Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 374 episodios

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

No dejes de visitar la web del podcast y apoyar a su creador: argyf2.omropfryslan.nl

Autor

Omrop Fryslân

Categoría

News

Web del podcast

argyf2.omropfryslan.nl

Último episodio

4 de oct. de 2026

¿Dónde escuchar?

Podcasts en la app Replaio Radio Muy pronto

Los podcasts llegarán muy pronto a la app. Instálala ahora y sé el primero en descubrir una forma totalmente nueva de vivir los podcasts

Descárgala en Google Play Instálala gratis Android casi 10 M de descargas · valoración de 4,8 iOS muy pronto

Episodios

De goeddoggers fan Buurvrouw en Buurvrouw 25.12.2023

"Iedereen wil toch een goede buurvrouw hebben?" Buurvrouw en Buurvrouw is in frijwilligersorganisaasje yn Ljouwert. Se helpe minsken mei in tige lytse beurs op ferskate fronten. Se dogge dat sûnder jild, mei sluten beurzen. Wat lyts begûn, is hieltyd grutter wurden, fertelt Monique van der Hoek. Sy begûn mei Esmeralda de Vries yn 2018, it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd wie, mei de grutste ha...

De 'Krystman' fan Grou: Freerk Siekmans 25.12.2023

De measte minsken witte wol dat it doarp Grou in eigen Sint hat, net Sinteklaas mar Sint Piter komt hjir jierliks op besite. Mar net in soad minsken witte dat Grou ek syn eigen Krystman hat, en dy hiet Freerk Siekmans. Siekmans libbe fan 1887 oant 1971, en wenne allinnich op syn pôle op it eilân de Burd, flakby it doarp. Foar syn stjerren rjochte hy in fûns op om âldere Grousters dy't allinnich we...

'Grootouders voor het klimaat' yn aksje foar har pake- en beppesizzers 23.12.2023

"Grootouders voor het klimaat" is in landelike beweging fan senioaren dy't har grutte soargen oer it klimaat meitsje. Sy wolle echt wat dwáan om derfoar te soargjen dat se in sûne wrâld achterlitte foar har pake- en beppesizzers. Mei aksjes as folders útdiele oan winkeljend publyk, op merken stean en foarljochting jaan, besykje se derfoar te soargjen dat mear minsken har oanslute. Neffens de beweg...

Dûmny Lieke Weima fan Skearnegoutum komt fan it leauwen út yn aksje foar it klimaat 17.12.2023

De administraasje op oarder bringe, de tún dwaan, himmelje yn hûs... it binne putsjes dy't foar guon minsken lestich binne en dy't se net mear kinne. Yn Skearnegoutum kinne minsken dan in berop dwaan op 'Graach Dien' in helptsjinst dy't rund wurdt troch frijwilligers. Graach Dien is oprjochte fanút de tsjerke, mar elkenien yn it doarp kin der in berop op dwaan. Sûnt in skoftke makket ek it 'putsje...

Téma: ûndermining en drugskriminaliteit op it plattelân fan Fryslân 03.12.2023

Wy wenje yn in prachtige provinsje, dêr't it rêstich is, minsken om mekoar tinke en dêr't it feilich is. Dat is it byld dat ik graach foar my sjoch en dat ik graach fertel oan minsken út it westen, út de Rânestêd. Mar wy binne nayf. Want de kriminaliteit rukt op, seker ek op it plattelân.  In petear oer ûndermining en drugskriminalteit op it plattelân fan Fryslân mei  boargemaster Agrico...

Henk Kluitenberg skreau syn autobiografy: 'niet normaal, zo normaal' oer syn spiersykte 19.11.2023

Henk Kluitenberg fan Nijeberkeap skreau syn autobografy mei as titel 'Niet normaal, zo normaal'. Hy makke de presintaasje sels net mear mei. Hy ferstoar op 17 augustus op 52-jierrige leeftyd yn it UMCG yn Grins. Op himsels wie it al in wûnder dat 'er dy leeftyd helle, want syn libbensferwachting wie mar fjouwer jier fanwege de slimme spiersykte SMA-1. Henk's favorite band wie Normaal en harre...

Op reis mei seesleepboat De Holland 16.11.2023

Yn 2017 bestie seesleepboat De Holland 65 jier. Yn dit jubileumjier gie Buro de Vries ferslachjouwer Simone Scheffer mei op in reis rjochting de Noardsee. 

