Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ Odcinki: 374

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Koniecznie odwiedź stronę podcastu i wesprzyj twórcę: argyf2.omropfryslan.nl

Autor

Omrop Fryslân

Kategoria

News

Strona podcastu

argyf2.omropfryslan.nl

Ostatni odcinek

4 paź 2026

Gdzie słuchać?

Podcasty w aplikacji Replaio Radio Już wkrótce

Podcasty trafią do aplikacji już wkrótce. Zainstaluj teraz i jako pierwszy zobacz nowe podejście do podcastów

Pobierz z Google Play Zainstaluj za darmo Android prawie 10 mln pobrań · ocena 4,8 iOS niedługo

Odcinki

It libbensferhaal fan Foppe de Haan 07.07.2023

Yn Buro de Vries in lang petear mei Foppe de Haan oer syn libben. We sjogge by syn bertehûs yn Lippenhuzen, prate oer syn jeugd en it libben. Fansels oer fuotbal, mar ek oer it gesin en oare wichtige saken yn syn libben.

Sippy Tigchelaar oer har reedrydkarriêre en har wurk foar de Omrop 02.07.2023

Sippy Tigchelaar groeide op yn de polder, yn Tollebeek om krekt te wêzen. Se learde dêr it reedriden op de pleatselike iisbaan en mei har heit ried se al hiel jong grutte tochten. It opgroeien op dy wynderige, keale flakte hat fan ynfloed west op har reedrydkarriêre tinkt se sels. Op har fyftinde waard se frege om by de reedrydferiening fan Emmeloord te gean en begûn se serieus te trainen. Har ûnt...

It lêste jier fan Lieuwe Westra 25.06.2023

Hjir it ferhaal oer it lêste jier fan profhurdfytser fan Mûnein Lieuwe Westra. Westra stoar 14 jannewaris yn Zwaagdijk op 40 jierrige leeftiid, oan in overdosis drugs. De femylje hat dêrfoar bot mei syn depresjes en ferslavings wraksele. In weromblik op it libben en lêste jier fan Westra troch de eagen fan de femylje, freon Freddy Haak en biograaf, Thomas Sijtsma.

Fryslân moat in echte 'bûtenwurk provinsje' wurde 04.06.2023

Bûtenwurkje is goed foar de minske. Neffens allerhande wittenskiplik ûndersyk wurde minsken kreätiver en produktiver en ha se mear enerzjy as se bûten wurkje. Merk Fryslân, de organisaasje foar Fryslân promoasje, wol dêrom dat Fryslân foaroprinner wurdt yn it bûtenwurkjen. Buro de Vries giet op ûndersyk en besiket de 'hoe, wat en wêrom'fragen beantwurde te krijen.

Nijsfoarum: Alice van Gosliga-Faber, Ate Eijer en Danny van der Weijde-Hoogstad 28.05.2023

It Nijsfoarum fan 28 maaie mei Alice van Gosliga-Faber (BBB-foarsitter yn Wetterskip Fryslân), Ate Eijer (FNP-fraksjefoarsitter yn Hearrenfean) en Danny van der Weijde-Hoogstad (D66-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten). Sy prate ûnder oare oer kolleezjefoarming, bedriging fan politisy en de oerienkomsten tusken FNP en BBB.  

De lêste goal fan Eward 28.05.2023

Eward Sijbrandij, in boeresoan út Abbegea, makke karriêre yn de wrâld fan de 'reuzerêden'. Oeral op 'e wrâld draaiden syn grutte attraksjes fan Skywheel. Mar Eward is der net mear. Hy ferstoar op 18 desimber, noch gjin 35 jier âld, yn it Amearikaanske Saint Louis dêr't er mei syn frou en twa jonge bern wenne. Fuotbaljen wie syn grutte passy. By VV Nylân, mar ek yn Amearika. Dêr skoarde hy dy 18e d...

Slachtofferhulp: Frijwilligers dogge wurk dat der ta docht 21.05.2023

It wurk fan Slachtofferhulp Nederland is faak fan grutte betsjutting foar slachtoffers fan in misdriuw of in ûngelok, wylst dat wurk foar in grut part dien wurdt troch frijwilligers. No't alle ôfdielingen op de lokaasje yn Ljouwert by inoar sitte en de ferwachting is dat der mear oanjeftes komme, is der ferlet fan mear frijwilligers. In reportaazje mei meiwurkers fan Slachtofferhulp en mei in mem...

