Terpstra & Hut

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Arts NL ↓ 56 Folgen

Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer. Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie. Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se...

Autor

Terpstra & Hut

Kategorie

Arts

Podcast-Website

www.netferkeard.frl

Neueste Folge

9. Jul 2026

Wo hören?

Podcasts in der App Replaio Radio Bald verfügbar

Podcasts kommen bald in die App. Installiere sie jetzt und erlebe als Erster einen ganz neuen Blick auf Podcasts

Bei Google Play herunterladen Kostenlos installieren Android 5 Mio.+ Downloads · Bewertung 4,8 iOS bald

Folgen

De grutte shift 09.07.2026

Driuwt ús podcast hielendal rjochting sport en polityk of kinne we der noch wat kultureels fan meitsje? Arjan trof Gabrielle mei in aaiwytshake by de podcast wylst er sels ek aardich beswit fan syn eigen moarns-rûtine oankaam. Wy freegje ús ôf oft de skriuwersfakskoalle opdoekt wurde kin en hawwe it oer de films dy't wy seagen. Hein Jaap Hilarides komt moarn mei in nij boek dy't presintearre wurdt...

Metallica en Mata Hari 15.06.2026

Arjan hier hast in tattoo! en Gabrielle gie nei Pitfest, dêr't it der wyld oan ta gie, hast as by de burenruzie yn Burgum. Wy steane stil by it ferstjerren fan Lieke Marsman, en Arjan draacht in oerset gedicht fan har foar. Gabrielle lêst Yesteryear fan Caro Claire Burke en is entûsjast en Arjan fytste nei Boksum om in boek fan Ulbe van Houten te lêzen. Wa hat de Gjalp wûn en wa de Rely? Hoe dan e...

Romantysk-Apokalyptyske Sportcast 14.05.2026

In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begûn it goed mei in gedicht fan Pieter Zijlstra út de nijste Ensafh. Dêrnei gong it rap oer ús sportprestaasjes, sa fytste Gabrielle de Alvemarretocht en rûn Arjan Loop Ljouwert. Ek âlde media komme foarby, Gabrielle kocht in soad nije cd's út har eigen tiid en Arjan praat oer syn discman, hokker cd's hy harket en wat foar muzyk hy seach op 5 maaie. Gab...

neaken 21.04.2026

Gabrielle fytste in fytstocht mei museum martena, it wie recorstoreday, wat foar platen kochten wy? Arjan gong nei de earste Dada optocht. Project Hail Mary, Obe Postma en Slauerhof

Foarjier 07.04.2026

Peaske is foarby, tiid om noch efkes nei te genietsjen mei dizze podcast fol foarjierspoëzij fan ûnder oaren Tryntsje van der Steege en it boek In hazze yn ’e hûs . Arjan gie sûnder tarieding nei in workshop op it Marne College yn Boalsert en ferlear dêr de bondel fan Tjeerd Bruinja. Gabrielle gie nei in wetterdiner yn it Woudagemaal en iet dêr hiel bysûnder, mar foar Arjan klinkt it as in nachtme...

Hege Piken, Djippe Dalen 04.03.2026

Gabrielle wurket aanst net mear by Van der Velde, mar giet wol nei de ynternasjonale boekebeurs. Arjan betocht hiele goeie ideeën ûnder de dûs en draacht in gedicht foar dêr’t syn foardraach-ynspiraasjeboarne dúdlik yn nei foaren komt. It is moai waar mar hoe nimst eins it measte fitamine D op? Gabrielle en Arjan seagen de film Sirat en beprate ek oare kânshawwers foar de Oscars. Se dogge in foars...

Fryske Nepo-Babys & Mear Mayhem 06.02.2026

De Poëzieweek is foarby, mar Gabrielle en Arjan sjogge noch efkes werom. Sa droegen se foar yn in snie-eftich, pitoresk Harns, hie Gabrielle in literêr etentsje en gie Arjan nei Balk. Ek wiene se by de Grutte Gedichtejûn, mei 33 dichters en Mayte. Arjan ferdjippet him yn in boek oer JFK en Gabrielle sjocht in protte films. Fierder giet it oer Fryske nepo-baby’s, skriuwersbiografyen, de nije stedsd...

