Omrop Fryslân

Sportcast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Bezoek zeker de website van de podcast en steun de maker: argyf2.omropfryslan.nl

Auteur

Omrop Fryslân

Categorie

Sports

Website van de podcast

argyf2.omropfryslan.nl

Nieuwste aflevering

19 okt. 2026

Waar luisteren?

Podcasts in de app Replaio Radio Binnenkort beschikbaar

Podcasts komen binnenkort naar de app. Installeer nu en zie als eerste een compleet nieuwe kijk op podcasts

Download het op Google Play Gratis installeren Android bijna 10 mln downloads · beoordeling 4,8 iOS binnenkort

Afleveringen

#217: Henk de Jong hopet op rentree as trainer yn septimber 19.06.2023

As alles neffens plan ferrint, kin Henk de Jong yn septimber wer oan it wurk. De fuotbaltrainer is no noch herstellende fan de operaasje oan syn holle. Dêr by is in grut part fan in kyste fuorthelle.

#216: Reijnen net benaud foar twa kapiteins op it Cambuur-skip: "Geen onwerkbare situatie" 12.06.2023

Der leit nochal wat op syn buordsje: it segryn fuortspiele fan foarich seizoen, it gearstallen fan in nije seleksje en it oplossen fan de kwestje fan de twa haadtrainers. De nije technysk direkteur Etiënne Reijnen fan SC Cambuur wol der noch net safolle oer kwyt.

#215: Sydney van Hooijdonk: "Je kunt niet zeggen dat het seizoen geslaagd is" 05.06.2023

Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk sjocht mei mingde gefoelens werom op syn tiid by sportklup Hearrenfean. Yn de Sportcast fertelt hy oer syn eigen ûntwikkeling, oer it famyljegefoel by de klup en oer it ôfrûne seizoen. "We zijn nooit echt stabiel geweest."

#214: Michel Vlap: "Wij klappen erop en gaan gewoon van Heerenveen winnen" 30.05.2023

As it oan Michel Vlap leit, sit it aventoer fan sc Hearrenfean yn de play-offs der nei ien ronde op. Vlap spilet by FC Twente en dat is de tsjinstanner yn de earste ronde fan de neikompetysje.

#213: 'Masterscout' Hans Anker: "Hearrenfean moat Sander van de Streek helje" 22.05.2023

Der moat op it middenfjild fan sc Hearrenfean in spiler by dy't in doelpunt meitsje kin. Ambassadeur fan Hearrenfean Hans Anker hat wol in suggestje: âld-Cambuurspiler Sander van de Streek.

#212: Hûnderttûzen fans huldigje Sipke Hulshoff en Feyenoord: "Echt grandioas om mei te meitsjen" 15.05.2023

It is it hichtepunt fan syn karriêre: Sipke Hulshoff waard snein as assistint-trainer fan Feyenoord kampioen fan de earedivyzje. Moandei waard de ploech huldige op de Coolsingel yn Rotterdam.

#211: Cambuur-direkteur Ard de Graaf timperet ferwachtings: "Met dit budget ongeveer vijfde club van de eerste divisie" 08.05.2023

SC Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol net al te hege ferwachtings sketse foar folgjend seizoen yn de earste divyzje. Neffens De Graaf hat Cambuur ûngefear it fyfde budzjet. "Dan kan ik wel gaan roepen dat we kampioen worden, maar dan ga ik een verwachting wekken, wat niet realistisch is."

#210: Maarten de Jong yrritearre oer bekerfinale: "Met mij had Tadic in vak vier gehangen" 01.05.2023

Alve giele kaarten. Nea earder waarden der safolle kaarten útdield yn in bekerfinale. De fuotbalwrâld sprekt skande fan it gedrach fan de Ajax- en PSV-spilers en dy frustraasje dielt ek âld-fuotballer Maarten de Jong yn de Sportcast.

#209: Bosschaart nimt mei pine yn it hert ôfskie by Cambuur: "Tuurlijk doet het me wat" 24.04.2023

Pascal Bosschaart moat SC Cambuur nei fjouwer jier ferlitte, jierren wêr't er suksessen yn belibbe mei de klup. It beslút op himsels kin er akseptearje, mar de wize wêr't de direksje dat op fertelde net.

#208: "Ik haw leaver Uldrikis as Van Hooijdonk" 17.04.2023

Der binne mar twa spilers yn Nederlân dy't mear kompetysjedoelpunten makken as Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk. Dochs sjocht Geert Jelle de Vries leaver Roberts Uldrikis fan Cambuur yn de spits.

#207: Cees Roozemond: "Het waren vier pittige jaren" 11.04.2023

Cees Roozemond hâldt der nei fjouwer jier as direkteur by sc Hearrenfean mei op. It wienen pittige jierren, wêryn't hy ek de nedige ûnsympatike besluten nimme moast. Dochs sjocht Roozemond posityf nei de takomst fan de klup.

