. Mar ast it no lekker fynst as net, it wurdt hjoed-de-dei sjoen as in wiere delikatesse. Mar wat is no it geheim fan in echt lekkere rikke iel? Klazina Hofstee gie op besite by Wybren Bruinsma fan Winsum, hy rikket al 40 jier iel en hat no ek wat brânen yn de eftertún...  

Henk Zuidema syn leafde foar beannen en earten 01.12.2024

Beannen en earten: se binne sûn, goedkeap en goed foar it miljeu. En se hawwe de prachtichste nammen: it wâldbeantsje dy kinne we wol, mar wa kent de reade krobbe, as de lupine, as it soldatebeantsje. Buro de Vries dûkt yn de wrâld fan de beannen en giet op besite by beannehanneler Henk Zuidema fan Jistrum.

De brûnstiid fan de deim (damhert) 24.11.2024

Se binne troch alles hinne en se hawwe somtiden in read waas oar de kop. Want it is wer dy tiid fan it jier: it is de brûnstiid fan de deim, oftewol de damherten, en dan jeie de hormoanen harren dwers troch it liif. De mantsjes wolle mar ien ding en dat is pearje, mar dan moatte se wol yndruk meitsje op de wyfkes, en oare mantsjes de baas wêze. Klazina Hofstee gie mei natuerman Harrie Bosma de bos...

Ritsko van Vliet op syk nei syn Indyske roots 24.11.2024

De ferneamde Ljouwerter Ritsko van Vliet gie pas op syk nei syn Indyske roots, doe't syn soan him frege: "Wie was mijn Indische oma?". It smiet in bisûnder boek op mei deselde titel.

Histoarikus Bearn Bilker oer de krisis yn Dútslân 17.11.2024

Dútslân sit yn in swiere krisis op ekonomysk en polityk mêd. Histoarikus en Dútslân-kenner Bearn Bilker jout syn analyze yn Buro de Vries.

Wêr lizze jo wekker fan? Buro de Vries stekt de thermometer yn de Fryske Mienskip 17.11.2024

It bin rûzige tiden. De oarloch yn it Middeneasten en de ferdieldheid dy't dat yn ús lân ta gefolch hat. It tanimmende antisemitisme en de moslimhaat, mei rellen yn Amsterdam as gefolch. De oarloch tusken Oekraïne en Ruslân. En tichterby: soargen oer tekoarten oan wenningen, en fakminsken; kwaliteit en betelberheid fan de soarch. En dan ha we noch net iens oer it ûnderwiis, de lânbou, it klimaat e...

Van Mesdag-direkteur Harry Beintema: "Samenleving moat eks-TBS'ers wer in plakje jaan' 10.11.2024

De samenleving moat mear TBS-ers dy't frijkomme, in plakje jaan yn stêden en doarpen. Dy oprop docht Harry Beintema, direkteur fan de Van Mesdag-klinik yn Grins dêr't 260 mannen sitte. Dy binne feroardiele foar swiere delikten as moard, deaslach en ferkrêfting.  Harry Beintema is berne op 22 juli 1969. Hy groeide op yn Drachten en ferhúze nei Akkrum doe't hy njoggen wie. Hy studearre Geneesku...

Skriuwster Machteld van Zalingen lit har nijste boek foar in part yn Fryslân spylje 10.11.2024

In thriller dy't foar in part yn Fryslân spilet en oer in sekte giet. Machteld van Zalingen hat har ynspirearje litten troch Fryslân en Noarwegen. De skriuwster wennet sels op de Veluwe, mar is regelmjittich yn Fryslân te finen. Se kin har yn har fakânsjehûs oan de Aldegeaster Brekken folslein talizze op it skriuwen. De earste sêne yn har nijste boek 'Het Genootschap' spilet dan ek krekt dêr: oan...

Kees Bangma skriuwt boek oer Belgen yn Gaasterlân yn earste wrâldoarloch. 10.11.2024

Hy nimt it sels histoarysk resjerzjewurk: âld plysjeman Kees Bangma docht ûndersyk nei de skiednis fan de earste wrâldoarloch en de gefolgen dêrfan foar Fryslân. Nederlân wie dan wol neutraal yn dy oarloch, mar de ynfloed wie grut, ek yn ús provinsje. Bangma hie yn 2018 al mei skreaun oan it boek "Ver van het Front", oer Fryslân en de Friezen yn de earste wrâldoarloch. No hat er in nij boek skreau...

Twa boeren meitsje gebrûk fan de útkeapregeling foar pykbelesters 03.11.2024

Hans Wemer út Boijl en Marco de Jong út Langedijken binne twa boeren út Eaststellingwerf dy't gebrûk meitsje fan de útkeapregeling foar pykbelesters. Under dy regeling krije boeren dy't ticht by in natûrgebiet sitte en neffens de norm tefolle stikstof útstjitte, 120 persint fan de ferfangingswearde fan harren stallen en bisten fergoede. De foarige minister fan natûr en stikstof, Christianne van de...

Listen to the Buro de Vries (Podcast) podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.