Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Jul 5, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
Oarlochsslachtoffer: Koos Boomsma fan Sondel 29.04.2019 10:43
Jack Kooistra fan Ljoouwert hat in ûnbidich grut argyf opboud fan 180.000 nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Jacobus Johannes Boomsma, of Koos Boomsma. Hy hie in winkel yn Sondel en soarge tegearre mei syn frou al betiid yn de oarloch foar ûnderdûkplakken foar benammen Joadske bern. Yn novimber 1944 waard er deasketten troch in Dútser. Syn soan Pieter wie doe 2 jier en...
Siebe Bruning: oarlochsslachtoffer, ûnderskieden mei de Yad Vashem 28.04.2019 11:54
Jack Kooistra hat in argyf fan 180.000 kaartsjes mei dêr op de nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Siebe Bruning fan Ikkerwâld. Hy waard deasketten troch de Dútsers doe't er op de fyts siet. Syn pakesizzer Simon Wiersma út Ljouwert hat útsocht wat der krekt bard is.
Pake learde har it waar te fotografearjen 21.04.2019 17:21
t NOS sjoernaal lit hiel faak har foto's sjen. Moaie loften, driigjend waar of dizige moarnsfoto's. Se komme allegear foarby yn it waarberjocht fan de waarmannen fan it sjoernaal. Anna Zuidema fan Harns is de hofleveransier. Se fotografearret fan 2009 ôf it waar. Fan har pake oerkrigen. Hy wie ek in waarleafhawwer en sei tsjin de jonge Anna dat der nearne sokke moaie loften binne as by it Waad. Do...
Geert Postma (79) en Kees Wiersma (77) oer har skipbrek yn 1960 18.04.2019 10:14
Metershege weagen sloegen oer it lytse sloepke dêr't Geert Postma en Kees Wiersma yn sieten nei't harren skip de Engonia slachside makke hie. Mei noch acht oare matroazen slagge it harren om 12 oeren lang yn in swiere stoarm mei hagelbuien en tonger te oerlibjen. Se wiene dweiltrochwiet en ûnderkuolle doe't in Frânske fiskersboat harren oppikte. Febrewaris 1960, hast 60 jier lyn, makken Geert Post...
In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium 31.03.2019 29:55
Jan Fennema fan Feanwâlden waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er fiif jier wie stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplantaasje gjin kâns hie te oerlibjen. En doe't se tochten dat er hast oan bar wie, slûch it needlot ta. Wylst mem him efter op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto. Lytse Jan bedarre op de Intensive Care fan it UMCG yn...
De keunst fan fotograaf Ton Aartsen libbet troch 24.03.2019 14:42
De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei syn trijen binne se begûn keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan heit bot yn sit. De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêr by. Op 8 maart is hy fersto...
Plastic-soup surfer Merijn Tinga 03.02.2019 24:14
Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn...
Nije sjongbondel 'Hertslach' foar 80-jierrige Hindrik van der Meer 27.01.2019 11:58
170 'lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benamme lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter. It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve ji...
Skriuwster Fleur van der Bij siket de man dy't har suske dearied 20.01.2019 11:44
Op 22 oktober 1996 ferûngelokket Ylse van der Bij op de Haudmare, in smel dykje bûten Tsjalbert. Se is 12 jier wurden. Har âldere suske, Fleur, wie doe 15. No, 22 jier letter, hat Fleur in boek skreaun: "Verkeersslachtoffer 22/10" mei de ûndertitel "op zoek naar de man die mijn zusje doodreed". It ûnferwurke trauma fan 22 jier lyn hat grutte ympekt hân op it libben fan Fleur. Se ûntwikkele in psyc...
Wopke: "ik kin it allegear noch brûke". 06.01.2019 30:23
Der komme hieltyd mear 'hoarders' yn ús lân. Hoarders binne minsken dy't net, of hiel min, harren guod fuort dwaan kinne en hûs en hiem faak fol stean ha. Sûnt 2013 wurdt dizze stoarnis as in offisjele stoarnis erkend. Neffens psycholooch Irma van Steijn kin hoarding net genêzen wurde, mar kinne de minsken wol goed holpen wurde. Jeanet Regnerus is in helpferlienster dy't har mei dizze problematyk...
