Terpstra & Hut

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Arts NL ↓ 56 episodes

Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer. Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie. Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se...

Author

Terpstra & Hut

Category

Arts

Podcast website

www.netferkeard.frl

Latest episode

Jul 9, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android 5M+ downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

Strjitten & Ferhalen 19.09.2024

Yn dizze ôflevering te gast, skriuwster Nicole van der Berg, dy't foarlêst út har prachtige boek Het Losloopveld. Dêrneist beprate Gabrielle en Arjan Gabrielle’s eigen nije bondel Tsjintwurdich is alles better , dy't op 6 septimber presintearre waard. Wy fertelle oer de jûn en Gabrielle draacht foar. We freegje ús ek ôf: komt der in sitytour fan plakken dy't yn Gabrielle’s bondel foarkomme? Nicole...

Slakken & Soa's 20.07.2024

Wolkom by ús nije podcastôflevering! Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel. Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys? Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún. Ha jim it album ' Kuo en Poelier ' al...

Nachtmerje-eftich 06.07.2024

By de Fryske slam gie it der ferline wike hurd oan ta, de emoasjes rûnen heech op. Yn in boekje út 1946 wurde de foardrachten fan dy tiid beskriuwn as dreech, der wie neat oan. Mar gelokkich kaam der doe in foardraachboekje, wêryn't allinne efternammen brûkt wurde, is dat net wat âlderwetsk? Gabrielle tocht terjochte te kommen yn in hoerrepân yn Gluren bij de Buren, mar dat foel ta, wol hie se in...

Fean, Hoop & Mankelikens 08.06.2024

Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjan's eilândream komt út. Yn dizze ôflevering steane wy stil by hoefolle der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema en by syn libben, mar ek by de ferskate optredens dy't wy hân hawwe. Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út Jorwert ferdwûn. Arjan f...

Gitaren & Letterfretters 09.05.2024

Wy wiene op it befrijingsfestival dêr't Arjan nei hûs gie doe't Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr't de helikopter eins lânet. We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it oer films yn Slieker, dêr't Arjan ek in ynlieding jaan mocht by The Wasteland e...

Blowen en Leauwen 24.04.2024

Gabrielle wie op poëzietour en Arjan belibbe gaos op 'e nacht fan 'e filosofy. Boppedat wie it op dy dei, 20 april, de dei fan de blower en Record Store Day, falt dat te kombinearjen? Arjan seach Esther de Jong optreden yn KingKong en Gabrielle seach Wiebe Kaspers yn de Mollema Music world. Gabrielle fynt it te saai om oer lettertreffen te praten, mar Arjan net, dy spruts dêr mei Nicole van der Be...

Triennen en Drûge Woarst 04.04.2024

Gabrielle en Arjan beprate de Drachtster poëzyscene mei poëzy fan Wieger Oepke Lindeboom, kafee Marktzicht en it skriuwersarkje. Gabrielle lêst foar út De Beesten fan Gijs Wilbrink en Arjan út List, Lust, Liefde van Sjieuwe Borger. Gabrielle hie EMDR en moast dêrtroch gûle yn it skriuwerskafee en Arjan hat soms argewaasje fan ymprovisaasje We wiene ek noch op it boekebaltsje, dêr't in soad bekende...

Instagram en stedsdichters 21.03.2024

Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld. Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê 't ûnder oare Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne. Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dra...

Nije tune 08.03.2024

We hawwe in nije tune, makke troch Wim Brons (of soe it AI wêze kinne?) Arjan fynt it foaropwurd fan de Ensafh in bytsje Apocalyptysk en wol dêrtroch graach rolskaatsen keapje. Gabrielle seach Dune 2 en gie nei Centerparcs en hierde dêr in e-bike en fûn yn de ynbringwinkel fan Frjentsjer in moai gedicht. Wy prate oer de gefaren fan de stêd Ljouwert, mar ek Frjentsjer blykt gefaarlik te wêzen. fjie...

