Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 369 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Author

Omrop Fryslân

Category

News

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Jul 5, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

Anne-Goaitske Breteler rekkenet ôf mei it byld fan de hechte mienskip: "In falkûle" 03.11.2024

Hoewol't de titel wat oars suggerearret, giet it nijste boek fan Anne-Goaitske Breteler net allinnich oer 'doarpsgekken'. It giet foaral oer geastlike sûnens - of better sein 'ûnsûnens' - op it plattelân. Ien haadstik giet oer 'doarpsgekken'. Sa skriuwt Anne-Goaitske Breteler oer Sibbel Rosier, dy't yn Dokkum wenne en dêr bekend stie as Sibbel Geiteknibbel.

De winner fan de Johan de Jong beam 2024 Sytse Bouwhuis fan Wikel 27.10.2024

Sytse Bouwhuis fan Wikel is dit jier de winner fan de Johan de Jong priis. "Mei ûnfoarstelbere passy fersoarget Bouwhuis al jierrenlang alderhande ekskurzjes. Dêrmei is natueredukaasje him op it liif skreaun", sa fynt de sjuery. Bouwhuis fersoarget al 35 jier Vroege Vogel-ekskurzjes, oare fûgelekskurzjes en lêzingen. Mar hy is ek eigener fan it Boukeboskje. It Buro gie nei Wikel en krijt in rûnlie...

Op syk nei wasplaten yn it Houtwiel 27.10.2024

It liket in bytsje sa as mei de metaaldetektor troch in lân rinne yn de hoop in gouden munt te finen.... At je op syk geane nei de bysûndere paddestuollen yn it natoergebied De Houtwiel ûnder De Westereen, dan moatte je hiel goed oplette en somstiden wat gelok ha. Yn it gebiet komme 15 ferskate soarten wasplaten foar en oan de start fan de hjêrst nimt it buro de útdaging oan om der safolle mooglik...

Kij leverje sûnere molke mei krûderyk gers en stjitte minder metaan út 27.10.2024

Undersikers fan hegeskoalle Van Hall Larenstein ha op de Ljouwerter Dairy Campus sjoen wat de effekten fan ferskillende soarten fretten binne op de kwaliteit fan molke en de útstjit fan stikstof en metaan. Dat ûndersyk hat trije jier duorre. Kij dy't meidienen oan de proef, krigen in moanne lang ien soart fretten. Dat gong om bygelyks allinnich sûkerei (cichorei), allinnich breablêd (smalle w...

Barry Nijenhuis is slim siik, mar "er zijn mensen die het veel slechter getroffen hebben" 20.10.2024

Neurofibromatosis type 2. In ûnbekende sykte werby't der goedaardige tumoaren yn it lichem groeie. Se groeie stadich, mar se kinne wol senuwen ôfklemme. Dat is net alline pynlik, it soarget soms ek foar útfal fan funksjes. NF2 is in seldsume sykte dy't net genêzen wurde kin. Ien op de 400 minsken yn Nederlân hat it. Barry Nijenhuis fan it Hearrenfean is ien fan harren. Omdat it sa seldsum is, is d...

Kriminelen, moardsaken en de finzenis; Henk Dillerop kin der boeiend oer fertelle 20.10.2024

It is in foarstellingstitel dy't yntrigearret: "Liefde, moord en ander ongemak". Henk Dillerop lûkt mei dy foarstelling troch de provinsje en fertelt yn twa kear 45 minuten ferhalen út syn karriêre as resjersjeur, baas fan de Criminele Inlichtingen Dienst en gefangenisdirekteur. It Buro hie wol nocht oan in ferdivedearjende jûn en gie der hinne:  

De Fryske skiednis yn tweintich spannende ferhalen: 'Vet Oud! Fryslân' 13.10.2024

It ferhaal werom yn de klasse krije. Dat wie it doel fan skiednisdosinten Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Sy skreaune 'Vet Oud!' in skiednisboek mei spannende ferhalen dy't yn it ferline spylje. Ta har eigen fernuvering wie it in grut sukses en nei dat earste boek folgen nochris fjouwer Vet Oud! boeken. Mei it sechsde diel oer de skiednis fan Fryslân nimt Aant Jelle Soepboer foarearst ô...

Fimme, it 'wonderkind' fan it UMCG 13.10.2024

It is ien fan de slimste senario's dy't je as âlders meimeitsje kinne. Bert en Baukje Agema koenen harren soantsje Fimme tweintich minuten lang net fine, nei't er yn it wetter fallen wie. Nei mear as twa oeren fan reanimaasje en in skoft oan de hart-long masine, is Fimme no in 'gewoan' jonkje, in útkomst dy't doktoaren net foar mooglik holden. "Dit is het wonderkind van het UMCG", fertel...