Romke Toering seach de dea yn eagen en begûn te skriuwen 13.11.2023

Wat dochst ast te hearren krije datst opjûn bist troch de medisy en dyn tiid op dizze wrâld oan de ein komt... Skriuwer, akteur en regisseur Romke Toering krige swiere hertproblemen, seach de dea yn eagen, en pakte de pinne op. Hy begûn te skriuwen oer syn jonge jierren yn Easterlittens. Romke wie foar syn hertproblemen al begûn mei in boek oer syn jeugdjierren yn Easterlittens en dêr gie er...

Draachmem Christa fynt it prachtich om te sjen hoe't Bastiaan en Sander heit wurden binne, mei troch har help 12.11.2023

Bastiaan en Sander binne tige lokkich mei lytse Maeson. It stel is al fiif jier troud en hie in grutte bernewinsk mar dat giet net sa makkelik. Nei in twadde oprop op Facebook kamen se yn kontakt mei Christa dy't wol draachmem wêze woe foar har. It klikte en trije moanne nei de oprop op Facebook wie Christa yn ferwachting fan in jonkje. Maeson is berne op 21 oktober 2023 en sa sûn as in fisk. Chri...

Debat mei Fryske kandidaten foar 'lytse' partijen: SP, Partij voor de Dieren & JA21 05.11.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries is yn oanrin nei de ferkiezingen in polityk foarum. Yn dizze ôflevering komme trije manlju oan it wurd dy't foar in 'lytsere' partij op de list stean: Jan van der Veen (SP, plak 36), Menno Brouwer (Partij voor de Dieren, plak 46) en Maarten Goudzwaard (JA21, plak 6).

Fleur vd Bij skriuwt biografy oer 'Loesje' 05.11.2023

"Wy wiene de earste en iennige wyldplakkers yn Tsjalbert" laket Fleur van der Bij as se fertelt oer har konneksje mei 'Loesje'. It fleurige, eigewize en positive posterfamke is berne yn 1983, doe't it aktivisme yn Nederlân heechtij fierde. Fjirtich jier letter ferskynt de biografy, skreaun troch Fleur van der Bij, dy't tsjintwurdich yn Grins wennet. "Yn de jierren '80 wiene der in soad demons...

Yn de reade brievebus oan de ein fan de Súderpier yn Harns sit altyd post 31.10.2023

Hielendal oan de ein fan de Súderpier yn Harns stiet in reade brievebus mei de namme 'Gedachten aan zee'. Trije-en-in-heal jier lyn is dizze brievebus hjir delset mei it idee dat minsken harren gedachten, gedichten, leafdesbrieven en tekeningen deryn kwyt kinne. Dat wurdt manmachtich dien: sa'n trijehûndert brieven wurde der yn in jier stoarten. It idee fan de reade brievebus komt fan Boukje...

It nijsfoarum mei Albert van Keimpema, Hendrik van Doezum en Onno Falkena 15.10.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Albert van Keimpema, riedslid foar de burgerpartij yn de Fryske Marren en âld-Unifil militêr yn Libanon, Onno Falkena sjoernalist by Omrop Fryslân mei û.o. minderheidstalen en polityk yn syn portefúlje en Hendrik Atze van Doezum, skiednisdosint op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en ferline jier ferkeazen ta skiednisdosint fan it jier 2022. De trije foarumleden...

Fleisferfangersfebryk 08.10.2023

Der waard fjouwer jier lyn nuver opsjoen doe't fleisbedriuw Vion bekendmakke de nagelnije Ljouwerter slachterij om te bouwen ta in fabryk foar fleisferfangers. Mar yntusken leveret it oan alle grutte supermerken yn ús lân. It fabryk draait goed, fertelt algemien direkteur Willem Cranenbroek. It bedriuw, dat wurket ûnder de namme ME-AT, makket noch altyd diel út fan Vion, ien fan de grutste fleisfe...

Weggegumd, it ferhaal fan Ilse Wagner 08.10.2023

Skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe hat de ôfrûne jierren yngeand socht nei it Joadske famke Ilse Wagner. Sy wie in freondintsje fan Anne Frank. De syktocht is fêstlein yn de podcast 'Weggegumd'. Foar har boek 'Vergeet mij niet' ferdjippe Van der Molen har yn de libbens fan de freonen en freondinnen fan Frank. Yn har deiboek waard de namme Ilse Wagner al op de earste siden neamd.

Dokter Frank Meijer nimt ôfskied fan syn wurk yn it AZC yn Balk 01.10.2023

Frank Meijer is in man fan de wrâld. Hy wurke as dokter yn Tanzania, Zimbabwe en yn Balk. De lêste jierren as AZC-dokter by it pleatselike sintrum. Dit wykein nimt 'er ôfskie. Foar it Buro in moai momint om him op te sykjen foar it goed petear. We praten op in rûzige dei ôf by it AZC yn Balk....

