Omrop Fryslân

Sportcast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Bezoek zeker de website van de podcast en steun de maker: argyf2.omropfryslan.nl

Auteur

Omrop Fryslân

Categorie

Sports

Website van de podcast

argyf2.omropfryslan.nl

Nieuwste aflevering

19 okt. 2026

Waar luisteren?

Podcasts in de app Replaio Radio Binnenkort beschikbaar

Podcasts komen binnenkort naar de app. Installeer nu en zie als eerste een compleet nieuwe kijk op podcasts

Download het op Google Play Gratis installeren Android bijna 10 mln downloads · beoordeling 4,8 iOS binnenkort

Afleveringen

#193: Sandor van der Heide benaud foar degradaasje Cambuur: "Dat is mijn gevoel" 02.01.2023

As SC Cambuur dizze transferperioade gjin nije spilers hellet, degradearret it nei de earste divyzje. Dat is wêr't klupikoan Sandor van der Heide benaud foar is.

#192: Fan Andries Noppert oant Henk de Jong, de Sportcast sjocht foarút en werom! 26.12.2022

De Sportcast is der altyd. Dus ek op Twadde Krystdei! Mei in spesjale edysje, wêryn't weromsjoen wurdt op it ôfrûne jier. En de eagen wurde fêst rjochte op 2023.

#191: Abe Lenstra of Lionel Messi? Foppe de Haan wit it wol: "Abe" 19.12.2022

Argentinië is yn de eagen fan Foppe de Haan de terjochte winner fan it wrâldkampioenskip fuotbal. De âld-fuotbaltrainer hat geniete fan de finale tusken de Argentijnen en Frankryk.

#190: Dwight Lodeweges: "Andries Noppert is goed genoeg voor Ajax" 12.12.2022

Ald-sc Hearrenfeantrainer Dwight Lodeweges sjocht doelman Andries Noppert wol ûnder de latte stean by regearjend lânskampioen Ajax. "Als je goed genoeg bent voor het Nederlands elftal, dan ben je ook goed genoeg voor Ajax", seit hy yn de Sportcast. De klup út Amsterdam soe nei't sein wurdt ynteresse yn de Jouster keeper hawwe. Dat hat fansels alles te krijen mei Noppert syn goede prestaasjes op it...

#189: Wa is it foarbyld fan Cambuur-trainer Sjors Ultee: "Zonder twijfel Van Gaal" 05.12.2022

Bûnscoach Louis van Gaal is de man dy't it Nederlânsk alvetal nei de wrâldtitel liede moat. Mar, hy is ek de ynspiraasjeboarne foar de nije Cambuur-trainer Sjors Ultee.

#188: Sipke Hulshoff tinkt al fierder as Oranje: "Cambuur wol ik noch in kear dwaan" 28.11.2022

Sipke Hulshoff sil ea as trainer werom komme by SC Cambuur. "Mar no noch net. Dêr is it no noch te betiid foar", seit de assistint-trainer fan Feyenoord yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

#187: Nije Cambuur Stadion letter klear: "September niet heel realistisch" 21.11.2022

De earste wedstriid fan SC Cambuur yn it nije stadion sil nei alle gedachten net yn septimber 2023, mar yn jannewaris fan 2024 spile wurde. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast.

#186: Negative haadrol foar Virgínia yn derby: "De earste goal is in grutte flater" 14.11.2022

It earste doelpunt yn de Fryske derby is in blunder fan SC Cambuur-keeper João Virgínia, dêroer is eltsenien it wol iens. Mar oer de rol fan de Portugeeske doelman by de twadde tsjintreffer is mear diskusje.

#185: Earste Fryske derby foar Kees van Wonderen: "Het mag best schuren" 07.11.2022

It is in bysûndere wike foar it Fryske betelle fuotbal. Snein spylje sc Hearrenfean en SC Cambuur de derby en dêrfoar al, op freed, heart Andries Noppert oft er mei Oranje nei it WK giet.

#184: "Koerswiziging Hearrenfean soarget foar 'fris en aantrekkelijk' fuotbal" 31.10.2022

De systeemwiksel by sc Hearrenfean hat fuortendaliks fertuten dien. Sportferslachjouwer Roelof de Vries seach sneon tsjin FC Utrecht 'de beste helte fan it seizoen'.

#183: "Sjors Ultee is de ideale trainer foar SC Cambuur" 24.10.2022

De namme fan Sjors Ultee sjongt rûn yn it Cambuur Stadion as opfolger foar Henk de Jong, dy't syn taken foarige wike dellizze moast. Ultee is neffens de sportferslachjouwers yn de Sportcast in trainer dy't geskikt is foar de Ljouwerters.

