Omrop Fryslân

Buro de Vries (Podcast)

News NL ↓ 374 episodes

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Be sure to visit the podcast's website and support the creator: argyf2.omropfryslan.nl

Author

Omrop Fryslân

Category

News

Podcast website

argyf2.omropfryslan.nl

Latest episode

Oct 4, 2026

Where to listen?

Podcasts in the app Replaio Radio Coming soon

Podcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts

Get it on Google Play Install for free Android almost 10M downloads · 4.8 rating iOS soon

Episodes

It Nijsfoarum mei Charda Kuipers en Johan Talsma 22.01.2023

It Nijsfoarum fan Buro de Vries. Dizze kear mei Charda Kuipers, steatelid en listlûker fan GrienLinks, en Johan Talsma, riedslid fan BVNL Noardeast-Fryslân en provinsjaal listlûker.

It nijsfoarum mei Jan-Willem Tuininga, Sandra de Jong-Snip en Hayo Bootsma 15.01.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei mei Jan-Willem Tuininga (FNP), Sandra de Jong-Snip (Provinsjaal Belang Fryslân) en Hayo Bootsma (sjoernalist).

It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Jenny Douwes en Arjen Mintjes 08.01.2023

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Mirka Antolovic, direkteur fan antydiskriminaasjeburo Tûmba en PvdA riedslid yn Ljouwert, Jenny Douwes, ûndernimmer yn in mannewrâld en Arjen Mintjes, direkteur fan de maritime akademy yn Harns.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de taname fan de ynset fan de KNRM, wol of net in landelik fjoerwurkferbod, sanksjes tsjin Iran,...

Piet en Helma Adema: "Famyljebelang offerje wy net op foar ministersfunksje" 25.12.2022

"As myn pakesizzers 'belaagd' wurde om it wurk dat ik doch, dan is de grins berikt." Dat seit Lânbouminister Piet Adema yn in lang petear dat it radioprogramma Buro de Vries mei him en syn frou Helma hie. "As de bernsbern op it skoalplein lêst krije fan it feit dat harren pake Lânbouminister is, dan is de grins berikt. It famyljebelang offerje wy net op foar myn funksje." Wisse wurden fan in man d...

It nijsfoarum mei Jan-Willem Tuininga, Mariëlle Nijland en Joyce Walstra 18.12.2022

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Mariëlle Nijland dy't har ynset foar de dupearre âlders yn de taslaggeaffêre en Joyce Walstra fan MKB Noord. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de ferûnderstelde meineed by de parlementaire enkête oer de taslaggeaffêre, de leaneask fan mear as 14% dy't it FNV wol om de...

Jan Bakker, "Jan PSP" en syn striid foar Ingelum 13.12.2022

'Jan PSP', sa waard er neamd yn it doarp. Op 21 septimber kaam Jan Bakker op 88-jierrige leeftiid te ferstjerren yn in fersoargingshûs yn Boalsert. Buro de Vries bringt syn ferhaal yn de rige 'Ut it Libben'. Dat er 'Jan PSP' neamd waard, is gjin wûnder, want fan 1962 oant 1974 siet Bakker foar de Pacifistisch-Socialistische Partij (PSP) yn de rie fan Menameradiel. Op dat plak sette hy hi...

It nijsfoarum fan Buro de Vries fan 11 desimber 11.12.2022

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Romke de Jong, Betty de Boer en Bearn Bilker.

It nijsfoarum fan Buro de Vries 04.12.2022

Yn it nijsfoarum beprate Ria Kraa(haadredakteur Friesch Dagblad), Harry Oosterman (âld boargemaster en no foarsitter wolvekommisjes) en Harry Bevers(Twadde Keamerlid VVD) it nijs fan de ôfrûne wike. It giet oer Oranje, Thialf, amateursport en jild en Oekraine.

