Omrop Fryslân

Sportcast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Bezoek zeker de website van de podcast en steun de maker: argyf2.omropfryslan.nl

Auteur

Omrop Fryslân

Categorie

Sports

Website van de podcast

argyf2.omropfryslan.nl

Nieuwste aflevering

12 okt. 2026

Waar luisteren?

Podcasts in de app Replaio Radio Binnenkort beschikbaar

Podcasts komen binnenkort naar de app. Installeer nu en zie als eerste een compleet nieuwe kijk op podcasts

Download het op Google Play Gratis installeren Android bijna 10 mln downloads · beoordeling 4,8 iOS binnenkort

Afleveringen

#334: Wannear is it promoasjefeest fan Cambuur? Moat Brouwers spylje? En krijt Diemers in nij kontrakt? 02.03.2026

René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is de blessuere fan Mark Diemers? En hoe giet it by Hearrenfean? Moat Luuk Brouwers spylje? En wie Hearrenfean no goed of matich tsjin Sparta?

#333: In histoaryske útstjoering mei in (Sherida) spitsediskusje, in rein oan priisfragen en it djippe dal fan in rekôrynternasjonal 23.02.2026

It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklu...

#332: Vlap sjocht weromkear wol sitten, Hearrenfean hat karakterploech en Rivera is on fire 16.02.2026

Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat Hearrenfean in karakterploech hat.

#331: De beste spits oait fan SC Cambuur, ekstra punten foar sc Hearrenfean en mei de botte bile troch de seleksjes 09.02.2026

Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús soargen meitsje oer Sportklup Hearrenfean? It komt net goed út 'e winterstop en ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. Van der Heide leit út wêrom't dy soargen net nedich binne. Yn Ljouwert moat fêst...

Olympyske Sportcast: Sjinkie Knegt fynt it belachelik, kondooms yn Milaan en Kok vs Groenewoud 04.02.2026

Yn dizze spesjale edysje fan de Sportcast is Sjinkie Knegt te gast en skowe Roelof de Vries en Andor Faber oan. We besprekke de kânsen fan de 7 Fryske dielnimmers oan de Olympyske Spelen en we ha ferbining mei ús man yn Milaan: Willem Vermeltfoort.

#330: Van Overeem is in "meesterset", dossier-Noppert en wa hat belle foar Baouf? 02.02.2026

Technysk manager fan sc Hearrenfean Johan Hansma is te gast. Hy fertelt oer wat der dizze transferperioade allegear spile, oft er noch wat spilet en oft Andries Noppert bliuwt. We belje ek mei technysk manager fan SC Cambuur.

#329: Dribbelkening Maas Willemsen,The Voice of Holland by famylje De Jong en FC Grins-direkteur begrypt der neat fan 26.01.2026

Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten it fjild ymponearret de 22-jierrige Willemsen, sa leare wy yn de Sportcast.  Fierder is der in ynsjoch hoe't in freedtejûn by de famylje De Jong yn Drachten derút sjocht: gjin skeakelkanaal mei KKD-wedstrid...

#328: Op dizze datum promovearret Cambuur, Hearrenfeanspilers litte inoar fersûpe en Karlsbakk-yndeks smyt in moaie transfer op 19.01.2026

SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong docht dat net, mar yn de Sportcast bart dat wol. De spilers fan Sportklup Hearrenfean steane wer efkes mei de beide fuotten op ierde, nei't FC Grins mei 2-0 wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Neffens âld-spiler Geert...

#327: Bernt, Brouwers en de badkeamer, in KKD-topper en Feyenoord is in 'luzeploech' 12.01.2026

Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn sitten as in lykspul? SC Cambuur spilet freed de kreaker tsjin koprinner ADO Den Haag, mar yn Den Haach binne se eins hielendal net mei de Ljouwerters dwaande. Hoe sit dat? En wat is der no krekt bard mei Bernt Klaverb...

#326: De man fan 100.000 euro, in 'ruw diamantje' by Hearrenfean en wol of gjin fjildferwaarming yn Emmen? 05.01.2026

It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in Fryske haadtrainer. Hy is ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, mar sjocht ek kânsen. Hokker? Dat fertelt er yn de Sportcast. Fierder is der fanút it trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean in ynformant, dy't...

#325: Sportive hichtepunten en djiptepunten yn de oaljekoekeshow! En wa is 'Appie?' 29.12.2025

It fuotbaljier 2025 sit derop foar Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur en dus is it tiid om werom te sjen. Wat wiene de hichtepunten? En hoe wiene de djiptepunten? Fansels wurdt der ek fêst foarút sjoen op wat it nije jier ús biede sil. Sa sjogge we yn de glêzen bol oft Hearrenfean de bekerfinale hellet. En keart de Fryske derby werom mei de promoasje fan Cambuur?

#324: Hannen skodzje mei Messi en Ronaldo, bingo by Harkemase Boys en te betiid winterstop foar Hearrenfean 22.12.2025

It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jon...

#323: Cambuur wol Europa yn, it shirt fan Vasco da Gama en slangeminske Klaverboer hâldt de nul 15.12.2025

De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Is...

#322: Wer gjin gast fan sc Hearrenfean, soargen by Visser nei nije operaasje en hoefolle kredyt hat Klaverboer? 08.12.2025

Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta?  En hoefolle...