paranormale saken 07.01.2026

Wy hearre bernestimmen troch de podcastmikrofoan, mar der is gjin bern te sjen. Arjan hat wolris in geast sjoen, yn Gordyk wurde UFO’s spot en Gabrielle hat in ferflokt boek by har. Hoe rint dit ôf? Arjan makket wat heftichs mei yn ’e bus, Gabrielle glydt hast fan ’e dyk yn in Dútske sniestoarm op ’e Autobahn , mar ûntdekt dêr wól nije muzyk! Ek prate wy oer Slacker , de films fan Anders Thomas Je...

jieroersjoch 17.12.2025

Wy binne werom mei in jieroersjoch oan'e hân fan jierlistjes. Wat binne ús favorite films, muzyk, boeken en live-optredens fan it jier?

In Dei Tenein 26.11.2025

tbc

Dêr binne wy wer 08.10.2025

It is in hiel skoft lyn dat de podcast der wie. Mayte wûn Liet, Elmar de Gysbert en Gabrielle en Arjan wiene yn Snits.

Witst noch 03.07.2025

Gabrielle en Arjan hawwe de ôfrûne tiid in soad optreden en presintearre. Se stean stil by de Fryske Slam, Diele fan it Waad en PlayGround yn Harns. Se diene ek aardige dingen, Gabrielle liet in tattoo sette op de tattoo konvinsje yn Grins en Arjan gong nei Alexander Moto yn Neushoorn. Wy hawwe it oer pimel protezes yn films en lêze wer stikjes út ferhalen en poëzy. Uo fan Meindert Talma, Obe Post...

Fan Lyts Gelok nei Grut Geweld 01.06.2025

Gabrielle lêst in ferhaal fan Tsead Bruinja foar oer sterilisaasje, dat se hearde by Dichter op de Deel as ûnderdiel fan Lyts Gelok. Arjan fertelt oer syn eigen ûnderfiningen mei sterilisaasje. Hy tocht efkes dat er in wolf seach, mar it wie ús spesjale gast Spock. Wat draait der yn it filmhûs? Gabrielle jout tips. Arjan fertelt oer syn skoalreüny. Arjan lêst in metalgedicht foar en in stikje út J...

Wittenskippers binne skokt troch dit feit 01.05.2025

🎙️ Wittenskippers binne skokt: Gabrielle en Arjan meitsje wer in podcast! Gabrielle is klear mei har manuskript en giet nei de skriuwersarke, wylst Arjan bliid is dat hy der net hinne hoecht. Arjan wurket no faak mei Marrit Jellema, dy’t ek krekt har manuskript ôf hat. Wat dochst eins as in manuskript klear is? Arjan mocht foar €100 oan boeken keapje en die dat ek: fan Oroppa fan Saffae el Khannou...

Taal en missende wurden 17.03.2025

Krekt doe't Ilse Vos te gast wie, dy't sels it podcasten leare woe, is ús opname skansearre rekke! Wy hawwe de helte rêde kinnen, sa hearst in fragmint fan Ilse har gedicht oer taal, dy't har tinken docht oan nutemiks en in part fan in gedicht fan Arjan yn de bus. Ek hearst oer Marokko, Lettertreffen en it nije prosint fan útjouwerij Frysk en Frij.

Rispjen fan 'e Twirre 06.02.2025

Marian Hulshof skreau de biografy oer Jacobus Q Smink Poëzij fan: Janneke Spoelstra, Gabrielle Terpstra, Geart Tichgelaar, Jacobus Q Smink Black Metal: Helleruin De Grutte Gedichtejûn fan Ensafh Films: Queer, Red Rocket

Dada & Drachten 21.01.2025

Erik de Boer is te gast om te praten oer syn gemeentedichterskip. Hy draacht ek it gedicht foar wêrmei't er it wurden is. Arjan wie jierdei, mar hie problemen mei Facebook en syn kat Purrito. Gabrielle gie mei Erik nei Antwerpen, wêr't ek in man yn in bearnepak wie. Arjan besprekt it oeuvre fan de ferstoarne David Lynch, dêr't er ek tige fertrietlik oer is. Gabrielle seach de film Babygirl en Erik...