Yn hert en nieren..... in ferhaal oer orgaandonaasje 14.05.2023

Kees Verdonk fan Rie hie troch in sykte driuwend ferlet fan in nier omdat syn eigen nierfunksje noch mar fjouwer persint wie. Fia in Facebook-oprop krige hy der ien fan Carolien de Jong fan De Gaastmar. De match wie net allinnich foar Kees in boppeslach, sa soe bliken dwaan. Beiden waarden foar altyd mei inoar ferbûn: Yn 'Hert en nieren'...

Buro de Vries Nijsfoarum 7 maaie 08.05.2023

Yn it nijsfoarum besprekke Piet Fortuin(foarsitteer CNV), Joyce Walstra(foarsitter MKB Noord) en Harry Bevers (Twadde Keamerlid PvdA)  it nijs fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer de kroaning fan Kening Charles, de stakingsgolf en de polarisaasje. 

Gerrit Breteler is siik 07.05.2023

Sjonger, keunstner en skriuwer Gerrit Breteler is siik. Fiifentweintich jier lyn Is hy al ris operearre fanwege kanker yn it hert, yts dat hast noait foarkomt. Der is doe in grut geswel fuorthelle. Nei dy operaasje hat Gerrit Breteler eins noait wer lêst hân fan syn hert. Oant de foarige simmer.

Nijsfoarum mei Abel Kooistra (BBB), Bearn Bilker (CDA) en Sippy van der Meer (PvdA) 16.04.2023

Yn dizze podcast praat René Koster mei Abel Kooistra (BBB), mei keningshûssaakkundige Bearn Bilker (CDA) en mei Sippy van der Meer fan de PvdA yn de gemeente De Fryske Marren.

Stroffelstiennen yn Harns: de ferhalen oer joadske minsken dy't deportearre waarden yn WO 16.04.2023

Ieske van Nico van Pietsje van Sakkie en al die anderen. It is de titel fan in boekje oer joadske minsken yn Harns dy't deportearre waarden yn de Twadde Wrâldoarloch. It boekje is skreaun troch 4 minsken. Hans Burkels, Chris Elsinga, Anneke Visser en Willem Visser. De 4 binne ek de inisjatyfnimmers foar de stroffelstiennen yn de stêd. Yn 2012 waarden dy pleatst. It buro die in stedstocht troch de...

Ut it Libben: Gryt van Duinen 09.04.2023

Ald kollega en Omrop koryfee Gryt van Duinen is ferstoarn op 72 jierrige leeftiid. Gryt van Duinen is in begryp yn Fryslân. Se is foaral bekend wurden troch har wurk by earst de RONO, doe Radio Fryslân en dêrnei Omrop Fryslân. Dêrnjonken wie se ek hiel aktyf: se siet yn de steaten foar de PvdA, se is de betinker fan de grutte Friezereüny yn it jier 2000, se siet yn it bestjoer fan it Frysk fe...

Herman Hermans: 74 jier en dosint Latyn 26.03.2023

Hy is âld fise-presidint fan it gerjochtshôf fan Ljouwert en Amsterdam en hy wie ek doctor of philosophy in classical languages and literature oan de universiteit fan Oxford. No jout er op 74-jierrige leeftiid les oan learlingen fan it kristelik gymnasium yn Ljouwert: Herman Hermans fan Mantgum. Buro de Vries wie by him yn'e les. 

Hanna Stolk rint fêst yn de psychiatry: in helphûn soe har bot helpe 19.03.2023

Hanna Stolk hat komplekse PTSS en se is autistysk. Se kin eins nearne te plak. In helphûn soe foar har in oplossing wêze om wer in bytsje libje te kinnen. Al in heal jier wennet Stolk út Noardwâlde op in sletten psychiatryske ôfdieling fan de GGZ op It Hearrenfean. Net omdat it moat, mar omdat der gjin goed plak is foar har yn in wenfoarm mei de goede help en begelieding. Dat probleem komt folle m...

It nijsfoarum mei Rieks Osinga, Dinie Visser en Auke Talsma 19.03.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei bestjoerskundige Rieks Osinga, Dinie Visser (nûmer 2 fan de FNP) en Auke Talsma (nûmer 2 fan de BBB). De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Simone Scheffer oer de Steateferkiezingen en de politike ierdferskowing dy't de útslach feroarsake hat. Fansels komt it stikstofprobleem oan 'e oarder, mar it giet ek oer oare saken as stikstof. Want hoe tinkt de BBB...

