Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Oct 4, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
Wieke Bosch, anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech 14.04.2024 10:35
It libbensferhaal fan Wieke Bosch fan Ljouwert rint oer fan karren dy't tsjin de noarm yngiene en tsjûgje fan idealisme, in frije geast en berettens. Se drukte as anargiste har stimpel op it Fryske ferset. Yn in rige oer Fryske froulju yn it ferset fertelt skriuwer Hessel de Walle oer Wieke Bosch, dy't har libben joech foar har idealen. Se ferstoar yn kamp Ravensbrück.
Sipke van der Meulen, 37 jier ferkearsfeiligens-belied yn Fryslân 07.04.2024 25:03
Nei 37 jier nimt Sipke van der Meulen meikoarten ôfskie as ferkearsfeiligens-spesjalist fan de provinsje Fryslân. De amtlik siktaris fan it ROF, it regionaal orgaan voor de verkeersveiligheid in Fryslân, giet mei pensioen. Foar in goed petear trof it Buro Van der Meulen yn de Trynwâlden ....
Beskieden en Frysksinnige Lys wie tige wichtich foar it ferset 07.04.2024 10:42
Lysbert Atsma liede in gefaarlik libben. As fersetsfrou moast se net benaud wêze. Skriuwer Hessel de Walle ljochtet har en 31 oare froulju yn it Fryske ferset út yn syn boek Vrouwen van het Friese verzet. Sy hiene in rol dy't lang ûnderbeljochte bleaun is, mar tige wichtich wie. Op it Suderbegraafplak yn Drachten leit de bysûndere grêfstien fan Lysbert Atsma, better bekend as Lys. De stien le...
Jelte is trije jier en terminaal siik. Heit en mem Hein en Sanne de Haan fertelle. 31.03.2024 15:51
Foar heit en mem Hein en Sanne de Haan is der in tiid foar en in tiid nei 2 jannewaris 2023. Doe krigen se de diagnose dat harren soantsje Jelte in metabole sykte hat en net âld wurde sil. Hy is no trije jier en syn oerlibbingskâns is 0%. Wat docht sa'n diagnose mei jo as heit en as mem, mei je relaasje, mei je takomstplannen... Hein en Sanne de Haan binne hjir hiel iepen oer. Se hâlde in blog by...
De wrâldreis fan Marica van der Meer 31.03.2024 13:07
Fytser en reisboekeskriuwster Marica van der Meer fan Warkum stapt wer op 'e fyts! Yn sa'n 800 dagen wol se fan east nei west om de ierde fytse. Fjouwer jier ferlyn wie Marica ek al begûn oan sa'n wrâldreis: doe fytste se de oare kant om. Mar nei fjirtjin moanne en 6000 kilometer troch Amearika twong it coronafirus har doe om ôf te stappen. No besiket se it op 'e nij en it wurdt in hiel oare reis:...
Minsken mei gehoarproblemen witte faak net wat der allegear mooglik is... 31.03.2024 9:22
Lang net alle minsken mei gehoarproblemen witte dat dêr mooglik oplossings foar binne. Bygelyks om't se net bekend binne mei nije technyske mooglikheden, of om't in besteand apparaat net goed ynregele of ôfsteld is. 'Hoor Mij' is de de lanlike feriening foar slechthorenden en sûnt koart hat ek Fryslân wer in eigen ôfdieling. It Buro gie yn Snits op de kofje by de famyljes Huisman en Roeleveld dy't...
Wim de Vrij fertelt oer 300 jier Johannes Passion 24.03.2024 12:51
It is hjoed Palmsnein, it begjin fan de Stille Wike: de wike dat kristenen stilstean by it lijen fan Jezus. En dat is ek de wike dat neffens tradysje de passys útfierd wurde. De bekendste is de Matthäus-Passion fan Johan Sebastian Bach. Mar de earste passy dy't Bach skreaun hat is de Johannes-Passion en dy bestiet dit jier 300 jier. De Stienzer muzykpedagooch Wim de Vrij is een grut Bach...
"Jij mag blijven" Hoe ûnbedoeld guon 'kompliminten' dochs ferburgen diskriminaasje binne 24.03.2024 12:18
62 Foarstellingen spile Amin Ait Bihi de rol fan sjoernalist yn it stik De Emigrant. Mei Freark Smink en Theo Smedes reizgen se fan teäter nei teäter troch de provinsje. Mei it ferhaal fan in âlde Fryske emigrant en in jonge Frysk-Marrokaanske ymmigrant. Amin spilet eins de rol fan himsels. En hy kaam der op de ferskate plakken achter dat rasisme en diskriminaasje yn de lytste, ûnbedoelde hoekjes...