Nuveraardige delikten yn Boalsert yn de 19e iuw: it plysjeargyf is digitaal beskikber makke 06.10.2024

Pubers dy't 'mensendrek' op de toanbank smite, in man en frou dy't elkoar de kop ynslaan en in grutte folksoproer... Yn de perioade 1824 oant 1923 hie de plysje geregeld de hannen fol oan de Boalserter befolking. Nei it digitaliseren fan de processen ferbaal fan de gemeenteplysje fan Boalsert ûntdekte gemeente-argivaris Jack de Vries in pear pearels fan ferhalen. It buro dûkt mei him dat argy...

De Le Roy tún bringt al hast 60 jier de natuer nei it hert fan it Hearrenfean 06.10.2024

31 oktober, is it 100 jier ferlyn dat keunstner en tunarsjitekt Louis Le Roy berne waard. Le Roy waard bekind mei syn saneamde ekokatedralen, in plak mei steapele bouwurken dêr't de natoer de romte krijt om har optimaal te ûnwikkeljen. De earste ekokatedraal stiet op it Hearrenfean en wurdt ek wol de Le Roy tún neamd. It Buro makket mei boumaster Peter Wouda in slach troch de tún...

Fryske nomade Jil wennet yn in tintsje 22.09.2024

Se neamt harsels de Fryske nomade: de 44-jierrige Jil, earspronkelik fan de Lemmer, libbet al jierren yn in lyts tintsje. De ôfrûne 10 jier swalke se troch Sili, sûnt de meitiid is se werom yn Fryslân. It nomadyske libben jout Jil de fryhyd fan in fûgel seit se sels. En krekt as in fûgel giet Jil no op syk nei in waarmer klimaat en stapt se op de fiets rjochting Portugal. Buro de Vries gie op...

It libbensferhaal fan Sijtje van der Lende 18.09.2024

Yn beweging bliuwe salang't it kin. Dat is it biedwurd fan Sijtje van der Lende, âld-topreedrydster en sûnt har ôfswaaien reedrydtrainster. Sijtje van der Lende waard berne op 31 jannewaris 1950 yn Sonnegea, in lyts doarpke ûnder de reek fan Wolvegea. Har âlden hiene in foar dy tiid reedlik grut boerebedriuw mei sa'n 30 kij, ierappels, weet en biten.  Van der Lende stiet fan jongs ô...

Sportsjournalist Edward Jorna skriuwt biografy oer keatser Johannes Brandsma: "De Brand" 15.09.2024

De ferkeap fan it boek "De Brand" fan skriuwer en sportsjournalist Edward Jorna rint as it sliedjaget, it boek oer keatser Johannes Brandsma is nei it ferskinen begin dizze simmer no al ta oan in twadde druk. Ferskate kearen hat Jorna mei Brandsma praten oer syn libben en syn karjêre. It levere in tsjok boek op fan sa'n 400 siden. Brandsma hat it net mear lêze kinnen, hy ferstoar begjin ferline ji...

It libbensferhaal fan de bruorren Hans en Wim Anker: 'Sûnder inoar hiene we it as advokaat net rêden' 01.09.2024

"De krêft sit 'em yn de kombinaasje fan ús beiden. Hans hie it allinnich as advokaat nea rêden. En ik al hielendal net", dat stelt âld-strafpleiter Wim Anker oer himsels en syn broer Hans Anker. Mei beide mannen makke Buro de Vries in kuier troch Akkrum dêr't se opgroeiden as soannen fan de boargemaster. "We stiene bekend as belhamels en doochnieten...!"

It libbensferhaal fan Karst Berkenbosch 25.08.2024

Hjoed it libbensferhaal fan Karst Berkenbosch. De measte minsken kinne him fan syn liedsjes yn it Stellingwerfs. Mar hy docht safolle mear, hy is net allinnich sjonger mar ek, skriuwer, keunstner, kaberetier, je kinne wol sizze: in wiere kreative tûzenpoat. 

It libbensferhaal fan Eelke Lok: dat ik myn dochter net mear sjoch docht noch alle dagen sear 11.08.2024

Omrop Fryslân ikoan Eelke Lok is hikke en tein yn Drachten. Hy hie hielendal gjin nocht oan skoalle en studearjen, mar helle wol de HBS. Op 16-jierrige leeftiid gie er oan it wurk by de Drachtster krante. Nei ek noch in skoftke wurke te hawwen by Schuttevaer, kaam er yn 1975 by - doe noch - de RONO te wurkjen. Yn de fjirtich jier dat er dêr wurke hat er grutte feroaringen meimakke. Eelke Lok ferte...