Dûnsje en Dichters 09.02.2024

It wie in drokke poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter en in stuntrit út de grutte gerichtsjûn by It Fean wei. Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik fuort. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat? Arjan freget him ôf oft syn gelok op is en foarseit dat er dêrom nea in Gysbert winne sil en Gabrie...

Tsjuster en Terapy 27.01.2024

It is poezywike! Arjan hat poezy meinaam mei it tema thús. Douwe Dijkstra is te gast om te fertellen oer syn nijste show en it sjenre terapyop. Hy fertelt oer syn ûnderfining mei terapy en ek Gabrielle en Arjan fertelle oer harren ûnderfiningen mei terapy. We fertelle wat foar ús helpt foar in sûne geast. Arjan seach in soad japanske films en Gabrielle seach in film oer Black Metal en it ferhaal f...

Transformaasjes en jûnen 23.12.2023

Arjan hat in supersmûke wurkwike en Gabrielle hat yn Dútslân west. Hoe is it om yn de redaksje fan in literêr tydskrift te sitte en mei Gabrielle noch wol by Pauper Poëzie no't se oan in Frjentsjerter grêft wennet? Arjan stelt fragen oer nepnijs en fertelt hoe't it is om yn it lichem fan in hûn telâne te kommen. Mei Poezy fan Nyk de Vries, Arjan Hut en Gerard Reve. No is de perfekte tiid om De Avo...

Twifels en gjalpen 08.12.2023

Arjan is dichter fan Fryslân wurden en Gabrielle ynwenner fan Frjentsjer, se ha der fan alles oer te fertellen, want hoefolle stress hat Arjan en wat is der te dwaan yn Frjentsjer as der net iens in boekwinkel is? Krystfilms, advint en kattekots stean ek op it programma. Soene wy mei Ryan Gosling op date gean as er foar ús oan it reuzerêd hong en kinst foar al dyn hits oer Makkum telâne by Zea? Ek...

Kulinêr en Kultureel 09.11.2023

Hoe smakket sûkerpoes? Wy sjogge oft de hype terjochte is. Ek teste wy in lekker gerjocht út it itensiedersboek fan Yvette van Boven en priuwe wy koeke fan de mûne yn Surhústerfean. Dit allegearre wylst wy foarlêze út moaie boeken en spannende ferhalen. Under oare Sido Martens oer koarsten en De Jonge, De Mol, De Foks en It Hynder. Ek steane wy stil by d e lytse Gysbert yn 'e bernemoanne en prate...

Sûnden en demoanen 23.10.2023

Bulten poëzij yn de nije (stam)podcast; leafdesgedichten en finzenis-fersen fan Henk Dillerop, bistachtich nij wurk fan Beatdichter Pier Boorsma, Anne Feddema roeit Cambuur nei de top, Gabrielle lit har ynspirearje troch Gysbert Japicks en leit Arjan út wat Ghoste is. Mar it belangrykste nijs: Gabrielle wurdt gjin stêdsdichter fan Ljouwert, want … no harkje sels mar. Wy tippe Annemarie Lindeboom!...

In nij seizoen 09.10.2023

Wy binne werom! Hawwe wy in skat fûn fan Tjebbe Hettinga? Is dit in low-enerzjy podcast of fine we ús enerzjy werom? En foaral, wa wurdt de nije Dichter Fan Fryslân en wy wyne lekker yn it dichterkafee! Poezy dy 't Arjan skreau op strjitte, haikus en de Cevennes. In vage útlis oer in film en boeken oer hurdrinnen fan Sido Martens. En we steane stil by Durk van der Ploeg en Explore The North.

Fakânsje 20.07.2023

Spoken word, poëzy & metal, wat bard der allegear yn de studio fan Schaaf? Annemarie Lindeboom leit it ús út. Gabrielle (no professor yn de popkultuer) hat noch nea in Spiderman-film sjoen, mar sil al nei Barbie èn Oppenheimer. We harkje nei Foppe Land syn foardracht yn de Gouden Leeuw op 16 maaie. Sjogge koart werom op Arjan syn bondelpresintaasje. Selfhelpboeken: wêrom binne wy nea goed genô...