#321: In mentaliteitsprobleem by Hearrenfean, wat te dwaan mei Ferrah? En in primeur fan Van der Weij 01.12.2025

Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net sjen. Komt dat troch in mentaliteitsprobleem? Wa't miskien ek wol in probleem hat, is Cambuuroanfaller Ichem Ferrah. Hy wie de revelaasje fan de earste moannen, mar hat no al twa moannen net belutsen west by in goal. As it oa...

#320: Pieter Kooi: "Ast der gjin ferstân fan hast, praat der dan ek net oer" 24.11.2025

SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan Cambuur. Jildsjitter Pieter Kooi sit dêrom oan tafel yn de Sportcast. "It wie wol efkes skrikken".

#319: De dream fan Hearrenfean-trainer Robin Veldman, jildproblemen by Cambuur en hoefolle kredyt hat de doelpuntleaze Rivera? Video 17.11.2025

Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op tafel. want hy hat in linksbûten dy't noch altyd gjin goal makke hat. Hoefolle stipe krijt Maxence Rivera noch? Hoe komt it by SC Cambuur no't der fragen lizze oer de finansjele problemen. Hoe grut binne dy en kin Camb...

#318: De Henk de Jong-doktrine, in 'domme draver' by Hearrenfean en in puntestraf foar Cambuur? 10.11.2025

Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek is der krityk op Robin Veldman, de trainer fan Hearrenfean dy't sykjende is nei syn ideale opstelling. As it oan âld-fuotballer Geert Jelle de Vries leit, is dêryn gjin plak foar de 'domme draver'. De finansjele sifers fan...

#317: Moat Hearrenfean in oare opstelling, wa is de bêste rjochtsback fan Cambuur en komt der in klup foar Gertjan Verbeek? Video 03.11.2025

Gertjan Verbeek sjocht leauwer dat sc Hearrenfean mei in oare opstelling komt. Neffens him sit der genôch goed fuotbal yn de ploech en komt dat der no net út. De âld-trainer is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. En wa is de bêste rjochtsback fan SC Cambuur? Bram Marsman spile by ferstek fan Rik Mulders en skoarde. Moat hy in basisplak krije?

#316: 'Radio Van der Sande', in oergryslik kostbere yngoai en klaaikeamerhumor yn Skotlân 27.10.2025

Hy stiet bekend as ien dy't noait ophâldt mei praten: Cambuurspits Jort van der Sande. It smyt him de bynamme 'Radio Van der Sande' op, dy't er ea fan in ferneamd fuotbaltrainer krige. Van der Sande is te gast yn de Sportcast en fertelt oer wêrom't hy de bêste spits foar Cambuur is. En oer hoe't er syn perioade yn Skotlân belibbe. Dêr hiene se nochal wat bysûndere foarmen fan klaaikeamerhumor... E...

#315: It wikselbelied fan Veldman, in primeur oer Ferrah en is it no Bjorn of Bjarn? 20.10.2025

Hie Robin Veldman de drege einfaze by Telstar-sc Hearrenfean foarkomme kinnen mei syn wiksels? Want de Feansters liken gjin antwurd te hawwen op it ynbringen fan de lange Milan Zonneveld. Bernt Klaverboer hie dat wol; de keeper fan Ketlik makket yndruk yn syn earste wedstriden foar Hearrenfean. Der is by Cambuur nijs oer de blessuere fan oanfaller Ichem Ferrah. En wannear is wrâldkampioen Ismaël B...

#314: Ismaël Baouf nei de Afrika Cup? Wêrom't Hearrenfean de play-offs hellet en 'I like Amofa-mofa' Video 13.10.2025

It giet mar wer ris oer Ismaël Baouf, dy't mei Marokko yn de heale finale stiet fan it wrâldkampioenskip ûnder 20 jier. Hy makket safolle yndruk, dat Marokkaanse fuotbalfans him ek yn it earste op de Afrika Cup sjen wolle. Ald-fuotballer Sandor van der Heide foarsjocht in rekôrtransfer. En hy tinkt dat Sportklup Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal hellet. Mei Luuk Brouwers yn 'e bas...

#313: De goudmyntsjes fan Cambuur, in gremitige Kersten en is der dochs noch takomst foar Diemers? 06.10.2025

De miljoenen klotsten by de plinten op yn it Kooi Stadion de ôfrûne simmer. Benjamin Pauwels, Tyrique Mercera en Bryant Nieling brochten miljoenen op.  De nije lading goudmyntsjes stiet al klear mei Ismaël Baouf, Jamal Amofa en Oscar Sjöstrand. Al rekkenet technysk manager Lars Lambooij fan SC Cambuur net op in wintersk fuortgean. By Sportklup Hearrenfean foel de gremitigens ôf te lêzen...

#312: Foppe de Haan lyrysk oer Van Overeem, Kersten kopt as in bezemsteel en Cambuur better as totaalfuotbal yn '74 Video 29.09.2025

Sportklup Hearrenfean joech snein twa punten fuort yn Utrecht, wylst SC Cambuur it publyk op de banken krige tsjin Jong PSV. Mei Foppe de Haan prate we yn de Sportcast oer in fantasyske Joris van Overeem, in minne Ringo Meerveld en de nije earste spits fan Cambuur.

#311: In nije ferdediging by Hearrenfean, bale op Bali en in frou yn de Sportcast Video 22.09.2025

Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdedigin...

Luister naar de podcast Sportcast in Replaio

Radio en podcasts in één app - gratis en zonder account. Installeer vandaag nog en mis de lancering niet

Download het op Google Play

Replaio is geen uitgever van podcasts; namen van shows, covers en audio zijn eigendom van hun makers en worden verspreid via openbare RSS-feeds