Omrop Fryslân
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Bezoek zeker de website van de podcast en steun de maker: argyf2.omropfryslan.nl
Auteur
Omrop Fryslân
Categorie
Website van de podcast
Nieuwste aflevering
4 okt. 2026
Waar luisteren?
Podcasts in de app Replaio Radio Binnenkort beschikbaarPodcasts komen binnenkort naar de app. Installeer nu en zie als eerste een compleet nieuwe kijk op podcasts
Afleveringen
It libbensferhaal fan waarman Klaas Ybema 21.07.2024 50:02
Hjoed it libbensherhaal fan waarstatistikus en skriuwer Klaas Ybema. Al mear as 50 jier mjit hy alle dagen it waar. Syn fassinaasje foar dat waar begûn doe't hy in lyts jonkje wie en opgroeide op in pleats op 'e romte flak efter Wytmarsum. Klazina Hofstee gie mei Klaas Ybema werom nei it plak fan syn jeugd.
It libbensferhaal fan aktrise Marijke Geertsma 07.07.2024 56:27
Buro de Vries giet dizze simmer mei bekende, âldere Friezen werom nei it doarp of de stêd dêr't se opgroeid binne. Dêr wurde herinnerings ophelle en prate we oer it Libben. Mei aktrise Marijke Geertsma binne wy yn Jobbegea tredde slûs. Se fertelt oer har bernejierren, har karriêre as beukerjuf en aktrise, it al of net skieden hâlden fan privee en wurk, gelokkige tiden, drege tiden en de less...
Hagar Neter oer har protest tsjin de oarloch yn Gaza 30.06.2024 21:13
Protestearje tsjin je eardere regearing. De Israelyske Hagar Neter docht it fan Minnertsgea út. Tagelyk fernimt se dat prate oer de oarloch mei freonen en famylje út Israël noch altyd dreech giet. "Ze zijn gebrainwashed." Al 23 jier wennet Neter yn Fryslân. Dochs lit Israël har net los, hielendal net no't de oarloch tsjin Hamas yn Gaza wer bot oplaaid is. "Ik word er mee wakker en ga er mee slapen...
In rûntsje om 'e tsjerke kuierje mei Fokko Bosker 30.06.2024 20:21
Stichting Tsjerkepaad bestiet 20 jier en dat fiere se mei in bysûnder kuier- en fytsboek, makke troch kuiersjournalist Fokko Bosker. Yn it boek "Rondjes om de kerken" steane 26 pylgersrûtes yn Noard-east Fryslân. Klazina Hofstee trof Fokko Bosker flakby de Mariatsjerke fan Oentsjer en makke in rûntsje om dy tsjerke...
Robert Adjiet oer syn boek "Van de Vrijheid en de Fries" 23.06.2024 13:34
Wat is fryheid en wêrom wol in Fries sa graach fry wêze? It binne fragen dy't skriuwer Robert Adjiet himsels stelde doe't hy in pear jier ferlyn kaam te wenjen yn Harns. Adjiet, berne yn Suriname en opgroeid yn Bûtenpost, hat jierren yn de Rânestêd wenne en dêr fielde hy dy fryheidsdrang by de minsken om him hinne hielendal net. Wêrom dan wol yn Fryslân? Robert Adjiet gie op syk nei skiednisferhal...
Ut it Libben: Rinse Strikwerda (1946 - 2024) 23.06.2024 25:50
'In topûndernimmer mei in fin mear as in bears', sa wurdt Rinse Strikwerda typearre. Strikwerda ferstoar yn maaie en wie doe, mei in fermogen fan 1,7 miljard euro de rykste Fries, neffens it sakeblêd Quote. Hy waard ryk mei de ferkeap fan in IT-bedriuw en mei tal fan ynfestearings. Yn Wytmarsum begûn Strikwerda 25 jier lyn op in grutte, moderne pleats mei buorkjen. Buro de Vries sjocht dêrop werom...
Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden diel 2 16.06.2024 13:10
Boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbehear rint mei it Buro troch de Twizeler Mieden by Bútenpost. Ferline wike fûnen we yn it wetter seldseme soarten mei de prachtigste nammen lykas it Bargesturtsje en Sint Jans Sompekrûd. No sjogge we wat der allegear groeit en bloeit op de drûge stikken fan de Twizeler Mieden.
Melkfeehâlderij moat ekstinsiver fine saakkundigen 16.06.2024 30:30
De melkfeehâlderij yn Fryslân moat 'grondgebonden' en duorsumer mar hat wol in goeie takomst. En de polityk moat minder mei regels en mear mei doelen wurkje. Dat sizze de lânbouadviseurs Johannes Bakker en Oane Galama. Ek demisjonêr minister fan lânbou Piet Adema leaut yn in 'grondgebonden' melkfeehâlderij en wol boeren helpe om de oerstap nei dizze foarm fan buorkjen te meitsjen. Bakker, Galama e...
Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden 09.06.2024 13:01
It is in eksploasje fan de moaiste blommen en planten yn de Twizeler Mieden by Bútenpost. Werstelwurksemheden yn dit natoergebiet dogge fertúten en soargje derfoar dat hyltyd mear seldseme planten har hjir thúsfiele. Buro de Vries gie mei boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbeheer it gebiet yn op syk nei dy planten. De learzens moatte oan want ek yn it wetter is fan alles te finen
In stikje Slachte rinne mei Stefien Smeding 09.06.2024 14:21
Mear as tsientûzen kuierders rinne sneon 15 juny de Slachtemaraton. 42 kilometer rinne oer de Slachtedyk, de âlde seedyk dy't Fryslân eartiids beskermde tsjin it wetter. Ast mei safolle minsken tagelyk de Slachtemaraton rinst, hast net altyd tiid om goed om dy hinne te sjen, whylst hast stroffelst oer de skiednis. Kultuurhistoarika Stefien Smeding fan it Fryske Gea kent de ferhalen fan de Slachted...
Oarloch ferbynt de libbens fan de Fryske Trienke en de Joadske Hagar 26.05.2024 10:57
De fan oarsprong Israëlyske Hagar Neter hie der miskien nea west sûnder de âlders fan Trienke Friso. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat it gesin Friso út Wynterp Joadske ûnderdûkers opnaam, wêrûnder de heit fan Hagar. No hast 80 jier letter, fertelt de njoggentich jierrige Trienke noch altyd oer dy perioade. Tegearre mei Hagar wol se sa de wearde fan begryp en minsklikheid yn libben hâlde. Ferslachjouw...
Minsken mei in beheining ferlizze al fyftich jier har grinzen mei Sailwise 26.05.2024 31:03
Sailwise organisearret al fyftich jier wettersportfakânsjes foar minsken mei in beheining: in lichamelike, in beheining oan earen of eagen of in ferstandelike beheining. It betsjut in wike of langer yn in oare omjouwing, mei oare minsken en aktyf meidwaan oan aktiviteiten as sile, kanoë, suppe en swimme. Yn Ealehuzen hat Sailwise de akkommodaasje 'it Sailhûs'. In grut gebou mei mienskiplike...
Oandacht foar de natuer op begraafplakken yn Noardeast-Fryslân 19.05.2024 11:46
Begraafplakken binne foar in soad minsken in plak fan rêst en besinning. Mar se binne faak wol wat netsjes en oanharke. De gemeente Noardeast-Fryslân wol hjir feroaring ynbringe. Ek foar fûgels, flearmûzen en ynsekten moat sa'n begraafplak in oäze fan rêst wurde. En dus wurdt der fan alles oan dien om dy bisten wolkom te hjitten. Klazina Hofstee gie mei Theo van der Horn fan de gemeente Noardeast-...
50 jier frouljuskeatsen: smoute ferhalen mei in serieuze ûndertoan 19.05.2024 30:26
It frouljuskeatsen bestiet dit jier 50 jier. Op pinkstersnein organisearre keatsferiening Hâld Moed yn Jorwert de earste offisjele wedstriid foar froulju holden. It wie in ôfdielingswedstriid en kin sjoen wurde as it offisjeuze Nederlânsk kampioenskip. Om dit te fieren organisearre de keatsferiening in jûn werby't alle winners fan de Wiebe Koldykpartij, dy't sûnt dy tiid op pinkstersnein ferk...
Wat docht in hast dea ûnderfining mei minsken? It ferhaal fan Douwe, Anne en René. 12.05.2024 32:33
Douwe Reekers, Anne van Randen en René Bekkema hiene in 'bijna dood ervaring'. Se kamen yn in prachtige wrâld mei ljocht leafd en waarmte. Mar moasten werom. It hie grutte gefolgen foar harren libben. Sy binne wis fan harren ferhaal mar de omjouwing kin it faak mar dreech begripe.
Nochris it fjild yn mei Wybren Bruinsma 08.05.2024 9:40
Wybren Bruinsma fan Winsum is gauris yn it fjild te finen, dwaande mei de neisoarch of oan it jeien. It Buro luts dêrom de learzens oan en gie mei him op paad. Yn de Húnser polder, lân fan boer Marten de Jong is in hiel soad te sjen en Wybren mei der graach oer fertelle.