#206: Alex Bangura wol noch sân wedstriden fjochtsje foar Cambuur: "En dan in de zomer vertrekken" 03.04.2023

De kâns is grut dat oanfierder Alex Bangura dwaande is oan syn lêste seizoen by SC Cambuur. Hy hat in ôfspraak mei de klup dat er kommende simmer fuort mei.

#205: Gertjan Verbeek oer Virgil van Dijk: "Een slapjanus eerste klas" 27.03.2023

Gertjan Verbeek is net te sprekken oer de oanfierder fan it Nederlânsk âlvetal Virgil van Dijk. Verbeek soe him syn oanfierdersbân ôfnimme. "Dat is een slapjanus eerste klas."

#204: Doemsenario driget nei debakel yn Rotterdam: "It wie Cambuur-ûnweardich" 20.03.2023

Noch acht wedstriden hat SC Cambuur om degradaasje foar te kommen, mar nei de nederlaach tsjin Excelsior (4-1) sjocht it der min út. De Ljouwerters lieten harren yn Rotterdam fan de minste kant sjen.

#203: Excelsior-trainer Marinus Dijkhuizen hat min nijs foar Cambuur-fans 13.03.2023

Mei de degradaasjekreaker tusken Excelsior en SC Cambuur yn it fersjit, hat Marinus Dijkhuizen yn de Sportcast in min boadskip foar de Ljouwerter fans.

#202: "Hearrenfean spilet it leukste fuotbal fan Nederlân" 06.03.2023

Hokker earedivyzjeploech spilet der fuotbal dat fermaakliker is om nei te sjen as dat fan sc Hearrenfean? De beide Omrop-klupfolgers fan Hearrenfean binne der wol oer út: gjinien.

#201: Degradaasjespûk yn Noard-Nederlân, mar: "Excelsior is het slechtste team" 27.02.2023

Excelsior hat de grutste kâns om út de earedivyzje te degradearjen en dus net hikkesluter SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de degradaasjesoargen fan de trije klups út Noard-Nederlân bepraat.

#200: Sahraoui blinkt út yn Fryske derby: "Smaakmakker wêrfoar je nei it stadion komme" 20.02.2023

Osame Sahraoui makket yndruk yn syn earste wiken by sc Hearrenfean. Yn de Sportcast wurdt de rol fan de Noar yn de Fryske derby prize.

#199: Tahiri skoarde twa kear yn de Fryske derby: "Dat blijft je je hele leven bij" 13.02.2023

It winnende doelpunt fan Anas Tahiri yn de lêste Fryske derby hat safolle yndruk makke op de middenfjilder, dat er dat noait ferjitte sil. Snein giet Tahiri mei Hearrenfean op besite by Cambuur.

#198: Oanwinst Mimoun Mahi wol Cambuur rêde: "Ik maak er minimaal vijf" 06.02.2023

SC Cambuur hie tsjin Ajax hielendal neat yn te bringen en hat it lêste plak wer oernaam fan FC Grins. Mar mei noch fjirtjin finales te gean bliuwt Mimoun Mahi posityf en giet hy derfan út dat de Ljouwerters de play-offs ûntrinne: "Wij blijven erin!"

#197: Bruorren Anker ha fjouwer spitsen foar Hearrenfean: "We willen meebetalen" 30.01.2023

No't Amin Sarr ferkocht wurdt troch sc Hearrenfean, moat der in nije spits komme. Wim Anker is ambassadeur fan de Feansters en hat wol in oantal suggestjes foar technysk manager Ferry de Haan.

#196: "Kin Van Hooijdonk net nei Cambuur?" 23.01.2023

Sydney van Hooijdonk wol miskien fuort by sc Hearrenfean. De buorman yn Ljouwert siket noch in spits. Ien en ien is twa, neffens de Omrop-ferslachjouwers yn de nije Sportcast.

#195: Cambuuroanfierder Léon Bergsma wol faker mei de fûst op tafel slaan 16.01.2023

Yn dizze Sportcast prate we mei Léon Bergsma fan SC Cambuur. Oer syn rol yn it alvetal en oer de kânsen fan Cambuur om degradaasje te ûntrinnen.

Hynstesportcast: Jurre 495 is de absolute topfavoryt 11.01.2023

Jurre 495 kin sneon foar de fiifde kear útroppen wurde ta algemien kampioen. In unikum. "Ik hoop dat Jurre kampioen wurdt, want takom jier wurdt hy it net", seit fokker Age Okkema fan Sigerswâld.

#194: By Cambuur is it in kwestje fan degradearje of ynvestearje 09.01.2023

Nei de dramatyske nederlaach tsjin FC Volendam is foar Cambuur no der op of der ûnder. Oftewol: spilers helje of degradearje.

Luister naar de podcast Sportcast in Replaio

Radio en podcasts in één app - gratis en zonder account. Installeer vandaag nog en mis de lancering niet

Download het op Google Play

Replaio is geen uitgever van podcasts; namen van shows, covers en audio zijn eigendom van hun makers en worden verspreid via openbare RSS-feeds