"Jij mag blijven" Hoe't we ûnbedoeld of ferburgen diskriminearje 24.03.2024 12:18
62 Foarstellingen spile Amin Ait Bihi de rol fan sjoernalist yn it stik De Emigrant. Mei Freark Smink en Theo Smedes reizgen se fan teäter nei teäter troch de provinsje. Mei it ferhaal fan in âlde Fryske emigrant en in jonge Frysk-Marrokaanske ymmigrant. Amin spilet eins de rol fan himsels. En hy kaam der op de ferskate plakken achter dat rasisme en diskriminaasje yn de lytste, ûnbedoelde hoekjes...
Hilly Elzinga-Linstra beskriuwt har emoasjes as se yn ferwachting is fan in slim siik berntsje 17.03.2024 15:13
De namme Hilly Elzinga Linstra klinkt miskien bekend. Dat kin, want sy is de frou dy't in petysje opsette om it bernehertsintrum yn Grins te behâlden. Se waard landelik bekend mei't se mear as 225.000 hântekens ophelle. Se fertelt no har ferhaal oer har dochter mei in slimme hertôfwiking. Doe't se yn ferwachting wie, hat se in deiboek byholden en dat hat se yn eigen behear útjûn. Se beskriuwt net...
Hoe't goudkoarts it toerisme nei Skylge oanwakkere: fan skilders oant badgasten 10.03.2024 13:37
As jongfeint fan 14 kaam Pieter Breuker foar it earst op Skylge. Hy rekke fuortendaliks yn de besnijing fan it eilân. Breuker is bekind om syn boeken oer sport en de Fryske taal, mar hy hat ôfrûne jier in boek skreaun oer it waadeilân. En dan benammen it toerisme nei Skylge fan foar de oarloch. Wa makken de oertocht doe't der noch hast gjin foarsjennings wiene? Wa stiene hjir yn it ferline mei de...
Harsenskea en útbehannele? Rosanna, Annemarie en Dionne leine har der net by del 10.03.2024 17:25
We stean der net sa faak by stil, mar ien op de fjouwer Nederlanners hat in harsenoandwaning. Dit docht bliken út ûndersyk fan it RIVM yn opdracht fan de Hersenstichting. In refalidaasjebehanneling binnen de reguliere medyske soarch kin der net altyd foar soargje dat je wer hielendal better wurde. Mar der binne mear mooglikheden as ergoterapy en fysioterapy. Johanna Brinkman praat mei trije jonge...
Ferburgen Fryslân 03.03.2024 21:44
Skriuwer Willem Schoorstra strúnt al in pear jier Fryslân en omlizzende gebeiten ôf nei spoaren út de âldhyd, faak mei in religieuze of spiritiuele ynslach. Sa fûn hy napkestiennen op tsjerkhôven, fergetten lykpaden dwers troch it lânskip, nammestiennen mei spirituele symboalen en noch folle mear. De bedoeling is dat der ein dit jier in fotoboek fan ferskynt. Neffens Schoorstra fertelle syn fynste...
De mummys fan Wiuwert 03.03.2024 19:57
De mummies fan Wiuwert. Se lizze der al ieuwen, mar soms komme se wer even yn it nijs, lykas koartlyn: kulturiel ûndersykster Pieta van Beek fynt dat de steat fan de mummys efterút giet. It Buro freget him ôf hoe't it ek alwer sit mei dy mummies, ek wol it wûnder fan Wiuwert neamd. Wannear binne se foar it earst ûntdutsen en wa lizze der yn dy grêfkisten. Klazina Hofstee daalt mei gids Stephan Kur...
De nije útdagings fan Jan Vermaning 25.02.2024 29:12
Musicus Jan Vermaning fan De Jouwer is nei 35 jier opholden as trompettist by it NNO (Noord Nederlands Orkest). Nei it oerlibjen fan in hertstilsân fan 8 minuten yn 2016 kaam syn libben yn in oar perspektyf te stean. Hy docht it net rêstiger oan, mar set syn enerzjy op oare plakken yn. Hoe, wêr en wêrom fertelt er yn Buro de Vries.
QR-koades bringe begraafplakken ta libben 18.02.2024 18:30
Mei QR-koades fia de mobile tillefoan de lokale skiednis tagonklik meitsje, dat besiket de stifting efter de begraafplakken fan Easterwâlde en De Fochtel. Dat projekt is sa suksesfol dat it sels nominearre is foar de lanlike priis foar funerêr erfguod: "De Gouden Terebinth". It Buro makke in ôfspraak mei stiftingsfoarsitter Jan Koops...
Rine Palsma skriuwt oer hat ferbjusterjende famyljeskiednis "Ode aan een klootzak" 18.02.2024 23:09
It is in boektitel dy't opfalt troch de tsjinstridichheid dy't der yn sit: "Ode aan een klootzak". It is skreaun troch Rine Palsma, dy't yn Limboarch wennet, mar de earste tolve jier fan har libben yn Ljouwert wenne. De 'klootzak' út de titel is har heit en Rine beskriuwt dan ek har famyljeskiednis. Har heit wie natuerkundedosint oan it stedelijk gymnasium yn Ljouwert. Har biologyske mem ferstjert...