Nije ynformaasje oer de 'Eanjumer pensjonmoarden' fan 1997 yn nij boek 30.11.2022

25 jier nei dato ferskynt der in boek oer de dûbelde moard yn Eanjum. Op it terrein fan pensjon Het Station waarden mei de krystdagen fan 1997 twa lichems fûn. Pensjonhâldster Marianne van der E. waard as skuldige oanwiisd. Yn it boek 'De heks van Anjum' beskriuwt sjoernalist Margriet Brandsma wiidweidich hoe't de situaasje doetiids yn Eanjum wie. Troch petearen mei freonen krijt de lêzer in...

Gerard de Jong skriuwt de allerearste Bildtske roman 28.11.2022

Der wurdt wol skreaun yn de Bildtske taal: oant ferline jier wie dêr noch de Biltse Post en der binne kollumnisten dy't Bildtsk skriuwe. Mar in Bildtske roman wie der noch net. Dat is feroare, no't Gerard Marcel de Jong - de eardere haadredakteur fan de Biltse Post - syn roman "Blau fan dagen, griis fan ônrust" skreaun hat. De roman spilet foar it iene part op it Bildt en foar it oare part yn Bask...

it Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Otto van der Galiën en Patrick van 't Haar 22.11.2022

It nijsfoarum, mei dit kear te gast PvdA twadde keamerlid Habtamu de Hoop, riedslid en wetterskipsbestjoerder Otto van der Galiën en LC sjoernalist Patrick van't Haar. We hawwe it oer de oarloch yn Oekraïne en de winter dy't foar de doar stiet, it WK fuotbal mei SC Hearrenfeankeeper Andries Noppert yn de goal en wol of net in statement ôfjaan, de opkeapregeling foar boeren en gjin festivals mear y...

It nijsfoarum fan 13 novimber 2022 13.11.2022

It nijsfoarum, mei dit kear te gast fraksjemeiwurker Femke Wiersma fan de Boer Burger Beweging, Frank Petersen fan de Waadferiening en Tom van Mourik, âld boargemaster yn Smellingerlân en Menameradiel. We hawwe it oer Amearika, wynmûnen en de klimaattop.

Warkumer Ilan Palstra oer beklimming fan mear as 8000 meter hege Manaslu yn Nepal 07.11.2022

Muzikant en berchbeklimmer Ilan Palstra út Warkum woe 'de berch fan de siel' beklimme, de 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. It waard 'de berch sûnder top'.It is de berch fan de siel. De 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. Ilan Palstra woe dy berch beklimme. Earder hie er ek al oan ekspedysjes meidien. Bergen fan mear as 6000 meter en ek ien fan mear as 7000 meter. Dat binne gjin lytskes. Mar de berc...

it Nijsfoarum fan Buro de Vries 06.11.2022

Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66 twadde keamerlid), Attje Meekma (CDA steatelid) en Gerben Gerbrandy (âld senator en âld boargemaster, FNP-er) oer de stikstofútspraak fan de Ried fan Steate en de gefolgen foar de bousektor en de boeren, it AZC yn Ljouwert en de ekskuses dy't oanbean wurde sille foar ús slavernijferline.  

It Nijsfoarum mei Tjebbe van der Meer, Hanneke Goede en Jenny Douwes 30.10.2022

Yn Buro de Vries praat it Nijsfoarum mei Tjebbe van der Meer (fraksjefoarsitter fan it CDA yn Smellingerlân) Hanneke Goede (listlûker foar de SP yn Provinsjale Steaten) en Jenny Douwes (ûndernimmer), ûnder oare oer de enerzjykrisis en it betrouwen yn de polityk.

Nijsfoarum 23 oktober 2022 23.10.2022

It nijsfoarum mei Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert,  Irene Overduin is sjoernalist by de Ljouwerter Krante en Douwe Beimin is fan it PAS, it Platform voor Armoede en Schulden. Underwerpen: Earmoed en de oanpak derfan, de sitewaasje yn Grut-Brittanië, Oekraïne en Iran. . 

It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Oebele Brouwer en Danny van der Weijde-Hoogstad 16.10.2022

Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries sieten Eke Folkerts, selsstannich ûndernimmer mei bestjoersfunksjes yn lânbou en wetterskip; Danny van der Weijde-Hoogstad, provinsjaal listlûker D66 en Oebele Brouwer, boargemaster Achtkarspelen.