20 jier nei 2005 08.01.2025

It is 2025, 20 jier nei 2005. De tiid dat minsken noch gjin telefoan yn 'e bûse hiene – útsein Gabrielle, dy't der al ien hie. Arjan net, en hy hat der no noch gjinien. Wy lêze poëzy foar út 2005 fan Pier Boorsma, doe't er noch jong wie. Gabrielle wie yn it Brouwdok foar in optreden fan Hannah Hoogsteen en Minne Pryster. Arjan fertelde hoe’t er by LIET in priis wûn hat, wylst Gabrielle fertelt oer...

Pussy, pussy, pussy 20.12.2024

Wy sjogge werom op it jier. Wat wiene ús favorite films, boeken, muzyk en optredens? Fan Jaimy Hihaho op Asgaard, oant Bert de Vries yn Amsterdam, we nimme jim mei it jier troch. Ek steane we stil by de presintaasje fan Syds Wiersma ôfrûne wykein en by de film Anora.

Johanneke en Gabrielle 08.12.2024

Fryske films Yn dizze extra ôflevering fan de podcast, ta eare fan Fryske films, giet Gabrielle yn petear mei filmmakker Johanneke Dijkstra oer har yndrukwekkende film Kriich . Dizze film jout in nije blik op de striidlust dy't sa ferbûn is mei de Fryske skiednis en stelt de fraach: hoe sit dat no yn ús moderne tiid? Johanneke fertelt oer it meitsjen fan de film, har fisy op Fryslân en de krêft fa...

Paddo's & échte Poëzij 05.12.2024

Arjan is wer hielendal better, en dat fiere wy mei in nije ôflevering. Gabrielle kocht by Explore The North Waar Iemand Woont, de debútbondel fan Richard Nobbe. Se lêst in gedicht foar en besprekt mei Arjan de opfallende en keunstsinnige kanten fan ’e bondel. Gabrielle kocht Paddenstoelen yn Nije Lije en leit oan Arjan út wat Nije Lije eins is. Sels paddenstoelen sykje fynt se wat te spannend, dus...

Gabrielle en Elmar 21.11.2024

Yn dizze ôflevering fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard nimt Elmar Kuiper plak oan de mikrofoan, want Arjan is siik. Elmar fertelt oer syn jeugd by de fleanbasis – in tiid fol spanning yn in paradys, dêr’t syn nije bondel ferlosboartsje ek oer giet. Ticht by dysels bliuwe as dichter, hoe dochst dat? Wy prate oer hoe’t sosjale media de wrâld hiel swart-wyt makket mar hoe’t poëzy minsken...

Orgies en Slachtpartijen 06.11.2024

Yn de nijste ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard" skoot Marleen Nagtegaal oan, kreatyf direkteur fan Explore the North. Se nimt ús mei yn de wrâld fan de ferwûnderkeamer , in bysûnder projekt dêr’t jonge, talintearre dichters harren litten ynspirearje troch de bondel Reade Runen fan Ella Wassenaar. Dit projekt is te sjen op Explore en yn Brussel, by De Buren. Wy fantasearje...

Metal & Dolfynen 23.10.2024

🎙️ Nije ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard" 🎙️ Dizze kear ha wy in bysûndere gast: Mike, de bassist fan de blackmetalband Drôvich ! Hy iepenet de podcast mei in poëtyske songtekst dy't de sfear set foar in fassinearjende ôflevering. Gabrielle woe nei Ljouwert fytse, mar krige in lekke bân by Slappeterp. Gelokkich is der ek hûnenijs ! 🐾 Arjan krige kommentaar op syn nijste...

kroanleas en bleat 09.10.2024

Yn dizze ôflevering fan 'Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard' poëzij fan u.o. Joost Oomen. Wy wolle Oranjekoeksalade op it Frysk Ynstitút yn Brussel, wêr Gabrielle wy foar Transpoesie. Wy prate oer droege woarst en de woarst hingje litte oant it hast in mummie is. 🥩 Wy prate oer de tol fan it sukses en de drokte dy’t dichters ûnderfine, en it byld fan de dichter as immen dy’t drinkt, neukt...

Höre den Podcast Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard in Replaio

Radio und Podcasts in einer App - kostenlos und ohne Anmeldung. Installiere sie noch heute und verpasse den Start nicht

Bei Google Play herunterladen

Replaio ist kein Herausgeber von Podcasts; die Namen der Sendungen, Cover und Audioinhalte gehören ihren Autoren und werden über öffentliche RSS-Feeds verbreitet