Bearn Bilker skriuwt in biografy oer it fenomeen Zelle 04.02.2024 22:51
Jierren hat er der mei dwaande west mar no is it boek dan einliks klear: Bearn Bilker syn biografy oer de markante dûmny Johannes Hendrikus Zelle, ferstoarn yn 1983. Zelle stie bekind om syn kleurrike preken, somtiden preke er wol 5 kear op in snein, troch hiel Fryslân en Nederlân. Alle grifformearden koene him dan ek. En alle grifformearden kenne wol in núveraardich ferhaal oer Zelle. B...
Plysje Kees Bangma: de 'nationale politie' is mislearre 04.02.2024 16:10
Nei 47 jier nimt plysjekommissaris Cees Bangma ôfskied. Hy sjocht werom op in fariearde karriêre binnen it korps dêr't troch de jierren hinne hiel wat re-organisaasjes wiene. Bangma waard bekind yn Fryslân troch de dea fan Meindert Tjoelker. Hy wie de inisjator fan de stille tocht yn de wike neidat Tjoelker stoarn wie neidat hy op de Nijstêd yn Ljouwert mishannele wie, Yn syn 47 jierrige karr...
Hieltyd mear minsken witte it paad te finen nei Esther van der Werf. Esther is sprekker en energetysk terapeut en hat ûnder de namme 'Eigen wijze' har eigen saneamde libbensskoalle. 28.01.2024 43:30
Hieltyd mear minsken witte it paad te finen nei Esther van der Werf. Esther is sprekker en energetysk terapeut en hat ûnder de namme 'Eigen wijze' har eigen saneamde libbensskoalle. Mar wa is Esther, wat docht se no krekt en hoe komt it dat sa'n soad minsken stipe by har fine? Foar Buro de Vries gie René Koster op ûndersyk út.
Teäterkolleezje fan Aukje Nauta oer 'bully' gedrach 21.01.2024 24:25
Professor doktor Aukje Nauta, hikke en tein yn Ljouwert, is ien fan de wittenskippers dy't meidocht oan in teätertour fan 'de Universiteit van Nederland". Yn teäters yn it hiele lân jouwe trije wittenskippers per kear in ynteraktyf kolleezje, allegear mei in soad humor oan elkoar praten troch comedian Fuad Hassen. Aukje Nauta studearre arbeids- en organisaasjepsychology, promovearre dêr ek op en i...
Marian van Unen oer har eksposysje oer soan William 20.01.2024 13:42
In bisûnder eksposysje rint der yn it Hannemahûs yn Harns. It is fan de 80 jierrige Marian van Unen, ek út Harns. It binne 17 portretten. Fan har soan William en minsken dy't har stipe hawwe yn har striid mei de GGZ oer har soan en de wize wêrop der mei harren omgien is foar en nei syn dea. Lang koe de byldzjend keunstner net mear skilderjen. Oant har ferhaal optekene waard troch in krantesjoernal...
Maria Mulder oer har adopsje 14.01.2024 18:47
"Je mag er niet zijn". Dat is de gedachte dy't Maria Mulder har hiele libben efterfolge hat. Want har mem hie har by de berte ôfstien. Se wie net winske. Acht moanne letter waard Maria adoptearre troch de leafste âlders dy't se mar betinke koe. Mar de gedachte bleau. "Je mag er niet zijn". Maria gie op syk nei har ôfkomst en skreau der in boek oer: Klein maar Dapper. Klazina Hofstee prate mei har...
Jeen van den Berg: reedrydikoan fan Fryslân 06.01.2024 31:17
Syn fanatisme kende gjin grinzen. Bûge of barste, oars koe er net: Reedrider Jeen van den Berg. Dit jier is it tsien jier lyn dat er ferstoar, 86 jier âld. Van den Berg is foaral ferneamd fanwege syn winst yn de Alvestêdetocht fan 1954 en syn tredde plak yn de barre tocht fan 1963. Mar hy wie ek twa kear dielnimmer oan de Olympyske Spelen, mearfâldich dielnimmer oan WK's, EK's en NK's langebaan en...
Leger des Heils pop-up kafee: 'een haven voor de haveloze' 26.12.2023 18:29
In organisaasje dy't altyd wer op-popt oftt der minsken yn de lytse lûge sitte, is it Leger de Heils. Motivearre út it leauwen, stean se minksen by dy't help nedich ha. As frijwilliger, mar ek as professional fine jo se op strjitte by dakleazen, by prostituees, by ferslaafde en betize minsken, mar ek by tal fan ynstellingen. Wa't, seker sa om de krystdagen hinne, allinnich mar tinkt oan it klassik...
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.