Omrop Fryslân
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Author
Omrop Fryslân
Category
Podcast website
Latest episode
Apr 19, 2026
Where to listen?
Podcasts in the app Replaio Radio Coming soonPodcasts are coming to the app soon. Install now and be the first to see a whole new take on podcasts
Episodes
It nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66), Mariska Rikkers (BBB) en Max Aardema (PVV) 12.11.2023 47:12
Yn de wiken foar de ferkiezings skowe Fryske kandidaatkeamerleden oan om te praten oer de ferkiezingtéma's dy't foar Fryslân fan belang binne. De kleau tusken Rânestêd en regio, mobiliteit, besteanssekerheid en klimaat komme oan 'e oarder. En ek de persoanlike redenen fan Tjeerd de Groot, Mariska Rikkers en Max Aardema om foar de partij te kiezen dêr't se no foar op de list stean. Fierder giet it...
It nijsfoarum fan 29 oktober 2023 29.10.2023 41:17
Yn it nijsfoarum beprate we dizze wike de sitewaasjes yn Gaza, de misstannen yn Woodbrookers en de ferkiezingsspanning mei gasten: Nathalie Kramers - wethâlder gemeente Ljouwert en wethâlder Sosjaal Domein gesamelike gemeentes Harry Bevers - Twadde Keamerlid foar de VVD en nûmer 27 op de list foar de kommende ferkiezings Rieks Osinga - bestjoerskundige en wurksum op de Thorbecke Academie
it Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Wieke Goudzwaard-Wiersma en Aant Jelle Soepboer 25.10.2023 46:51
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Aant Jelle Soepboer, kandidaat twaddekeamer lid fan Nieuw Sociaal Contract, de nije partij fan Pieter Omtzigt, Wieke Goudzwaard-Wiersma (CDA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert) en Tom van Mourik, âld boargemaster en VVD politikus. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan René Koster oer de oarloch yn Gaza, de kommende twadde keame...
Nijsfoarum: Aant Jelle Soepboer, Tom van Mourik en Wieke Goudzwaard-Wiersma 22.10.2023 46:52
It nijsfoarum fan Buro de Vries op 22 oktober 2023. Te gast wienen kandidaat-Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (Nieuw Sociaal Contract), âld-boargemaster Tom van Mourik (VVD), en Ljouwerter gemeenteriedslid en kandidaat-Twadde Keamerlid Wieke Goudzwaard-Wiersma (CDA).
It nijsfoarum fan 8 oktober mei Hendrik Sijtsma, Irene Overduin en Willem Donker 08.10.2023 46:57
Irene Overduin - sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, Hendrik Sytsma - wethâlder CDA yn Harns en Willem Donker ,foarsitter NVM Fryslân/makelder besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer Israel, Wopke Hoekstra, Woodbrookers en prins Bernhard.
It nijsfoarum fan Buro de Vries 1 oktober 2023 01.10.2023 48:12
Yn it nijsfoarum besprekke (demissionêr) steatssiktaris Aukje de Vries, PvdA steatelid Jaap Stalenburg en foarsitter fan de FNP Jan Arendz de aktualiteiten fan dizze wike. We hawwe it oer Kampanjes, plysje-ynset, Ajax en kearnenerzjy.
Nijsfoarum: Edou Hamstra, Bert Koonstra en Uilkje Attema-De Groot 24.09.2023 47:12
Dizze wike yn it nijsfoarum fan Buro de Vries: Edou Hamstra, Bert Koonstra en Uilkje Attema-De Groot
It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Sieger Dijkstra en Age Hartsuiker 21.09.2023 40:47
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer besteanssekerheid, klimaatprotesten en it iepenbier ferfier.
It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Age Hartsuiker en Sieger Dijkstra 17.09.2023 40:47
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan it Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it iepenbier ferfier, de klimaatkrisis, in AZC yn de Fryske Marren/it Hearrenfean en wenning...
Nijsfoarum Buro de Vries 25 juny 2023 25.06.2023 47:11
Mei gasten Edou Hamstra, jo witte wol, de frou dy't de stekker luts út it koalysje-akkoart en de rest yn ferbjustering achterliet. Onno Falkena, ús polityk ferslachjouwer en duider en ûndernimmer en fêst foarumlid Jenny Douwes. de klapte koalysje-ûnderhannelings de sikehûsplannen yn Fryslân (ien grut sikehûs by de Jouwer en Snits en Hearrenfean ticht op termyn) it opstappen fan Dennis Wiers...
Nijsfoarum: Raquel García Hermida, Jan-Willem Tuininga en Jacob IJsselstein 18.06.2023 44:09
It Nijsfoarum fan 18 juny 2023, mei yn dizze útstjoering Raquel García Hermida, 'Europeaan yn Fryslân' en op kampanje om foar D66 yn it Europeesk parlemint te kommen, Jan Willem Tuininga, de fraksjefoarsitter FNP Ljouwert en Jacob IJsselstein, lid fan it lanlik bestjoer fan BBB Jong. It petear gie oer it lânbou-akkoart en de pykbelestersregeling, mar ek oer migraasje en it klimaat. Fierd...