It libbensferhaal fan ddûmny Corry Nicolay 04.08.2024

As seisjierrich famke waard dûmny Corry Nicolay al mei de hurdheid fan de minsk konfrontearre. En mei skuldgefoel. Dat kaam fan har twa jier âldere sus Tineke. Der wie wat mei Tineke mar wat dat wisten se net. Trochdat se oars wie as oaren waard se hiel bot pesten. Lytse Corry seach it gebeuren mar wie te bang. Se wie noch mar seis. It bepaalde in soad yn har lettere libben. Corry Nicolay waard be...

It libbensferhaal fan Annet van der Hoek: "Ik ha eins altyd gelokkich west... 28.07.2024

Dizze simmer sjocht Buro de Vries wer mei senior-Friezen werom op harren libben. Hjoed is âld PvdA-politika Annet van der Hoek te gast.

It libbensferhaal fan Tjalling van der Berg 25.07.2024

Tjalling van den Berg hat in rike karriere achter de rêch yn de sport as coach. Hy wie haad-turncoach op it Hearrenfean, bûnscoach by it keatsbûn, dosint oan it CIOS en is ek ferbûn oan it jeugdfuotbal fan SC Hearrenfean. Sûnt 2013 stoartte hy him op eco-coachen. Mear sjen nei de minsk achter de sporter. De omslach makke hy ûnder ynfloed fan syn dochter Berbeer. Sy wie topturnster en letter studea...

It libbensferhaal fan Tjalling van den Berg 25.07.2024

It alderslimste dat je as folwoeksene oerkomme kin, barde yn it libben fan sportcoach Tjalling van den Berg. Hy ferlear op jonge leeftiid in berntsje. Reinder Tjalling waard mar fjouwer jier âld. It wie de grutste tsjinslach yn it libben fan Van den Berg. Dochs helle hy dêr ek wer krêft út. "Ik betocht dat ik it libben fan Reinder Tjalling libje moast, en dat haw ik dien." It toant de fearkrêft fa...

It libbensferhaal fan waarman Klaas Ybema 21.07.2024

Hjoed it libbensherhaal fan waarstatistikus en skriuwer Klaas Ybema. Al mear as 50 jier mjit hy alle dagen it waar. Syn fassinaasje foar dat waar begûn doe't hy in lyts jonkje wie en opgroeide op in pleats op 'e romte flak efter Wytmarsum. Klazina Hofstee gie mei Klaas Ybema werom nei it plak fan syn jeugd.

It libbensferhaal fan aktrise Marijke Geertsma 07.07.2024

Buro de Vries giet dizze simmer mei bekende, âldere Friezen werom nei it doarp of de stêd dêr't se opgroeid binne. Dêr wurde herinnerings ophelle en prate we oer it Libben.  Mei aktrise Marijke Geertsma binne wy yn Jobbegea tredde slûs. Se fertelt oer har bernejierren, har karriêre as beukerjuf en aktrise, it al of net skieden hâlden fan privee en wurk, gelokkige tiden, drege tiden en de less...

Hagar Neter oer har protest tsjin de oarloch yn Gaza 30.06.2024

Protestearje tsjin je eardere regearing. De Israelyske Hagar Neter docht it fan Minnertsgea út. Tagelyk fernimt se dat prate oer de oarloch mei freonen en famylje út Israël noch altyd dreech giet. "Ze zijn gebrainwashed." Al 23 jier wennet Neter yn Fryslân. Dochs lit Israël har net los, hielendal net no't de oarloch tsjin Hamas yn Gaza wer bot oplaaid is. "Ik word er mee wakker en ga er mee slapen...

In rûntsje om 'e tsjerke kuierje mei Fokko Bosker 30.06.2024

Stichting Tsjerkepaad bestiet 20 jier en dat fiere se mei in bysûnder kuier- en fytsboek, makke troch kuiersjournalist Fokko Bosker. Yn it boek "Rondjes om de kerken" steane 26 pylgersrûtes yn Noard-east Fryslân. Klazina Hofstee trof Fokko Bosker flakby de Mariatsjerke fan Oentsjer en makke in rûntsje om dy tsjerke...

Robert Adjiet oer syn boek "Van de Vrijheid en de Fries" 23.06.2024

Wat is fryheid en wêrom wol in Fries sa graach fry wêze? It binne fragen dy't skriuwer Robert Adjiet himsels stelde doe't hy in pear jier ferlyn kaam te wenjen yn Harns. Adjiet, berne yn Suriname en opgroeid yn Bûtenpost, hat jierren yn de Rânestêd wenne en dêr fielde hy dy fryheidsdrang by de minsken om him hinne hielendal net. Wêrom dan wol yn Fryslân? Robert Adjiet gie op syk nei skiednisferhal...

Listen to the Buro de Vries (Podcast) podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.