#182: Pieter Bos: "As der wat mis giet, dan knapt myn aorta en blied ik dea" 17.10.2022

Pieter Bos kaam net fierder as seis wedstriden foar Cambuur. Yn de Sportcast fertelt Bos op rêstige, mar ymponearjende wize oer syn hertkwaal en hoe't hy te hearren krige dat syn karriêre oer wie.

#181: Andries Noppert nei de nederlaach tsjin PSV: "Ik kin my absolút net fine yn dy krityk" 10.10.2022

Keeper Andries Noppert kin him net fine yn de krityk dy't der is op it spul fan sc Hearrenfean. "Wy witte sels ek wol dat we oanfallend mear bringe moatte. Mar we toane ús wol ree om alles te jaan. Soks hat ek tiid nedich."

#180: Cambuur skriuwt histoarje: "Dizze komt yn myn top trije" 03.10.2022

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen rint al jierrenlang om yn it Cambuur Stadion, mar sa'n wedstriid as ôfrûne sneon hat er noch net faak meimakke. Foar it earst yn de histoarje wûn SC Cambuur thús fan PSV.

#179: Mear eigen jeugd yn it earste fan Cambuur? "De kans wordt groter" 26.09.2022

Dat fuotballers as Jhondly van der Meer, Milan Smit en Floris Smand trochbrekke yn it earste fan SC Cambuur is in logysk gefolch fan de ynfestearrings yn de jeugdoplieding. Dat seit it haad dêrfan, Fedrik Houtstra, yn de SportCast.

#178: Harm Zeinstra oer Oranje-oprop Noppert: "Kin gjin oare reden betinke as foar de penalty's" Video 19.09.2022

Keepersanalist Harm Zeinstra tinkt dat Andries Noppert oproppen is foar it Nederlânsk alvetal fanwege it kearen fan strafskoppen. Dat fertelt de âld-keeper moandei yn de SportCast.

#177: Johnny Jansen slút rentree út: “Voorlopig even geen Heerenveen” 12.09.2022

Johnny Jansen komt foarearst net werom yn in offisjele funksje by sc Hearrenfean. De âld-trainer hat al wol wer yn it stadion west, mar in weromkear sjocht er trijekwart jier nei syn ûntslach noch net sitten.

#176: Foeke Booy oer syn takomst by Cambuur: "Er zit enorm veel twijfel" 05.09.2022

Foeke Booy wit net oft er kommend seizoen noch technysk manager is by SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en hy wit net goed oft er wol by de klup bliuwe wol, fertelt er yn de SportCast.

#175: Ferry de Haan: "Vertrek Amin Sarr onwaarschijnlijk" 29.08.2022

Noch twa nachtjes sliepe en dan witte we hoe't de seleksjes fan Hearrenfean en Cambuur der út sjogge. Technysk manager Ferry de Haan skoot oan en ferwachtet dat der neat mear fuortgiet.

#174: Heit Pierre easket goals fan soan Sydney: "Als spits moet je in de dubbele cijfers komen" 22.08.2022

Sydney van Hooijdonk moat dit seizoen minimaal tsien doelpunten meitsje foar sc Hearrenfean. Dat fertelt syn heit Pierre moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

#173: "Andries Noppert kin it boechbyld fan sc Hearrenfean wurde" 15.08.2022

Lykas tsjin Sparta Rotterdam, spile sc Hearrenfean mei 0-0 lyk tsjin Feyenoord. De man dy't útgroeide ta held fan Hearrenfean is doelman Andries Noppert. De Jouster bliuwt sels tige nuchter ûnder syn optreden.

#172: "As je thús fan Excelsior ferlieze, moatte je je grutte soargen meitsje" 08.08.2022

It wie in grutte tebeksetter: de 2-0 nederlaach fan SC Cambuur tsjin promovendus. Der wiene al soargen oer de Ljouwerters en dy binne noch allinnich noch mar grutter wurden, is te hearren yn de SportCast.

PC Kafee 2022 #3 - Foarútsjen mei feteranen en debutanten 02.08.2022

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 3, mei omtinken foar de fan PC 2012 en foar de debutanten fan dit jier.

#171: Cambuur moat fiif spilers ynpasse: "Dat kin in probleem wurde" 01.08.2022

By sc Hearrenfean rint hast alles op roltsjes, sa krekt foar de start fan it earedivyzjeseizoen. Tritich kilometer fierderop yn Ljouwert is dat oars, wat yn de SportCast liedt ta twivels oer SC Cambuur.

PC Kafee 2022 #2 - Suksessen en fersteurde persoanlike ferhâldingen 31.07.2022

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 2, mei omtinken foar de PC's fan 1972 en 1982.  

Luister naar de podcast Sportcast in Replaio

Radio en podcasts in één app - gratis en zonder account. Installeer vandaag nog en mis de lancering niet

Download het op Google Play

Replaio is geen uitgever van podcasts; namen van shows, covers en audio zijn eigendom van hun makers en worden verspreid via openbare RSS-feeds