It libben as in reis - Het leven als een reis 30.12.2018 15:39
''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' Dat is de ûnderfining fan teatermakker Tjerk Ridder fan Utrecht tidens syn reis troch Fryslân. Dy makke hy tegearre mei syn Esel Lodewijk. Tjerk wie bot ûnder de yndruk fan de gastfrijheid dy't hy tsjin kaam, want hy moast eltse dei wer in sliepplak fine foar him en syn reisgesel. Sa hat hy ek in nacht troch brocht by...
Podcast: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere 15.04.2018 28:37
Transgenders fiele har net, of net hielendal, thús yn de geslachtsrol dy't passet by har uterlik. Stadichoan komt dit ferskynsel út de taboesfear. Manon Barendsen út Snits hâldt in blog by oer har transysje fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. En net allinne foar de transgender sels, ek foar elkenien dy't om dy persoan hinne stiet. It Buro tekene it ferhaal...
Marc werd Manon 21.02.2018 22:19
Transgenders voelen zich niet, of niet helemaal, thuis in de geslachtsrol die past bij hun uiterlijk. Langzamerhand verdwijnt dit verschijnsel uit de taboesfeer en wordt er, mede door de media-aandacht, steeds openlijker over gesproken. Manon Barendsen houdt een blog bij over haar transitie van man naar vrouw. Omrop Fryslân tekende het verhaal op van Manon in een podcast.
Peareltsje út it argyf: De Bokwerder taal 17.12.2017 15:53
Reportaazje oer it Bokwerds, de taal dy't brûkt waard yn de stikjes fan Bokwerder Belang, in wyklikse rubryk yn de Leeuwarder Courant yn de jierren '70 en '80. Mei unike opnamen fan Rink van der Velde, de skriuwer fan de stikjes.
Henk Gemser: 'Ik hie mei him ûnderdûke moatten' 12.11.2017 15:11
Fia de telefyzje kamen yn 1967 bylden fan in ferskriklike hongersneed yn Biafra yn de wenkeamers. Deasike bern mei aaklik tinne skonken en dikke opblaasde búkjes. Tsien fan harren waarden nei Nederlân ta helle. Asuquo, in jonkje fan tusken de 6 en 9 jier, kaam yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem. Annie Gemser, de frou fan Henk Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard hy...
Peareltsje út it argyf: Fjetnameeske flechtelingen yn Earnewâld 05.11.2017 23:52
30 april 1975 kaam der in ein oan de Fjetnam-oarloch. De kommunisten waarden de baas. Elk dy't mar in bytsje fertocht wie waard opsletten, of slimmer noch, riskearde de kûgel. Tusken 1975 en 1995 flechten rom acht en in heal tûzend Fjetnamezen nei it bûtenlân. In part derfan kaam nei Nederlân. Op kemping 'It Wiid' by Earnewâld fûnen likernôch 200 Fjetnamezen in feilich plak. It radioprogramma Buro...
Peareltsje út it argyf - It ferhaal fan Gerda Tolk 08.10.2017 24:53
Stel, je bin as frou trouwd met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke. Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Yn jannewaris 2016 gongen we mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 36 jier lyn allegear ôfspile.
Peareltsje út it argyf - Rients Gratama 10.09.2017 36:32
Rients Gratama ferstoar woansdei 6 septimber 2017 op 85-jierrige leeftiid. Rients Gratama wie kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator. Neffens de kenners sette hy de Fryske kleinkunst op in heger plan. Ta gelegenheid fan syn 75ste jierdei makke kollega Karen Bies yn 2007 in programma mei him. In moai petear oer it publyk troch de jierren hinne, oer it libben en âlder wurde en werom de...
Sicko Heldoorn en Anja Hiemstra sile mei de Jodzert nei it Noorden 15.09.2015 10:45
Sint Petersburg wie it doel fan de sylreis dy't Sicko Heldoorn en syn frou Anja Hiemstra dizze simmer makken. Al jierren farre se mei harren jacht de Jodzert rjochting it Noorden. Nei it pensioen fan de âld boargemaster binne de reizen langer en kinne se fierder fuort: trije moanne hawwe se omswalke op de Eastsee, oan't se net fierder koene.
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.