Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 369 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Author

Omrop Fryslân

Category

News

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Jul 5, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

"Triennen om de Wheelie King..." 28.05.2021

De Ljouwerter motorrider Ben de Groot (27) stie bekend as de Wheelie King. Hy behearske syn motor as gjin oar, mar mocht ek -benammen op it sirkwy- graach de rântsjes opsykje. Op sân novimber ferline jier waard er oanriden op de krusing fan de Planetenlaan en de Apollowei yn Ljouwert. Hy oerlibbe it net. Wa wie Ben? Wat is der krekt bard? En: wat lit er efter? Foar de rubryk Ut it Libben, prate Bu...

De comeback fan Frans Douwe Slot 21.02.2021

Fokale distony. Ek wol musisearkramp neamd. Pianist Frans Douwe Slot fan it Hearrenfean hat dizze kwaal en it soarge derfoar dat hy net mear optrede koe. Yn 2015 begûn er oan in revalidaasjetrajekt yn Spanje en no, hast seis jier letter is er safier dat er wer optrede kin. As ôfsluting fan dizze perioade wol er in cd mei wurken fan de komponist Brucken Fock opnimme. It Buro tekene syn ferhaal op:

Freonskip yn tiden fan sykte 22.11.2020

Alfleisklierkanker is de ien-neideadlikste foarm fan kanker. Njoggentich prosint fan de pasjinten ferstjert binnen in jier nei de diagnose. Elly Breeuwsma fan Ljouwert krige trije jier lyn te hearren dat se alfleisklierkanker hat. Sy koe operearre wurde en yn dy trije jier hat se meardere gemokueren hân. Se hat har hoop festige op professor Casper van Eijck dy't fannewike bekend makke dat syn ûnde...

Sido Martens skriuwt in boek oer syn jeugd 20.11.2020

De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in gesin op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen derfan fan him ôf. Simone Scheffer gie mei him werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Unde...

Pleechsoarch: net makkelik, wol hiel moai as it slagget 01.11.2020

Ryk of earm, tegearre of allinne, homo of hetero: elkenien kin yn prinsipe pleechâlder wurde. Wat telt is dat jo in bern struktuer, waarmte en feiligens jaan kinne. Sa stiet it op de webside fan Jeugdhelp Fryslân as it giet oer pleechsoarch. Hast elkenien kin pleechâlder wurde en dochs binne der lang net genoch pleechâlders. Om omtinken te freegjen foar dat probleem wurdt al in pear jier de wike f...

Simmergast: Wouter van Geffen 31.07.2020

Dr. Wouter van Geffen (35) is ús Simmergast. Van Geffen wurket as longdokter by it MCL yn Ljouwert. Hy is ferbûn oan de ôfdieling onkology en hâldt him dus benammen dwaande mei longkankerpasjinten. Hy hat syn oplieding yn Grins dien, wurke foar syn promoasje ûnder mear yn it Royal Hospital yn Londen en foar in ûndersyk nei de 'long-oanfal' wûn hy in ynternasjonale priis. Njonken syn wurk as m...

Heechlearaar Sake de Vlas oer de 'exit-strategy' 13.05.2020

Sake de Vlas fan Achlum is heechlearaar ynfeksjesyktemodellearring en ferbûn oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. In petear mei him oer de saneamde 'exit-strategy' oftewol: hoe pakke we it gewoane libben wer op.  

De dream fan Henk Kroes foar Nijkleaster 20.03.2020

Under de namme Nijkleaster, is in groep minsken yn en om Jorwert dwaande mei de letterlike realisaasje fan in nij kleaster. In plak en mienskip foar stilte, besinning en ferbining. In histoaryske, mar fertutearze pleats oan It Westerhûs, tusken Jorwert en Hilaard, moat it nije kleastergebou wurde. Tsjerken, oerheden en fûnzen, soargen al foar in bedrach fan 3,2 miljoen om de earste fase fan de fer...

Ruth de Jonge, in ûnbekende fersetsfrou 07.03.2020

Ruth de Jonge wie in Joadsk famke fan 20 jier doe't de oarloch útbruts. Se wenne mei har famylje oan it Saailân yn Ljouwert. Yn 1942 dûkte se ûnder by fersetsman Krijn van der Helm. Se holp him by it ûnderbringen fan Joadske bern. Se brocht itensbonnen rûn op 'e fyts. Yn 1944 stie se derby doe't Krijn deasketten waard. Ruth oerlibbe de oarloch. Se is no 99 jier en wennet yn Amearika. Oer har...

Oarlochsdeiboeken fûn fan predikant Felix van der Wissel 15.02.2020

Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de doopsgesinde predikant Felix van der Wissel út Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, dy't lid wie fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken, oars,...

Jan Binnema is syn Fryske pleechheit en -mem tankber 09.02.2020

Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant se, oan de ein fan 1943, de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. By harren oerlibbe it Joadske jonkje de oarloch. Jan Binnema is no 76 jier Jan Binnema fertelt syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries oan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (...

"Kaal haar" in yndringend persoanlik ferhaal 26.01.2020

"Kaal Haar" is de titel fan in boek dat takom wike ferskynt. Yn it boek beskriuwt Willy Broekstra fan Dokkum mei Paul Peijenburg har striid tsjin leukemy. Mar wylst Willy lang om let opknapt, krijt har man Gerrit in fatale diagnoaze. Op basis fan it boek, makke René Koster foar Buro de Vries in yndringende podcast.