No sa 06.07.2023

Ritme, regelmaat en biggemolke. Arjan hat syn lêste rit oant djip yn de Fryske Wâlden hân mei boargemaster Oebele Brouwer en syn Walddichterskip sit der no echt op. Gabrielle is nei alle gedachten ôfstudearre as dit online komt en wie foar it earst yn har libben yn Berlyn. Der is muzyknijs oer Nyk de Vries, de Tigers fan Greonterp en der is lang om let wer ris in Frisian Metal Massacre LP útkaam!...

Simmerhjitte 21.06.2023

"Simmertrillers, Meindert Talma, Grutte Computers & Connie Harkema. De simmer is los! Gabrielle fytst gefaarlik mei de telefoan yn de hân en by de spoarwei-oergong sit in man mei in skyld gesicht. Arjan hat in nije bondel, mei gedichten oer de tiid: Ien tel de ierde stil. Vikings binne eins mar domkoppen, en we sykje om in ferdwûne dichteres: Jeannette Dopbergen. En in soad fragen. Libbet Bruc...

Fryske Slam 20.05.2023

Woansdei 24 maaie is it safier, de Fryske Slam! By dizze stelle we alle dielnimmers foar, op Syds Wiersma nei, mar dy stelle we gewoan oldskoalle foar aanst!

Slammen 10.05.2023

De Dichter fan Fryslân is te gast, mar Sigrid sjocht Kriebelvisje op tafel lizzen en kin al gau net mear ophâlde fan lêzen. Tegearre mei Gabrielle hat sy de earste offisjele Fryske Slam organisearre, en we sjogge ek foarút nei de útfiering fan Katharsis takom wike yn De Gouden Leeuw. Gabrielle hat al oefene live op tv by de Omrop, by VNN yn de herstelkelder en yn it eksoatyske Etten-Leur. Arjan ha...

Wurdkar 26.04.2023

Watfoar krêft hat de taal dy 't we brûke en de wurden dy't we kieze? Wat as dat net strookt mei ús wearden? Gabrielle harke dizze wiken net folle muzyk, mar in soad harkboeken wylst Arjan just in soad muzyk harke en LP's kocht en in kadootsje krige. Ek gie Arjan nei Slieker foar de film Goodbye Stranger, dy 't ek syn lilkens tsjin streamingstsjinsten triggerde. Gabrielle is noch hieltyd drok mei h...

Nacht fan 'e filosofy 19.04.2023

Foar dizze spesjale ôflevering wiene wy te gast yn Dbieb op 'e nacht fan 'e filosofy! Hjir namen we de ôflevering op en praten we mei ferskate minsken, lykas libjende boeken mei titels as; Afgekickt, Maatschappelijk Blind en Vluchteling. We rekken yn petear mei Marjolijn van Heemstra oer de romte, Mei Mounir Samuel oer taal en foaral ek oer de sin fan it libben mar Fokke Obbema fertelt ús dêr mear...

Gleone koppen 29.03.2023

Wy wurde in bytsje depressyf fan alle aaklike reaksjes op Facebook ûnder nijsberjochten, wêrom is elkenien sa lilk? Bygelyks oer in plestik clitoris, men liket wol hieltyd preutser en konservativer te wurden en dat stimt ús swiermoedich. Sels yn it echt ûntkomst net oan skombekkende gleone koppen. Der is in Estlânske dichteres op besite yn Ljouwert, Arjan liet har de stêd sjen en rûn dêrby ien út...

De stêd 09.03.2023

Gabrielle wie jierdei en gie nei de film yn Antwerpen, Arjan fûn in boek fan Pieter Terpstra en ferlear himsels yn reinige stedsbylden. Fierder hawwe wy it oer de Fryske Vinyl Club mei Femke Oevering, it flamske filmtydskrift Vertigo, gûlen yn de bioskoop, fergiene gloarje en steane wy stil by it oerlieden fan Arjan's poes Desi.

Listen to the Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.