It nijsfoarum mei Harry Bevers, Albert van der Ploeg en Tineke de Vries 10.10.2022

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries wiene te gast: Harry Bevers (Twadde Keamerlid foar de VVD), Albert van der Ploeg ('bestjoersboer') en Tineke de Vries (foarsitter fan LTO Akkerbouw en Vollegrondsgroente).

Tjitske Hylkema út Drylts oer it ferlies fan har twa bern 09.10.2022

De herinnering oan Jente en Jitze, twa jonkjes fan Peter en Tjitske Hylkema út Drylts, moat libben bliuwe. Tjitske fertroude dêrom it ferhaal fan beide bern oan it papier ta. It is ien fan de tolve ferhalen yn it boek 'Wij zijn nooit voorbij' dêr't âlders yn beskriuwe hoe't se har bern ferlern hawwe en wat dat mei harren docht. Jitze hat in seldsume stofwikselingssykte. Hy is, wrâldwiid sjoen...

It nijsfoarum mei Tjeerd de Groot, Edou Hamstra en Albert van Dijk 02.10.2022

Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum - mei twadde keamerlid Tjeerd de Groot (D66), PvdA listlûker Edou Hamstra en FvD steatelid Albert van Dijk oer de enerzjytransysje, de boeren, it klimaat en de 'kwesje Arib'. 

It nijsfoarum mei Avine Fokkens, Habtamu de Hoop en Piet Fortuin 25.09.2022

Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum - mei deputearre Avine Fokkens (VVD), Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) en CNV-foarsitter Piet Fortuin - oer it gebrek oan fertrouwen yn de polityk en de gefolgen dêrfan.

It nijsfoarum mei Harry van der Molen, Femke Wiersma en Jouke Douwe de Vries 18.09.2022

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries praten Harry van der Molen (CDA twadde keamerlid), Femke Wiersma (nûmer twa fan de Boer Burger Beweging) en Jouke Douwe de Vries (wethâlder foar S!N yn Noardeast Fryslân) oer de enerzjykrisis, de problemen op Skiphol, de provinsjale ferkiezingen en de wenkrisis. De foarumleden wiene it ferrassend faak mei inoar iens.

It libbensferhaal fan Rimmer Mulder 04.09.2022

Ald-haadredakteur Rimmer Mulder fan de Ljouwerter Krante groeide op yn Drachten. Mei noch acht broers en sussen en in heit dy't boufakker is, hat it gesin it net breed. It grifformearde leauwen spilet in grutte rol: Mulder giet nei de grifformearde skoalle en giet sneins nei tsjerke. De lytse Rimmer kin goed leare en it haad fan de legere skoalle soarget derfoar dat er nei de HBS giet, eat dat yn...

It libbensferhaal fan Aly van der Mark 28.08.2022

Ald Omropkollega Aly van der Mark is berne yn Rotterdam. As 1-jierrich famke makke se it bombardemint mei. Nei de oarloch koe Aly har heit plysjeman yn Fryslân wurde en ferhuze de famlyje nei Aldskoat. Yn in hûs tsjinoer dêr't no iisstadion Thialf stiet, wennen de Van der Marks. Oer de oarloch waard doe eins net mear praat. Eat dêr't Aly letter spyt fan hie. Dochs skreau se noch wol in boek oer ha...

It libbensferhaal fan Anne Tjerkstra 21.08.2022

Ald skûtsjeskipper Anne Tjerkstra  is berne op in skûtsje mar komt op seisjierrige leeftiid oan'e wâl te wenjen. Heit krijt gauris oar wurk en sa ferhuzet it gesin faak: fan Terherne nei Ritsumasyl en dan nei de Jouster slús. Anne Tjerkstra is in echt bûtenbern: fiskje, aaisykje, poere, huttenbouwe en fansels simmerdeis mei de hiele famylje fjirtjin dagen lang skûtsjesile. Hy fertel...

Listen to the Buro de Vries (Podcast) podcast in Replaio

Radio and podcasts in one app - free, with no sign-up. Install today and do not miss the launch

Get it on Google Play

Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.