In karakterysk byld: Benita Rinsma mei oan beide hannen in Joadsk berntsje 08.05.2024 10:37
Yn har relatyf koarte libben hie Benita Rinsma hiel wat by de ein: Se wie ferpleechster en stewardes en wurke yn Ynje en Fenezuela. Dat jout wol oan dat se fan aventoer hold mar har grutste aventoeren belibbe sy yn'e oarloch doe't se meiholp by de smokkel fan Joadske bern út Amsterdam nei Fryslân. Yn 1943, doe't yn it hiele lân de deportaazjes fan Joaden op gong kamen, dûkte Henk Kluvers ûnder yn...
De muzikale woartels fan Kaspar groeiden yn de oarlochsjierren yn Abbegea 05.05.2024 21:06
Kaspar - de artystenamme fan Wiebe Kaspers - de 'Ambassadeur fan de Frijheid' foar Fryslân, giet op syk nei syn muzikale woartels en komt in bysûnder ferhaal op it spoar dat begjint yn de oarlochsjierren yn Abbegea. Syn beppe Durkje hat doe nei alle gedachten meisongen yn de Mattheüs Passion yn Abbegea. Yn 1942 waard de Mattheüs dêr útfierd troch in doarpskoar, ûnder lieding fan Jeanne Gerretsen,...
Buro de Vries Europa-spesjal 02.05.2024 42:46
Europa yn Frysk perspektyf; in spesjal mei ûnder mear Piet Adema, Anja Haga, Sjoerd Wijnsma en Raquel Garcia Hermida - van der Walle.
De oarloch liet djippe groeden nei yn it libben fan koerierster Bé de Jong 28.04.2024 10:51
Koerierster Bé de Jong wie yn de oarloch moedich en koelbloedich. Mar letter docht bliken dat dy spannende jierren djippe spoaren neilitten ha: se rekket oan de drank en hjoed-de-dei soene wy sizze dat se PTSS oprûn. Nei de legere skoalle bleau Bé earst thús om foar it húshâlden en de oare bern te soargjen. Letter kaam se te wurkjen yn in winkel en dêr waard se troch in âldere kollega by it...
Pieter sa Hieter, dj op Fryske grûn 26.04.2024 26:19
Wrâldferneamd op Fryske boaiem. Dat is Pieter sa Hieter yn de dance scene. Mei syn eigen fertolkingen fan ûnder oaren it Woanskip en in Nije dei ûnderskiedt hy him op eigensinnige wize fan oaren. Oh en fier oer de grins hoecht it ek net fan him. Sels kom ik noait op sokke parties en sit ek hielendal net yn de dance muzyk. In útdaagjend jûntsje op stap dus twa wike lyn. Mei Pieter en syn maten. Wan...
Mei fjildman Wybren Bruinsma te aaisykjen 21.04.2024 10:33
Wybren Bruinsma fan Winsum is in fjildman yn ieren en sinen. Hy is gauris yn'e greiden te finen, as neisoarger en as jager. "It sit yn myn genen" seit er der sels oer. It Buro luts ek de learzen oan om al aaisykjend, te praten oer greidefûgels, greidefûgelbehear, neisoarch en registraasje.
De tekeningen fan Erna Rozenberg 21.04.2024 16:20
Erna Rozenberg wie in jong Joadsk famke út Ljouwert dat de ferskrikkings fan de oarloch ûntflechte troch te tekenjen. En dy prachtige, kleurrike tekeningen binne no te sjen yn it Historisch Centrum Leeuwarden. Erna hat de oarloch net oerlibbe, se waard yn 1942 fermoardde yn Auschwitz. Net ien wist fan it bestean fan har tekeningen, oan't de Amsterdamse Tonnie Koekkoek se fûn op in rommelmerk. Mei...
De iennige frou by de KP dy't meidie oan wapene oerfallen: Bouwina Meindertsma 21.04.2024 11:32
Har namme komt miskien net yn de skiednisboeken foar as in fersetsikoan, mar komselden hawwe der drystmoediger fersetsfroulju west: Bouwina Meindertsma, berne yn Wytmarsum en lang wykferpleechster west yn Arum. Foar in aventoerlik ynstelde frou as Bouwina wie it fanselssprekkend om har yn te setten foar it ferset. As froulike KP'er (KP stiet foar knokploech, it wie it wapene ferset) naam se d...
Boek fan Adwin de Kluyver oer wûnderlike eilannen 14.04.2024 20:22
Nei twa boeken oer de poalgebieten komt skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert no mei in boek oer eilannen. Yn "de eilanden van goed en kwaad" komme tachtich eilannen oan bod. Eilannen hawwe de Kluyver altiid fassinearre. As jonkje lies hy de boeken fan Robinson Crusoë en Tom Sawyer en fantasearre hy oer libje op in ûnbewenne eilân. In eilân is in wrâld yn it lyts en it is it id...
Vergelijkbare podcasts
Replaio is geen uitgever van podcasts; namen van shows, covers en audio zijn eigendom van hun makers en worden verspreid via openbare RSS-feeds