Wetterskipsdebat: gjin echte brekpunten 12.03.2023

Der binne gjin echte brekpunten by de fiif partijen dy't meidiene oan it debat oer de wetterskipsferkiezingen yn it radioprogramma Buro de Vries. De listlûkers fan CDA, Water Natuurlijk, PvdA, FNP en VVD giene meiinoar yn debat oan de hân fan stellingen. Sa is der bygelyks praten oer it swimwetter: hoe skjin moat dat wêze? en ek oer it prinsipe: de fersmoarger betellet, Fierder kaam fansels it wet...

Der is wat te kiezen by de wetterskipsferkiezings 12.03.2023

Njonken ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten binne der woansdei wetterskipsferkiezingen. Ek dêr falt genôch te kiezen. Der dogge alve partijen mei, foar in grut part besteande politike partijen, mar ek guon dy't spesifyk rjochte binne op it wetterskip.  Peter Vonk (Algemene Waterpartij) en Nynke Koopmans (BVNL) troffen inoar by Earnewâld, dêr't it fansels gie oer de feangreide. Ronni...

Pesterij kin fier gean, wit Sjouke Kuindersma, dy't it ferhaal fan syn soan dielde 07.03.2023

Peste is in probleem dat âlden holbrekken opsmyt. It makket fertriet en machteleazens los, wit ek Sjouke Kuindersma fan De Jouwer. Hy dielde it ferhaal fan syn no 16-jierrige soan, dy't ek narre waard, en krige in floed oan reaksjes. As lyts jonkje waard hy der al faak troch pestkoppen útpikt. Uteinlik rûn it de spuigatten út en heit besleat om syn soan te helpen. Mar hoe? Hy tocht der in pea...

Nijsfoarum mei Max Aardema, Sijbe Knol en Abel Kooistra 05.03.2023

Nijsfoarum mei de listlûkers Max Aardema (PVV), Sijbe Knol (FNP) en Abel Kooistra (BBB).

Nijsfoarum mei Menno Brouwer, Avine Fokkens en Edou Hamstra 26.02.2023

Nijsfoarum mei Menno Brouwer, Avine Fokkens en Edou Hamstra

Üt it libben: Maaike van Dijk 14.02.2023

Sy wie in wrotter, sy wie altyd oan it bealgjen. Maaike van Dijk fan Koarnwert libbe mear as 60 jier op it plak dêr't se ek ferstoar, op Boeyenkamp. It wie in pleats op 'e romte, ûnder de reek fan Makkum. Op har 19e kaam Van Dijk der mei har man Ate op de buorkerij, dêr't se de kij tegearre melke soene. Letter waard de pleats omboud ta maneezje. Dat is it no noch altyd. Mar sûnder Maaike. Sy ferst...

It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hanneke Goede en Jouke Douwe de Vries 12.02.2023

It nijsfoarum mei Harry Bevers (VVD), Hanneke Goede (SP) en Jouke Douwe de Vries (S!N).

It nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Maarten Goudzwaard en Danny van der Weijde 05.02.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Lutz Jacobi, de skiedend direkteur fan de Waadferiening, Danny van der Weijde, listlûker en fraksjefoarsitter fan D'66 en Maarten Goudzwaard, listlûker en fraksjefoarsitter fan JA21. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de it waadgebiet, de oankommende ferkiezingen en Holwert oan see. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoers...

Nijsfoarum 29 jannewaris 2023 29.01.2023

De podcast me it nijsfoarum fan Buro de Vries hat it oer Piet Adema, fertrouwen yn Europa en op Skylge.  Mei Femke Wiersma, sy is de kandidaat deputearre foar de BBB. Friso Douwstra, hy is listlûker foar it CDA en no noch deputearre en Ina Sjerps. Sy is boargemaster fan Harns.

Słuchaj podcastu Buro de Vries (Podcast) w Replaio

Radio i podcasty w jednej aplikacji - za darmo, bez zakładania konta. Zainstaluj już dziś i nie przegap premiery

Pobierz z Google Play

Replaio nie jest wydawcą podcastów; nazwy audycji, okładki i audio należą do ich autorów i są rozpowszechniane przez publiczne kanały RSS