Nijsfoarum Buro de Vries 11.06.2023 47:08
Yn it nijsfoarum te gast Irene Overduin, sjoernalist fan de LC, Paul Schoute, wethâlder foar de VVD yn Harns en Romke de Jong, twadde keamerlid foar D'66. We hawwe it oer Rutte, gaswinningsdebatten, fargeulen earmoed en migrantedeals.
it Nijsfoarum mei Harry Oosterman, Tjeerd van der Zwan en Sybe Knol 04.06.2023 49:01
It Nijsfoarum fan Buro de Vries praat oer aktuele saken. Lykas de asylsikersproblematyk, de Earste Keamer ferkiezingen, de wolf, it ûntwiken fan it beteljen fan belesting, bedrigings op Twitter en supportersgeweld. Yn it foarum sitte boargemaster Tjeerd van der Zwan fan it Hearrenfean, âld boargemaster Harry Oosterman en FNP fraksjelieder en steatelid Sybe Knol.
Nijsfoarum 21 maaie 23.05.2023 46:19
Yn it nijsfoarum besprekke gastfrijheidsekonoom en hoarakaûndernimmer Geesje Duursma, PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop en wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân it nijs fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer it útstelde lânbou-akkoart, de agresje op de dyk en yn de stadions en de takomst fan de hoareka.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Charda Kuiper Femke Wiersma en Onno Falkena 14.05.2023 1:59:58
Mei Femke Wiersma(kandidaat deputearre foar BBB), Charda Kuiper(fraksjefoarsitter fan Grien Links yn de steaten) en Onno Falkena(polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân) bepraat Simone Scheffer saken as de stikstofkrisis, de wenkrisis, de kwaliteit fan it ûnderwiis, de bed, bad broodregeling en wat fierder noch ter sprake komt.
It nijsfoarum fan Buro de Vries 7 maaie 07.05.2023 47:45
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries beprate CNV foarsitter Piet Fortuin, MKB Noord foarsitter Joyce Walstra en Harry Bevers, twadde keamerlid foar de VVD it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen: stakingsgolf, betinkingen, en Zelensky.
It nijsfoarum mei Frank Petersen, Betty de Boer en Maarten Goudzwaard 30.04.2023 47:46
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Frank Petersen fan de Waadferiening, Betty de Boer, Friezinne om utens en âld VVD twaddekeamerlid en Maarten Goudzwaard, steatelid foar JA21 De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de eareskuldregeling foar Grinslân, de klimaatdoelen fan minister Jetten en de ynstream fan asylsikers. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoer...
Nijsfoarum Buro de Vries 23 april 23.04.2023 46:45
Yn it nijsfoarum binne te gast Mirka Antolovic, direkteur fan Tumba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert. Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert en Albert van Dijk, steatelid foar Forum voor Democratie. Se prate oer omkearde flagen, grinsoerskridend gedrach nei oanlieding fanklachten oer minister Dennis Wiersma en komplotteorieën.
It nijsfoarum fan Buro de Vries 9 april 2023 09.04.2023 40:11
Yn it nijsfoarum besprekke âld boargemaster fan Harns Roel Sluiter, Twadde Keamerlid foar de VVD Harry Bevers en Omrop sjoernalist Onno Falkena it nijs fan de ôfrûne wike. De formaasje yn de provinsjale steaten, hoe stiet it kabinet derfoar en wêr komt de maatskiplike ûnrêst wei?
It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Hendrik Sijtsma en Tineke de Vries 02.04.2023 46:33
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Tineke de Vries, foarsitter fan de LTO fakgroep ikkerbou en follegrûnsgriente en Hendrik Sijtsma, CDA wethâlder yn Harns. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de koälysjefoarming yn de Fryske steaten, de 'pauze' dy't de regearing nimt yn it stikstofdossier, de Tallshipsraces yn H...
It Nijsfoarum fan 26 maart 2023 26.03.2023 39:15
It Nijsfoarum fan Buro de Vries. Dizze kear mei Jaap Stalenburg (PvdA), Femke Wiersma (BBB) en Albert van der Ploeg (CDA).
It nijsfoarum fan Buro de Vries 18 febrewaris 18.02.2023 50:46
Yn it nijsfoarum besprekke we it reinbôgedebat yn de provinsje, de fuortgong yn de formaasje, de kosten fan de ôfslutdyk-renovaasje en de dea fan Navalny. Foarumleden op dizze snein binne: Wieke Goudzwaard - riedslid CDA gemeente Ljouwert Dirk Visser - riedslid PvdA gemeente Ljouwert Martijn Brands - VVD Steatelid
Similar podcasts
Replaio is not a podcast publisher; show names, artwork and audio belong to their authors and are distributed through public RSS feeds.