Wynjewâld: yn 2025 enerzjyneutraal 18.12.2019

Yn 2025 in enerzjyneutraal doarp wêze. Dat is it doel fan Wynjewâld. In groep doarpsbewenners is drok dwaande om dat foarinoar te krijen. Der bart fan alles en de groep hat sels de priis 'Pioniers van het platteland' fan it programma Tegenlicht fan de VPRO wûn. Se rinne mear as 10 prosint foar op omlizzende doarpen kwa enerzjyneutraliteit. Pieter de Kroon en Frans Pool binne twa leden fan WEN, de...

Unike histoaryske lûdsfragminten oer de Sterke Yerke III 17.12.2019

Fjouwer freonen begjinne yn 1979 oan in grut aventoer: se meitsje in seereis op in selsboud flot: de Sterke Yerke 3. Nei de Sterke Yerke 1 dêr't se mei op it Fryske wetter fearn hiene, en de Sterke Yerke 2 dêr't se mei nei Ingelân fearn wiene, kaam it echte wurk: de Sterke Yerke 3. Op 1 augustus 1979 wurde se útswaaid út Harns wei; It doel is Kurasao. Dêr soene se yn jannewaris oankomme moatte. Kr...

Estha Gobes: "Niemand wist het, maar iedereen wist het" 01.12.2019

De syktocht nei Joadske bern, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryske pleechfamyljes ûnderbrocht binne, is yn folle gong. Der binne al mear as hûndert reaksjes binnenkaam. Ien fan harren is Estha Gobes, berne yn 1939 yn Amsterdam. Hiel bysûnder: der binne lûdsopnames fan lytse Estha.  

"Wêrom mei ik myn ferhaal net dwaan?" Sandra Rosa fielt har kwetst 01.12.2019

De swarte Pitediskusje is dit jier fûler as ea, ek yn Fryslân. Nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstryd fan Den Bosch tsjin Excelsior, krige antidiskriminaasjeburo Tûmba yn in wike tiid 30 meldingen fan rasisme, wylst dat der oars sa'n 4 binne. Ien lûd kaam hiel stevich troch: dat fan Sandra Rosa út de Lemmer. Se is hikke en tein yn Suriname en wennet al 45 jier op'e Lemmer. Nei in post op fac...

Flechtlingen yn oarlochstiid yn Eastdongeradiel 24.11.2019

Hast 3.000 flechtlingen krigen yn oarlochstiid ûnderdak yn Eastdongeradiel. Fan saneamde 'bleekneusjes' oant hongerflechtlingen en Arnhemse evakuees dy't nei de operaasje Market Garden harren hûs kwyt rekken. Dy lêste stream kaam 75 jier lyn nei it noarden. Fannewike ferskynde dêrom in tsjok boek mei de ferhalen fan flechtlingen en de 1400 húshâldings dêr't se opfongen waarden. Mei de auteurs, Rei...

Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser diel 2 18.11.2019

'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betin...

Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser 18.11.2019

'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betin...

"100 jier radio" - út it bertedoarp fan Hanso Idzerda wei 07.11.2019

Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte....

Stripheld Jelmer: in Fryske krúsfarder 30.10.2019

De Fryske Jelmer is ien fan de tûzenden krúsfarders dy't yn 1218 de Egyptyske havenstêd Damiate belegeren. Mei hûnderten oare Friezen is hy fan Fryslân út nei de Nijl syld. Damiate is in tige sterke festing mei midden yn de Nijl de machtige 'Kettingtoer'. Neffens krústochtprediker Olivier van Keulen is krekt Jelmer roppen om dizze toer te feroverjen. Se betinke in fantastysk oanfalsplan, mar tagel...

Ninah Tiemersma makket teäter oer PTSS 25.10.2019

Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik...

Fanfare Op Maat repetearret foar Klassiek in de kas 15.10.2019

Fanfare Op Maat fan Berltsum wurket dit wykein mei oan in klassyk konsert op in bysûndere lokaasje: in kas by Bitgum. It is in konsert dat organissearre is troch de Fryske tenor Albert Bonnema. Klassyk oplate musisy bringe wurken fan Mozart, Schubert, Offenbach en oaren en wurde begelaat troch ûnder oaren de doarpsfanfare fan Berltsum. In prachtich projekt dêr't wol stevich foar repeteard wurde mo...

Ofskied fan in bysûndere keunstner: Zoltin Peeter 26.05.2019

Berne yn Amsterdam, mar al mear as 40 jier ynwenner fan Fryslân. Zoltin Peeter, keunstner yn Hallum. Allinnich wenne hy dêr, op in pleats, en hy wie altyd oan it wurk. Syn keunst hinget yn it Stedelijk Museum, yn it Groninger Museum, yn Museum Belvédère. Hy hie noch lang syn nocht net, Zoltin hold fan it libben. Mar begjin dit jier waard er siik. Slokdarmkanker wie de diagnose, ûngenêslik. Zoltin...

Johannes Wardenier: sjeny of fantast? 12.05.2019

It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochten. Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it...

Listen to the Buro de Vries (Podcast) podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.