Nijsfoarum: Jouke Spoelstra, Mirka Antolovic en Abel Kooistra 10.09.2023

Dizze wike yn it nijsfoarum fan Buro de Vries: Jouke Spoelstra (CDA), Mirka Antolovic (PvdA) en Abel Kooistra (BBB).

It libbensferhaal fan Henk Gemser 03.09.2023

"Noait ôfhinkelik fan in oar wêze en myn eigen paad kieze. Altyd sels de rezjy hâlde" Dat is de opdracht dy't Henk Gemser himsels jûch doe't hy noch jong wie en it hûs útgie. Gemser waard in tige suksesfol reedrydcoach. De widze fan Henk Gemser stie yn 1940 yn Berltsum. Mar oan Frjentsjer hat hy syn jeugdherinnerings. Doe't de lytse Henk 7 jier wie, twa jier nei de oarloch ferhuze it gesin Gemser...

It libbensferhaal fan Grietine Molenbuur 27.08.2023

Klazina Hofstee giet mei har werom nei Eastrum, it doarp dêr't se hikke en tein is. It petear giet oer Grietine har jeugd, it ferlies fan har broerke en suske. Oer har jierren as topsporter yn turnjen, en letter ritmyske gymnastyk. En hoe't se har wiere pasje fûn yn dûnsjen. Grietine is de oprjochtster fan de Jeugd Dans Opleiding en fan de dûnsoplieding foar MBO. Mar har libbenswurk is dûnsgroep D...

It libbensferhaal fan Jan Ploeg 20.08.2023

  Jan Ploeg waard yn 1948 berne yn De Bilt by Utrecht. Syn heit wie dêr nei de oarloch te lâne kaam as plysje-adminstrateur op it gemeentehûs. Om't syn mem in heupôfwiking hie en 'mank rûn', moast se geregeld lang fan hûs foar bygelyks operaasjes of revalidaasje yn Beetstersweach by de Cornelia Stifting. Gefolch wie dat de bern faak út fan hûs moasten by de famylje en dêr dus ek foar in part...

It libbensferhaal fan Johan Veenstra 13.08.2023

De yntusken 77-jierrige skriuwer Johan Veenstra neamt iensumens as in reade tried yn syn libben. Dochs hat er mei goed 3.200 optredens hiel wat minsken in noflike jûn besoarge. "Nee, ik hebbe niet stillezeten."

It libbensferhaal fan Johanneke Liemburg 06.08.2023

De widze fan Johanneke Liemburg stie yn 1952 op'e Gordyk, yn it earme súdeasten fan ús provinsje. Se groeide op yn in gesin mei in stille mem en in folle sosjalere heit. Nei de HBS gie se oan it wurk by de Drachtster krante en letter de Ljouwerter krante. Mar nei trije jier hie se ferlet om mear kennis op te dwaan en se gie nei Amsterdam foar in stúdzje politikology. Yn dy tiid wie Liemburg in lin...

It libbensferhaal fan Wio Joustra 29.07.2023

De widze fan Wio Joustra stie op noch gjin 100 meter fan it Sjûkelân yn Frjentsjer. Joustra waard letter sjoernalist foar de Volkskrant en (ynterim) haadredakteur by de Ljouwerter Krante. Hy wenne yn Australie en London, mar Frjentsjer bliuwt dochs altyd lûken. In goeie keatser waard hy net, mar oer syn karriere as sjoernalist seit hy dat hy dêr wol it measte úthelle hat. It libbensferhaal fan Jou...

It libbensferhaal fan Freark Smink 23.07.2023

It libbensferhaal fan Freark Smink. Klazina Hofstee giet mei him werom nei Sondel, it doarp dêr't hy hikke en tein is. It petear giet oer syn jonge jierren, de muoisume relaasje mei syn heit, syn posysje yn it gesin, it grutte fertriet doe't syn jongere broerke om it libben kaam en de karriêre as skoalmaster en letter akteur. 

It libbensferhaal fan Roel Oostra 16.07.2023

Yn Buro de Vries in lang petear mei Roel Oostra oer syn libben. Oostra is 102 jier en jierrenlang in fêst lûd op de radio as hy fertelde oer in bysûndere foarstelling. De sin "Net stinne, mar hinne" is bekend wurden troch him. Oostra hat lang direkteur west fan teäter de Lawei yn Drachten. 

Escucha el podcast Buro de Vries (Podcast) en Replaio

Radio y podcasts en una sola app - gratis y sin registro. Instálala hoy y no te pierdas el estreno

Descárgala en Google Play

Replaio no es editor de podcasts; los nombres de los programas, las portadas y el audio pertenecen a sus autores y se distribuyen a través de canales RSS públicos